Op FaceBook hie ‘k der al efkes melding fan makke, mar hjir noch net. In pear wike lyn ha 'k de nije cd fan Gerrit Breteler heard, dy't earne yn it foarjier ferskine sil.
Geweldige skiif.
Nóch better, wol ik leauwe, as syn earsteling 'Lit ús dêrom drinke' (út 2004 alwer). Gerrit is ien fan it hantsjefol minsken yn de Fryske muzyk dy't werklik wat te melden hat. Foar it cd-boekje ha ik koarte ynliedinkjes skreaun op de nûmers.
Hielendal geweldich is dat foar ien fan de nije nûmers de tekst fan myn fers 'Duorsumens' brûkt is. Fansels is dat it bêste nûmer op de skiif! It fers is earder al publisearre as part fan de Koppermoandeiprint 2011 yn de LC en op in ansichtkaart fan it Historisch Centrum Leeuwarden - en no dus op muzyk set.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten