zaterdag 17 maart 2012

It hert

Mids maityd fûn er syn hert werom
achter in iepenskowend stek,
in doar betsjinne fia ynterkom:

bin jo dichter? Jawis. Minske? Tsjek.

In swiere stap, in ljochte gong
nei in keamer ta fol duveldrek.
Dêr lei op ’e tafel it hoerejong
yn djippe koma, al wie it krekt

as hearde er ferskes dy’t it song
oer in famke, sûnder lek of brek,
doe noch yn ’t wyt en yn ’e slom.

Mar de wurden klonken gek.
It lûd waard âld. De stimme stom.
It klopjen stoppe; twa gatten
deryn klapt foar de multomap.

Oant sjen, dichter. Ik ken dy net.

Oant sjen, myn hert. Wês dan ferdomd.




.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten