dinsdag 6 maart 2012

God

Op it strân litst fuotleasten achter,
sizze se.
Mar de geast lit him oeral sjen.

Yn de yn- en útlis fan de wet,
yn it witten wat al kin en wat net.
Yn it draven fan eagen, wûnderlik.
Yn it folgjen fan de kat, linich foarmjûn
op syn slûpsk paad nei de spotske protter.

Mean in earste sneed fan de ivichheid,
neam it ljocht meitsje yn ’e moarntiid,
dûkelje yn ’t binnenst’ fan bergen noch
in protsje goeds op út dyn geast en doch
tafallich gjin minske kwea. As niiskrekt
sein is dat ljocht op snein net fersillet en
leafde net ferflein is, dan tink ik, ik ha gjin
wurden oer foar dy. Se stean heukerjend
achter it stikeltried datst deromhinne liigd
hast, stil op in pak ivich-ûnútsprutsen snie.

Lykwols leau ik,

ik sis dy likefolle as do my.
Ut it seepokkehout fan de jutter binne wy
en alsa it riedsel lyk út ’e bek stapt.
It thúskommen út de bergen,
it loslitten fan it strân,
it útplúzjen fan skieppewol,
it oerspyljen fan jins hân.

Oerbosken fan iepenbiering.




.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten