Understeand gedicht wurdt it lêste fers fan de nije, twatalige bondel Ravensulver / Ravenzilver. Wa helpt my by it oersetten yn it Nederlâns? Yn it Frysk foel it rym moai te plak, mar it oersetten fan dit fers, dat mar fjouwer rymklanken hat, is in... útdaging! Help wurdt tige wurdearre en beleane mei fermelding yn de bondel!
Kariatide foar in sânplaat op 'e rin
Ast wer op it wyt boppedek sitst fan dyn
opkalefatere skip, op sa’n maitydsdei
yn in skulp fan eartiids ûnderweis
nei in nij lân, in taflecht miskien,
slacht it seeljocht dy foar even blyn.
Ynienen sjochst de ein fan ’e reis,
it lege perk, dêr’t gysten de wyn
mei twa-tsjes keatst út nêsten faai
foar floeden en ’t tripkjend mûzeskaai
op de stripe sân nammens: it Gryn.
Lân dêr’t gjin timpelskoalle mear stiet
foar it grinsferkear mei de goadin.
Wie it krimpend lusthôf har te min?
En do draachst de wurden fan dyn liet,
it al âlde, dêr’t de sâlte see oan friet:
“Kytera seach ik – mar ’t wie in fersin.
Alle weagen moanjend nei it Fliet
joech Sinte Lusia har in nij begjin
as kariatide foar in sânplaat op ’e rin:
it Gryn, dat sûnder help nei gichem giet.”
.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten