Wat ea heech en hillich it tinken ta timpel hie,
Stiet skots en skean en kâld as stien yn snie.
Rêd waait dûmny’s preekjen wei op winen,
Tiid slacht rimpen poarten ta en blinen.
In oere om te brekken, in oere om te bouwen:
De toerwizers draaie, wa hat betrouwen?
Djip ûnder jins fuotten fersakket de grûn,
Meinimmend al it leave, jin as leafde jûn.
Sjoch de masters fan fjoer en fan wetter,
Noait net út it lead en de soargen foar letter,
Harsels toaien yn mantels út idelheid:
In skym, in skaad, in spits yn planeten kwyt.
Skrutel om te swarren yn huzen fol ûlen,
Woe en soe men, hie men wurden yn mûlen.
Oant de toer hinget sa’t er bûge moat
En stof weromkeart ta ierde, lykas it west hat.
(Gedicht by de Koppermoandeiprint 2011, in ôfbylding fan de Aldehou, publisearre yn de LC fan 11 jannewaris.)
Geen opmerkingen:
Een reactie posten