woensdag 8 februari 2012

KOLLUM (27): It gefaar is ûnder ús en it is like grien as Kermit de Kikkert

It stikje ‘De nieuwe bezieling van het landschap’ (7 febrewaris 2012) jout alwer in goed foarbyld fan de bysûnder weardefolle bydrage fan babyboomer en keunsthistoarikus-mei-pinsjoen Huub Mous oan de kultuerdiskusje yn Fryslân.

Ik sis weardefol en ik bedoel dat sa likernôch analooch oan de betsjutting dy’t Heidegger joech oan it ‘Nichts’, dat it ‘Dasein’ bleatleit. Of, wat tagonkliker formulearre: as Mous eat neat fynt, dan is it wat.

Syn retorysk trúkje is sa njonkelytsen wol bekend. Iepenje mei in sitaat fan dy-of-dy, licht dêr ien of twa puntsjes út en jou dêrnei rom baan, go with the flow, you know, oan in ympresjonistyske gearmjoks fan belêzenens, frustraasje en ferbale agressy. In sa op it each oannimlik ferhaal komt er dan mei foar de kreamen, dêr’t lykwols hast altyd in fijânbyld yn ferwurke is, of in slachtoffer yn socht wurdt, in mikpunt dat net allinnich dom is mar ek, folle slimmer, gefaarlik.

Omrop Fryslân fynt it prachtich. Blykber. Wier, der binne programmamakkers dy’t yn huize-Mous útfanhúzje.

Syn nijste stroffelstien en reden fan bestean is in byinoar fantasearre nije fariant fan Frysk nasjonalisme. “Het nieuwe Fries nationalisme is niet bruin maar groen,” liet er yn jannewaris witte (‘Friese beweging 2.0’). Hie de Fryske identiteit earder benammen de Frysktaligens as steunpilaar, yn it ôfrûne desennium hat ek it Fryske lânskip in belangrike funksje krigen yn it Frysk selsbyld.

Rrrrrrrrring! Fout!

By Mous reden om de belangstelling foar dat lânskip fertocht meitsje te wollen. De nije brúnhimden binne ûnder ús, en bêste minsken, mark my words: it binne net de ûnskuldige fûgelskôgers fan It Fryske Gea, net de boppenstebêste stokjesetters by de ljippenêsten, nee, it binne minsken lykas jo en ik dy’t besykje ûnder wurden te bringen wêrom’t it har sa ferdomde sear docht dat der mei dat Fryske lânskip sa nuver omgriemd wurdt.

It gefaar is ûnder ús en it is like grien as Kermit de Kikkert. Ik mei jo, achte lêzer, miskien noch wol efkes yn it omtinken bringe dat ûnderskreaune in pear jier lyn troch dizze hûsdealer fan de Omrop en plein publique útmakke waard foar faksist, mei plaatsjes fan hakekruzen en al.

Huub Mous, hy wit in protte, mar hy leart in bytsje (by en ôf).

UPDATE: Mous syn bûnsmaat yn de jierren fan de anty-brune striid, en noch altyd no't de kleuren oanpast binne, wie Eeltsje Hettinga. Dy't blykber in duorjende oandriuw fielt en meitsje himsels ta clown fan Fryslân, diskear mei - vers van de pers - dit 'pamflet', meikoarten út te jaan troch Perio-útjouwer Willem Winters.

Eeltsje Hettinga, de papegaai fan Mous op in fan deselde kadokrigen fytske:






.

3 opmerkingen:

  1. Hoi Abe,

    datst de retoaryske trukedoas fan Mous op it aljemint bringst, kin ‘k begripe. Ik ha it ek net sa op trukjes en dy man op in piipfol.
    Mar datst Willem Winters net als útjouwer Perio mar as ensafh-meiwurker delsetst is feitlik ek in trukje. Want no skuorst ensafh der by de hierren by. En al hast ús net heech, dit liket in soad op de pot ferwyt de tsjettel.

    BeantwoordenVerwijderen
  2. Goeie Edwin, do hast gelyk. Hjirby rjochtset.

    BeantwoordenVerwijderen