Wat is it ferskil tusken ‘Praat mar Frysk’ en ‘Ik praat Frysk’? Dat is dúdlik: it earste is in oanmoediging: toe mar, doch it mar, praat mar yn dyn eigen taal. It mei wol… wy sille dy wol helpe. It twadde is de konstatearring fan in feit, mei útrinners nei in begjinselferklearring.
It earste is in striidrop, in refleksje fan emansipaasjedriuw; it twadde jout allinnich de oantrún fan it foarbyld. It earste is in produkt fan hûndert jier Fryske taalstriid, it twadde komt fuort út nij taaltinken.
De sessys fan de bidbookgroep Koöperaasje 2018 oer de fernijing fan Ljouwert en Fryslân smite sa út en troch ferrassende ynsjoggen op. Juster gie it – ûnder mear – oer taal en 2018: op hokfoar fragen wolle wy in antwurd sykje? Ien fan dy fragen hat te krijen mei bylden, selsbylden en foaroardielen fan en oer minderheidstalen en de sprekkers derfan.
Sprekkers fan in mearderheidstaal fine sprekkers fan in minderheidstaal al gau achterlik en boers, bygelyks. En dêr komt noch by dat sprekkers fan in minderheidstaal sels faak ek net sa heech rinne mei de eigen sprake. Sjoch mar nei it Frysk: wat kinst dêr ûnder Wolvegea mei? De fraach is dan: hoe kin 2018 helpe om sokke bylden en selsbylden by te stellen?
In ‘oudere jongere’ lykas iksels, dy’t al moai wat Fryske kilometers yn ’e skonken hat, sil it antwurd al gau sykje yn in radikalisearring fan de emansipaasje. Better ûnderwiis, mear oerheidskampanjes, koartsein: yn in yntinsivearring fan it âlde Bildungsideaal. En dêr is fansels ek neat mis mei. Mar de praktyk wiist út dat it net genôch is. It is in beneiering dy’t al sûnt de Jongfriezen topdown tapast wurdt en dy’t ús – yn de ‘glokale’ wrâld fan hjoeddedei – driget op te sluten yn in soarte fan grimmitich taalminderweardichheidskompleks. Mei alle omtinken foar de eigen nâle dy’t dêrmei mank is.
Ommers, it ideaal dat achter dizze beneiering sit, de ferlossing, de berte fan in ‘folweardige’ Fryske standerttaal, fynt yn de praktyk mar hieltyd nét plak…
Tiid foar oar tinken, fynt 2018. Kantelje it Frysk, eksit minderheidstaal. It Nederlâns is tenei yn Fryslân in minderheidstaal!
Ik praat Frysk. Wat in oar praat, moat hy witte. Slach my net om de earen mei myn flaters. Dat ik myn eigen taal (noch) net goed prate en skriuwe kin, is gjin probleem mar in yrrelevant gegeven. Wat nukt dat? It lost him fansels wol op. Sterker noch, it is in utering fan selsbewustwêzen. Frysk is cool. Ik wurd net goed fan de kommaneukerij fan dy djipfriezen. Lit my Frysk sms’e yn myn sels optochte fonetyske stavering!
Durk van der Ploeg lês ik letter wol.
.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten