woensdag 1 februari 2012

Jan Wybenga en it Frysk Literair Tydskrift 'Cinq Pieds'

De kûgel is troch de tsjerke: yn de Samle fersen fan Jan Wybenga op kommendewei sille dochs ek de net yn bondels publisearre en de hielendal noait publisearre fersen opnommen wurde.

Dat is prachtich nijs foar de Fryske literatuer, lykwols, ik moat no myn hiele ynlieding op ‘e kop sette en útwreidzje. It stik telt no al 15.000 wurden en sil wol op 20.000 útkomme.

Mar wat in moai wurk sit der by. En wat is it in aventoer en besykje om Jan W. te folgjen op syn dichterspaad troch it lân fan de literatuer. Stikje by bytsje sil dúdlik wurde – hoewol’t er ek al foar dy tiid fersen skreau – dat de kearn fan syn dichterskip yn de Twadde Wrâldoarloch leit: de tiid fan syn ‘barakkekamp’ en syn tsjinst yn it ramt fan de Arbeitseinsatz yn Dútslân. Feitlik is syn nei-oarlochse poëzy net goed te begripen sûnder kennis fan syn ‘oarlochsfersen’. Ik sil der hjir fierder net op yngean: noch efkes geduld dwaan, freonen yn de literatuer, en jim kinne it lêze.

Wol aardich om hjir efkes by stil te stean, is ien fan de earste (?) ienmanstydskriften yn de Fryske literatuer: it Frysk Literair Tydskrift Cinq Pieds, dêr’t Jan Wybenga yn 1956 ien nûmer fan yninoar nifele, fier foar’t bygelyks immen as Anne Wadman út ein sette mei syn Teannewâdder. It bleau by dat iene nûmer, datearre jannewaris 1956, dat noait útjûn of ferspraat is.

Cinq Pieds stie ûnder redaksje fan P.J. Jolmsma, Dr. Ulbe Oegema, Geartsje Promstra, Welmoed Saberius en Piter Speet, fansels allegear alter ego’s fan de dichter himsels. It earste en iennichste nûmer iepenet mei in programmatysk fers, ‘Cinq Pieds’:

Fiif fuotten stappe nêst elkoar
yn iene Fryske hoas,
fiif stimmen sjonge mei elkoar:
In roas, in roas, in Fryske roas!
bloeit út ús iene hoas
de Fryske himel yn,
út de kunst, út de kunst,
út de wiere Fryske kunst!

Jolmsma – wierksynlik in ferwizing nei de dichtbundel Jolm fan Germ Visser – jout in ‘ynlieding’ op it wurk fan de dichteresse Welmoed Saberius, “dy’t mei har bondel De Skeinde Ljurk de Maike Jakkeles Maitiidsmoarnspriis 1955 wûn hat”. De toan is dy fan in gewichtich dwaande Fryskskriuwer fan de âlde stimpel, fan it slach Jan Piebenga. Dan folgje trije fersen fan Welmoed Saberius:

Ik wol net bakke
net briede
of siede
mar laitsjende
sterke mânlju ferliede.

It ferhaal ‘Pink en pet’ fan Geartsje Promstra is de surrealistyske kant neist. Dêrnei trije gedichten fan Piter Speet, foarôfgien troch it motto “Piter Speet is in múske” fan “Dr. Y.P.” yn wa’t faaks dr. Ype Poortinga te werkennen is. En dan is nûmer ien alwer út. By de stikken yn Tresoar sitte noch wat hânskreaune oantekeningen, ûnder oare in hiel skema foar de “Maike Jakkeles-prizen”. Der wie in maitiidspriis, simmerpriis, hjerstpriis en winterpriis, foar fersen en ferhalen.

Jan Wybenga hat it nûmer makke noch foar 't er nei Grins ferhuze, dêr’t er wurk krige as learaar Nederlâns oan de rykskweek. It tydskrift is in boartlik besykjen in beskate konservative mentaliteit yn de Fryske literatuer fan dy dagen mei de gek te beslaan. As dichter en redakteur fan De Tsjerne hie Wybenga nochal wat negatyf kommentaar krigen op syn syklus ‘Hurrel’, publisearre yn 1952 dêr’t er Jan Piebenga – doe haadredakteur fan de LC – yn op it harspit naam hie.

De folgjende kear yn de Wybenga-rige: de yntegrale tekst fan P.J. Jolmsma, ‘Welmoed Saberius, in Fryske dichteresse’.



.

1 opmerking:

  1. Jan Wybenga hat heel wat lêst hân fan de konservative krêften doedestiids - de Piebenga's, de Tamminga's, de Schurers. Hy wie in trouwe Koartehimmengonger, as begjinnend skriuwer haw ik dêre heel wat fan him leard. Fan Jo Smit idem.

    Ik haw twa kear les fan him hân, op de Mulo yn Frjentsjer en letter op de Rykskweek yn Ljouwert. Hy joech Frysk oan twa klassen tagelyk...
    Op de kweekskoalle haw ik wol mei him praten oer it surrealisme en dada, en oer de Nederlânske poëzy. Hy siet der aardich yn, studearre yn dy tiid Middelber Nederlânsk.

    Ik tink dat hy ek de iennige wie dy't gefoel hân hat foar myn (surrealistyske) bondel 'Geeffike pears gers' yn syn besprek yn de LC.

    Dy 'cinq pieds' moatte te krijen ha mei de dichter dy't in skiep mei 5 poaten wêze moat, seker yn Fryslân dêr't jo as dichter alles sels beskreppe moasten en moatte.

    De ôfkear fan syn poêzy wie grut by de kosmysken. Wat dat oanbelanget is der net sa'n soad feroare yn 50 jier. Spring hoeden om mei dit prachtige spul - Jan Wybenga is wol in poëtyske mis wurdich. Ek moai dat no alles opnommen wurdt. Goasse moat sa stadichoan in lintsje, of in feart op 'e hoed.

    BeantwoordenVerwijderen