dinsdag 27 maart 2012

Yn 'e jamske fâlden

Oait hie ik in mantel fan leafde.
In grutte houtsjetoutsjejas. Sa’n jas 
mei garânsje. Sa’n jas sûnder lijen.
Alles koe der in plak yn krije,
want in boartersguodbear
kinst wol wat wiismeitsje.

Brike liichwurdsjes op in bryfke,
keatseballen om te ferwachtsjen,
boadskiplistjes fan ús leaven hear.

Oait hie ik in mantel fan leafde.

Yn binnenbûsen ferdwaalde gedichten.
Lytse ljochtjes fan myn wêzen
en wrâldpoerfrjemde fiersichten.
It wie in jas dy’t ik graach oanhie.
Dy’t my kreas stie, blyn dat ik wie!
Sa graach woe ik ferjaan.

Oait hie ik in mantel fan leafde.
Alles woe ’k yn ’e jamske fâlden slaan.

Ik ha no in jopper. Mei neat deryn.
In pear kleverige snoepkes miskien.
It krop is my ta de kiel út slein.
Ald jas krige in skop. Donderje mar op.

Tonge dan?
Hat der gjin wurd mear oer sein.



.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten