maandag 26 maart 2012

Te min karaats

Minsken – der binne minsken –
feroarje yn frjemden foar harsels,
as se slimme ferhalen fertelle
oer dy-en-dy, dy't lange jierren
fersmoarde har ynlikste winsken.

Minsken – der binne minsken –

somtiden lige wrâlden byinoar
en meitsje om it lytste wer spul,
as se ha wolle, do sjitst tekoart
(watst altyd en ivich dochst)
yn ’t bysûnder wêzen foar elkoar.

Minsken – der binne minsken –

kinne simpelwei net neikomme
dat oan toarst it libben stjert
as wurden te min karaats binne
en ast dy gjin ried mear witst
om'tst yn ’t paradys ferklommest.

Minsken – der binne minsken –

se nimme altyd twa tongen mei
om noait neat út hoege te praten.
Skamte sil net ta de kiel út waakse
en skurf sil foarbyldich lykje.
Leaver smite minsken alles wei.




.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten