WINAAM, 7 febrewaris – De iisferiening fan Winaam, Iismahorn, sil hjoed en moarn mei man, frou en macht it Alvestêdetochttrajekt Harns – Getswerdersyl jiskefrij meitsje. Spesjaal foar dat doel hat Iismahorn tweintich Nilfisk-stofsûgers ombouwe litten, sadat se brûkber binne op it iis.
Net snie, mar jiske is it grutte probleem op dit trajekt fan de Alvestêdetocht. It jiskefabryk fan Omrin yn de yndustryhaven fan Harns stjit dei en nacht skealike stoffen út, dy’t delslaan op it iis en in bedriging foarmje foar de sûnens fan de Alvestêderiders. Knoffelders dy’t komme te fallen, sille fysyk yn kontakt komme mei de jiske. Se kinne dêr noch jierrenlang de ferfelende gefolgen fan ûnderfine.
Foarsitter Jan Skjinhimd fan Iismahorn: “De sitewaasje is net ferantwurde. Wiebe Wieling wol der net oer prate, mar wy ha besletten ta in grutte jiskeromoperaasje. Fannemiddei en moarn sille mear as tachtich frijwilligers de Winamerfeart en de Ried op. Ek minsken fan ús kollega-ferienings út Pitersbierrum en Seisbierrum dogge mei.”
De kondysje fan it iis is neffens Skjinhimd fierder prima. Allinnich by it klúnplak Getswerdersyl moat it iis noch wat tsjûker wurde. De foarsitter: “Wy pleitsje al jierren foar it op ‘e nij bouwen fan in sylsbrêge op dat plak. De daam dy’t dêr sûnt de jierren tachtich leit is ivich skande. Ek It Fryske Gea wol de syl graach werom. As de Alvestêdetocht trochgiet, sille wy mei in ludike aksje omtinken freegje foar ús winsk. Nee, ik kin noch net sizze hoe en wat. Jim sille it wol sjen.”
Geen opmerkingen:
Een reactie posten