vrijdag 16 maart 2012

KOLLUM (31): Poëzij is it Furdgum fan de keunst

As ik in modaal fertsjinjend dus konservatyf tinkend persoan wie, lykas de measten fan jimme binne, ek dy’t it fan harsels net witte, dan kultivearre ik moatst mar rekkenje omraak de fiksje fan it goede libben.

Sneons bygelyks. Of sneins. Moarns in plakje Parma-ham op in stikje biologysk brún, in slokje geitemolke derachteroan, it gehiel ôfmeitsje mei in fingerhuodsje focht út de Italjaanske espressomasine en dan hup, yn de nije silvergrize Toyota Prius jumpe, fijne auto mei syn stabyl hege ynruilwearde, om noflik tegearre mei jins ega of ego of beide ôf te setten op’en paad nei in ambysjeus Museum, middeis folge troch in besite oan in trendsettende Gallery en jûns fansels jins byldhoude kop sjen litte yn in avant-garde Teater.

Keunst heart by it libben as crème fraîche by pastasaus. As in breedbyldtillevyzje by in Ikea-kast. As in Blackberry by in blondine.

As dy keunst sa oerdúdlik omearme wurdt troch it skier fan it al lang en breed ôfbreide lân, de fine fleur fan de woltefreden naasje en de rêchbonke fan al it besteande, dus ûnhillige, mei oare wurden, as de dream fan in oare wrâld foar elk te sjen dreamd wurdt troch de patrûljearjende soldatebinde fan de status quo, wat betsjut dan it wurd ‘keunst’ noch?

Ja, ek de poëzij ûntsnapt mar al te faak nét oan de high tea terreur fan de hegerein en de benefytjûntsjes fan de rotary. En oars leit der wol wer in gemeentlike kommisje op de lúster dy’t de strjitten fan de stêd net mei goud mar mei gedichten plaveie wol, wy binne in kultuerfreonlike gemeente. Of der foarmet him wer earne in groepke entûsjastelingen dy’t mei in protte goede bedoelingen de iene nei de oare ‘dichtersjûn’ útropt, sadat de subsydzjejouwers sizze kinne dat se wier-wier wer war dogge om de keunst tichter by de minsken te krijen.

Mar de poëzij hat ien gelok. In grut gelok. Dat grutte gelok is dat de kliber har net ferneare kin al is it noch sa.

Goede poëzij is in râneferskynsel, de perifery fan it ûnbegryp, in útbuorren fan it Walhalla, de raffeljas fan de frijsteat. Goede poëzij is it Furdgum fan de keunst. Se hat neat te krijen mei jildstreamen, trotwaartegels, teekrânskes, poadiumtigers, taalstriden en rûteriden; se is ivich en erflik ienlik, in toer sûnder skip, in swalker sûnder hûs. Goede poëzij ferset har yn de taal fan de kontramine tsjin de werklikheid. En mei de wurden fan it bern en de wize besjongt se it wûnder.

Goede poëzij fiert in guerrilla-oarloch ûnder de lêslampe. Allinnich dêr kin it wurd knalle sa’t it knalle kin. Beng! Wer in wegenbelêstingfrije middenklasse bolide tusken Tsjummearum en Minnertsgea fan de dyk ôf sketten.


.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten