vrijdag 23 maart 2012

KOLLUM (32): Provinsje Fryslân siket oersetters

“Friesland krijgt waarschijnlijk toch een eigen internetextensie.” Dat twittere , tsjittere, tsjettere of tettere de provinsje, lês: de ôfdieling kommunikaasje fan de provinsje, in pear dagen lyn. Moai berjocht! En de provinsje, lês: de ôfdieling kommunikaasje, liet ek efkes witte tige by tige op skik te wêzen mei de mooglike takomstige ekstinsje .frl.

Wy moatte lykwols freze dat de bliidskip allinnich mar foar de bankjes bedoeld is. Wat kin it de provinsje, lês: de ôfdieling kommunikaasje, skele wat der al as net mei sa’n Fryske ekstinsje bart? It Frysk is ommers op it provinsjehûs al sa goed as extinct.

No, no, De Vries. Jo blaze wer in blastich lûd oer it lege lân. Wêr ha jo it eins oer, wêr tsjutte jo eins op?

Stap 1: iepenje jo ynternetbrowser. Stap 2: tik yn: www.fryslan.nl. Stap 3: sykje de knop ‘Frysk’. Stap 4: krij de tillefoan. Stap 5: skilje de ôfdieling… yndie, de ôfdieling kommunikaasje, fan de provinsje Fryslân.

“Ja goeie, jo prate mei Boerstra. Ut Anjum. Ja, jo ek in goeiedei. Ik ha in fraach. In fraach dy’t my eins, as ik it sa sizze mei, raar yn ’e mage omwynt.”

“Dag meneer Boerstra. Nou, uw maag kunnen wij misschien wel wat aan doen ook al zijn wij het MCL niet. Ha, ha, grapje. Zeg het maar.”

“Sjesa, it sit sa, sjoch, no seach ik hjoed op jim site, teminsten, ik nim oan dat it jim site is, mar ik bin der no net alhiel wis mear fan. It giet om de site www.fryslan.nl. Dy is dochs fan de provinsje? Of bin ik dêr mis mei?”

“Nee, Boerstra, helemaal niet, daar bent u helendal niet mis mee. Vindt u het niet een pracht, onze site? We hebben hier een bult volk omlopen dat daar elke dag…”

“Ja, nim my net kwea ôf dat ik der efkes tusken kom, mar moai dat it yndie jim site is. No tocht ik dat de site fan de provinsje altyd twatalich west hat. Jim nijs en jim regels en jim maatregels en jim nije belêstingmaatregels, it stie der altyd yn it Hollânsk mar ek yn it Frysk op. Dat kloppet dochs?”

“Jazekers, Boerstra. Daar heeft u gelijk aan. Maar welke scheet zit u nu precies dwars voor het gat?”

“No, dat sil ik jo oan de noas hingje. Ik wit net hoe’t it by jo dêr yn Ljouwert is, mar by ús hjir yn Anjum binne wy wend dat ás wy wat fan de provinsje witte wolle, wat ek wer net elke dei foarkomt, want wy meie graach ús ierdappels sels skile, dat wy dan efkes jo site oanklikke om te lêzen hoe en wat. Dan binne wy hjir yn it hege noardeasten ek wer by de tiid, no. En dan klikten wy eartiids altyd earst efkes op de knop ‘Frysk’. Want jo ha wol foar ’t snotsje, wy ha hjir yn Anjum al generaasjes lang lêst fan in ûnderwiisefterstân. Dat it Hollânsk, no nee, dat handiget ús krekt wat minder, begripe jo? En no wie it sa, dy hiele knop wie poater.”

“Ja, dat klopt, Boerstra. Onder ons dachten wij al, wanneer zouden ze daar op de dorpen een keer de lucht van opsnuiven.”

“Eehhhh…”

Tút-tút-tút-tút-tút-tút-tút.

De provinsje Fryslân makket buorkundich:

“Voor het eerst beschikt de Raad van Ministers van de Europese Unie over officiële stukken in de Friese taal. Een Friese versie van de Europese hoofdverdragen is 27 september 2011 in Brussel overhandigd aan de Raad. ‘It Ferdrach oangeande de Europeeske Uny' kunt u in het rechtermenu downloaden.”

Tút-tút-tút-tút-tút-tút-tút.



.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten