woensdag 21 maart 2012

Sneon oer in wike yn it Friesch Dagblad: resinsje fan Liuwe Westra syn Tolkien-oersetting

Sneon oer in wike (31 maart) yn de Sneinspetiele fan it Friesch Dagblad myn resinsje fan Liuwe Westra syn Tolkien-oersetting (It Selskip fan de Ring) dy't ein ferline jier ferskynde by Frysk en Frij:

Prachtich binne ek de oersettingen fan de rymjende gedichten dy’t Tolkien yn syn wurk útstruid hat. Nim bygelyks it liet dat de âlde hobbit Bilbo sjongt as er hûs en hurd ferlit om’t it libben moai west hat.

It Paad giet fierder, en altyd,
Fan ’t stuit dat men de doar dachsei.
No is it Paad my fier foarút
En as ik kin, dan moat ik mei,
Op fuotten folgje, fluch en kwyk,
Oant aanst it Paad in hearwei met
En krúst mei mannich boade en dyk –
En wêrta dan? Ik wit it net.


.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten