Hjoed yn de LC in hele adfertinsjeside mei boeken. In heale side foar de eilângids fan Texel, útjûn troch de Friese Pers Boekerij, in kwart foar in boek fan Snitser Joop Doevendans, útjûn troch de Friese Pers Boekerij, en it lêste kwart foar it boek Door het oog van de naald. Joodse onderduik in Friesland, skreaun troch Meike Jongejan en Eddy van der Noord, útjûn troch de Friese Pers Boekerij.
Ho, ho, foutsje. Dat lêste boek wurdt aansen (der kin op yntekene wurde) útjûn troch Uitgeverij Louise.
Minsken dy’t in bytsje bekend binne mei de útjouwerswrâld yn Fryslân, sille no efkes mei de eagen knipperje. Soene se by de Afûk de krante hjoed ek lêzen hawwe?
In kwartside adfertinsje, wat kostet soks normaliter? Twa-, trijetûzen euro? Dat Uitgeverij Louise sa’n bedrach deltelle soe foar in kwartside, is ûnmooglik. Twa mooglikheden. Uitgeverij Louise hat itselde rjocht fan NDC mediagroep krigen as de FPB hat, nammentlik dat se fergees adfertearje meie. Of, wierskynliker, de FPB hat sa goed west om út syn eigen frije adfertinsjeromte in part beskikber te stellen oan Uitgeverij Louise. Mar wêrom soene se dat yn godsnamme dwaan?
Saillant detail: de yntekenbon foar it boek fan Uitgeverij Louise kin opstjoerd wurde nei... de FPB.
Uitgeverij Louise is yn 2010 oprjochte troch Eddy van der Noord, op dat stuit noch yn tsjinst fan NDC. Eddy wie mei-ferantwurdlik foar de digitalisearring fan it LC-argyf; ek wie er jierrenlang foarsitter fan de ûndernimmingsried en yn dy hoedanichheid in grutte stipe foar sawol de NDC/VBK-baas fan doe, Jan de Roos, as de NDC mediagroep direkteur fan doe, Cees Anceaux.
Inside information: yn 2010 wie der yn de ‘wandelgangen’ praat dat Eddy it bedriuw ferlitte soe en op eigen manneboet de FPB graach oernimme woe. Hy wie doe al in jier as twa belutsen by boekinisjativen dy't de LC sels naam bûten de 'eigen' FPB om - soks hjit ek wol winstmaksimilisaasje op kosten fan de winkeldochter.
Hoe’t de ferhâldingen no krekt lizze, wit ik fansels net. Mar as it meikoarten ta in, hoe sil ik it neame, fierdere ‘gearwurking’ komt tusken FPB en Uitgeverij Louise, sis dan net dat jim fan neat wisten.
Sjoch ek op de feartfisk: Exit Friese Pers Boekerij?
.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten