zaterdag 21 juni 2014

Fryske 'sjoernalistyk' yn tsjinst fan Ljouwert Kulturele Haadstêd

It Konseptplan Platfoarm Fryslân om te kommen ta in ,,mediasintrum” yn Fryslân tsjinnet de belangen fan Omrop Fryslân en Lwd2018, mar absolút net dy fan de regionale kwaliteitssjoernalistyk 


Yn in saneamde ‘mediabrief’ (dd. 10 juny) hawwe Deputearre Steaten Provinsjale Steaten op ‘e hichte brocht fan ûntjouwingen yn it nasjonale en regionale mediabestel, de rol en posysje fan Omrop Fryslân dêryn en har stânpunten dêroer. Ferline jier hat PS oanjûn wol jild beskikbere stelle te wollen foar in provinsjaal ,,mediasintrum” as soks sin hie en mooglik like. DS beäntwurdzje dy fraach yn de brief befêstigjend. ,,Yn dit skriuwen jouwe wy oan dat in takomstbestindich en plurifoarm Frysk mediaplatfoarm, ûnder de wurknamme Poadium Fryslân, mooglik liket.” Taheakke by de brief is in Konseptplan Poadium Fryslân. 

Ut de brief wurdt dúdlik dat noed oer de takomstige posysje fan Omrop Fryslân foar DS de wichtichste reden is om te sykjen nei ,,eksperiminten” en ,,nije modellen, nije foarmen fan gearwurking en nije inisjativen”. Soargen binne der ek oer de fertsjinmodellen by oare regionale media, lês: de kranten. DS binne benaud foar ferskraling fan de regionale sjoernalistyk en dat soe min wêze foar ,,it goed funksjonearjen fan in demokratyske mienskip”. Mei Poadium Fryslân wolle DS dêrom it doel fan it ,,behâld fan selsstannige, profesjonele en plurifoarme sjoernalistyk foar de ynwenners fan Fryslân” tsjinje, mei ,,behâld fan de eigenheid en ûnôfhinklikens fan de media”. 

It Konseptplan Poadium Fryslân sels fermeldt net wa’t de opstellers binne, mar DS melde dat it opsteld is ,,ûnder oanfiering fan Omrop Fryslân”. It plan berêst op twa spoaren: 1) gearwurking fan (besteande) media-organisaasjes, dy’t harren nijsfoarsjenning sammele (fia links) oanbiede, en 2) in poadium meitsje om it publyksberik te ferheegjen en partisipaasje fan maatskiplike en kulturele organisaasjes mooglik te meitsjen. 

,,Ek op it mêd fan djipgeander sjoernalistyk, dêr’t ûndersyk foar nedich is, kinne partijen de gearwurking sykje,” skriuwe DS. It foardiel fan Poadium Fryslân foar tradisjonele en nije mediabedriuwen leit benammen yn it gruttere publyksberik, mar ek yn de kânsen op ,,fernijende sjoernalistyk en nije fertsjinmodellen”. Al mei al moat der in ,,coalition of the willing” komme, dy’t mei-inoar tekenje wol foar ,,in sosjaal platfoarm [..] dêr’t de identiteit fan Fryslân, de ynwenners en har ‘produkten’ sintraal yn stiet”. Utdruklik wurdt dêrby troch DS wiisd op de ,,ekstra kâns” dy’t Lwd2018 opsmite soe. DS fine it fan belang dat der ,,goede kommunikaasje en ynformaasje” jûn wurdt oer it Lwd2018-ûndernimmen en boppedat soe it goed wêze as dy ynformaasje ,,op ien punt bondele oanbean wurdt”, nammentlik fia Poadium Fryslân. 

Fierder sjogge de (dus ûnbekende) opstellers fan it Konseptplan Poadium Fryslân foar har dat ek gearwurking socht wurdt mei freelancesjoernalisten, Fryske kennisynstellingen en ynnovative bedriuwen. DS: ,,De tiid liket yn Fryslân ryp foar gearwurking tusken tradisjonele en nije media, mediabedriuwen en zzp’ers, kulturele en mienskiplike organisaasjes.” Dat alles fansels foarsjoen fan in redaksjestatút en regels oer it ferwizen nei boarnen. 

Koartsein: ,,Wy sjogge dat it foarstel foar in digitaal Poadium Fryslân in goede oanset is om foar de Fryske mienskip nije kânsen te skeppen foar selsstannige, profesjonele en plurifoarme sjoernalistyk fan kwaliteit, mei behâld fan de eigenheid en selsstannigens fan elk fan de dielnimmende partijen.” 


De twadde alinea op side 2 fan it Konseptplan jout al dalik oan dat Omrop Fryslân net de iennichste opsteller fan it plan west hat: 

,,Fryslân heeft een eigenzinnig karakter. Alleen al door haar eigen taal en cultuur. Er staat de komende jaren veel moois te gebeuren en er liggen volop kansen in- en voor Fryslân. Vanuit eigen kracht en met een toenemend zelfbewustzijn. Zo worden in aanloop naar Leeuwarden Culturele Hoofdstad 2018 veel nieuwe inspirerende projecten uitgerold en biedt bijvoorbeeld ook de investeringsagenda van de provincie volop kansen voor tot de verbeelding sprekende, innovatieve en duurzame initiatieven. Alle reden om nu ook te investeren in een centraal digitaal platform waarop we aan onszelf, maar ook aan de rest van Europa en de wereld, laten zien wat hier leeft en op welke eigenzinnige, creatieve en innovatieve wijze wij zaken hier aanpakken.” 

Seagen wy hjirboppe al dat Lwd2018 yn de fizy fan DS in foaroansteand plak krijt yn de plannen, hjir wurdt de missy fan Lwd2018 iepen en bleat ta de kearn makke fan Platfoarm Fryslân. Neffens de opstellers steane de aktiviteiten fan Lwd2018 sintraal yn it boppeneamde ,,earste spoar” fan sjoernalistike gearwurking binnen it Platfoarm. It giet dan om ,,structurele inhoudelijke en productionele samenwerking”: ,,Er worden concrete plannen ontwikkeld om met meerdere mediapartijen evenementen, gelieerd aan Culturele Hoofdstad 2018, te verslaan”. 

En op side 4 docht bliken dat ek it ,,twadde spoar” (it partisipaasjespoar foar maatskiplike en kulturele organisaasjes) yn it teken komt te stean fan Lwd2018, dy’t dêr sels spesjaal in tiim fan skriuwers, fotografen en filmers foar gearstalt: 

,,Een van de eerste organisaties die een belangrijke bijdrage levert aan- en profiteert van het platform, is KH2018. De thema’s Cultuur & Natuur, Stad & Platteland en Diversiteit & Mienskip, bieden, net als de sub-programma’s Lab Leeuwarden en Royal Friesian, een interessant en breed kader voor thematische journalistieke producties. Gericht op eigen inwoners, maar ook op de rest van Europa en daarbuiten. KH 2018 stelt een klein toegewijd team van schrijvers, fotografen en filmers samen, dat binnen de gekozen thema’s nieuws, achtergronden en verdieping produceert. Door niet alleen Friese- en Nederlandse journalisten te contracteren, maar ook buitenlandse, ontstaat een breed beeld en wordt de content ook geschikt voor publicatie over de grens. KH2018 kan zo binnen Podium Fryslân een inhoudelijke invulling geven aan haar ambitie om middels micro-targeting geïnteresseerde doelgroepen binnen heel Europa te bereiken.” 

Fierderop blykt dat it ek de bedoeling is om ,,met de nieuwste technieken ons culturele erfgoed” te ûntsluten en te presintearjen op it platfoarm: ,,Verleden, heden en toekomst komen hier samen en vesterken zo de Friese identiteit”. En: ,,Het platform wordt – ook na het jaar waarin Leeuwarden Culturele Hoofdstad van Europa was – gebruikt om inwoners van Europa te enthousiasmeren voor (een bezoek aan) Fryslân.” 


Yntusken kringt wol de fraach him op: wat hat dat allegear mei it stypjen fan ,,selsstannige, profesjonele en plurifoarme sjoernalistyk fan kwaliteit” (brief Deputearre Steaten) te krijen? 

Foar elkenien mei de eagen iepen is it dúdlik dat Platfoarm Fryslân, dêr’t Omrop Fryslân yn it neijier mei út ein sette wol, inkeld in manier is foar de provinsje om Omrop Fryslân te stypjen yn in tiid fan tanimmende ûnwissichheid oer it regionale omropbestel. Plus dêrby in manier om Lwd2018 ynfloed útoefenje te litten op de wize sa’t Lwd2018 yn de publisiteit komt. Foar ien en oar hat de provinsje yn de perioade 2014-2015 200.000 euro útlutsen, in bedrach dat noch boppe-op de subsidiearring komt dy’t de provinsje sawiesa al reservearre hat foar ferslachjouwing fan Lwd2018-eveneminten. 

De provinsje, yn kasu deputearre Jannewietske de Vries fan Kultuer, smyt hjir fjouwer belangen op ien heap, as soe dat sa mar kinne: it stypjen fan Omrop Fryslân, it stypjen fan de regionale sjoernalistyk, it stypjen fan Lwd2018, en it befoarderjen fan ,,de Fryske identiteit”. Dy fjouwer belangen kinne lykwols net ûnder ien redaksjonele paraplu ûnderbrocht wurde. Yn feite is Platfoarm Fryslân in reekgerdyn om te ferdizenjen dat der ekstra jild nei de Omrop moat foar de ferslachjouwing fan Lwd2018-eveneminten. Yn feite is Platfoarm Fryslân ek in reekgerdyn om te ferdizenjen dat de provinsje graach wol dat Lwd2018 yn it nijs komt sa’t Lwd2018 sels graach wol. 

En yn feite is Platfoarm Fryslân dêrom tagelyk in ûntkenning fan alles dêr’t regionale kwaliteitssjoernalistyk foar stean moatte soe. Sa’n sjoernalistyk, foar safier’t er himsels serieus nimt, lit him nammentlik net degradearje ta de hoer fan dizze of jinge maatskiplike of kulturele organisaasje of fan marketing-ideeën oer Fryske identeit. Ferbjusterjend is it dêrby dat de plannemakkers nota bene tinke it Platfoarm ek noch fungearje litte te kinnen as ferlingstik fan sjoernalistike opliedingen...

It kin dan ek net oars as Provinsjale Steaten ferwize it Konseptplan Platfoarm Fryslân plus it foarnimmen fan de deputearre om dit nije ,,mediasintrum” fan provinsjewege te sanksjonearjen en te ûnderstypjen nei it rûne argyf: ommers it bêste plak foar sawol hopeleaze as skealike media-inisjativen.


.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten