Goed, dan no Welmoed Saberius. Sy is in troch Jan Wybenga optochte figuer, dy’t foarkomt, foar it earst yn ûndersteande ‘ynlieding’ út it ienmantydskrift fan Wybenga, Cinq Pieds, yn 1956, en letter noch twa kear: yn in fers yn de dichtbondel lyts frysk deadeboek (1974), en, koart, yn it proazaboek Moai waar en lange dagen (1981).
Yn lyts frysk deadeboek is se Wybenga’s modernisearring fan de Fryske faam, in krusing tusken in muze en it Fryske froufolk op ’e dyk:
Foar op ’e Ljouwter yn monokini Welmoed S.
de ‘rékréante fan it jier’. In pronk fan in
Friezinne. Modern. Ferdivedearret har
allinne mank de tûznen oare rékréanten, it
kloftefolk, oars kin ’t net heve. Patat en bier en
lju om nei te sjen. En ’t hearlik
lûd dat út de mannicht riist, safolle silliger
as it âldmoadsk rûzjend reid of ’t beammesûzjen.
Yn Moai waar en lange dagen ferskynt se as de psychoterapeute fan de ik-figuer. Hjir is se “Dra. Welmoed Wiisma Saberius, dy’t de koele doktershannen mear as fol hat oan de sanearing fan myn brike geast”. Se lit him ien kear wyks fertelle oer syn eigen libben. De ik-figuer bewûnderet har, “in prachtich frommes”, dy’t him by it teedrinken oan syn mem tinken docht, mar se is ek “de adfertinsjefiguer fan de selsstannige, moderne Westeuropeeske frou”.
Sy lykwols hat gâns krityk op de ik-figuer: “Mar ja,” seit se, “dy’t yn syn jonge jierren yn in efterôfhoeke geastelik ferklommet, kin oars net wurde as in nuvere harlekein: idel, praatsiik, efterhâldend, sabeare bizich, swetserich.” Jarich Hoekstra ('De mishipte biograaf', Hjir 21-4/5, 1992) sjocht har as in ferskining fan Wybenga syn muze en as in alter ego.
Mar no har earste ferkining, yn Cinq Pieds, jannewaris 1956. As ‘P.J. Jolmsma’ jout Jan Wybenga hjir prachtich proaza “yn it rike idioam fan ús âld skier”. It stik (de hjir en dêr ûnregelmjittige alinea-yndieling is fan Wybenga sels) is fansels in pastiche op in beskaat Frysk taalgebrûk en heechoppich nasjonaal tinken út dy jierren, fan minsken as Jan Piebenga en Douwe Kalma:
P.J. Jolmsma: ‘Welmoed Saberius, in Fryske dichteresse’
"De dichteresse Welmoed Saberius, dy’t mei har bondel De Skeinde Ljurk de Maike Jakkeles Maitiidsmoarnspriis 1955 wûn hat, is sels jong as in iere moarn yn ’e maitiid. Dochs sil elk, dy’t yn har rike wurk syn poëtysk ear ferdjippet, mei syn letterleavjend smaakorgaan ringen priuwe dat hja frijwat minder grien is as de nederige mar dochs sa ûnwittend wichtige styfdochter fan Flora, dy’t yn it meastbesongene fan de seizoenen it fjild mei nije gloed kleuret,
de warbere húsman mei nije moed besielet;
en de fjouwerpoatige, fjouwerûrige gloary fan
ús lân de swart-wytglânzgjende bealch spant.
IT GERS, freonen fan de metafoar.
Om jimme foarstelling fan saken te skewielen, mei ik hjir út it rike idioam fan ús âld skier in wurdmennich foar it buordsje jaan, dêr’t de dichteresse en ik, har ynlieder, gjin messen om lûke sille, omdat hja en ik witte, dat de taal fan boeren, skippers en hantwurkslju der net om liicht en betiden rou oer in heech lân blaast. Ik soe dan sizze wolle: Welmoed Saberius hat de slabe foarwei. Dit rjocht en sljochte attribuut, dat de hope fan ús ienfâldige, warbere heitelân om de hals draacht, waard Welmoed Saberius foarweiskuord troch de fleagen fan de kriichsdemon, nei’t er in nij meunster te wrâld brocht hie.
Welmoed Saberius is in dochter fan it oarlochsfjoer, in Brunhilde, freonen fan de metafoar, mar ek is hja it dimmene famke mei de swevelstokken net ûnlyk. Har eale siel wjukkelt tusken heroÿsk heech en tragysk leech. As in ljurk, in skeinde ljurk opriist út it toarstige mêd fan ús langferspijde sprake.
It toarstige mêd, sei ik dêrniis. Mar mei dat? Mei men yn it tsjintwurdige ús Fryske lettertún in toarstich mêd neame, sûnder in al te útwrydsk offer te eazgjen yn de ynnimmende tsjilken fan it byldsprakige? Leauwe dy’t it leaut, mar ik leau it net.
Want, bruorren yn de metafoar, sûnt de kolos fan ’15, inkeld yn epyske of dramatyske toanen oer it ferlitten fjild fan ús sprake droane, ûneigen omsmeiend ta eigen;
sûnt troch it lûd fan de troubadour dy’t ús longerich fuorre mei mûnige deuntsjes, net oars as in protterwyfke har jongen, sûnt der, freonen, troch dat lûd in boarst rûn, dat it wol heech opsette koe, mar net sûnder wanlûd wer yn de âlde fâlden beslaan;
sûnt it manlik harplûd fan ús balladesprekkende Bernlef yn de Snitser wylgen hyng –
sûnt wie it yn de toarstige kontrijen fan ús hert neare nacht yn ’e nane.
Allinne bleau op ’e eftergrûn fan it toaniel it omsteuterjen fan in âld-masterlik lûd te fernimmen – al folle yn it ierdske flak. Faaks wie it toaniel foar sa’n sober lûd te djip, faaks ek wie dy stim te djip foar it toaniel. Wa sil it sizze.
Mei de djipte hat it lykwols – lyk as de boerestim yn my nou sa ynlik seit – syn útfallen, lyk as it bargeslachtsjen. Men kin bytiden yn de djipte omtiizje as in hin dy’t kop noch sturt kwyt kin en mei wat oars nei boppen komme as men op it doel hie. Sa, freonen, leit it derhinne mei de djipten fan de metafoar en fan de poëzij yn it algemien.
Mar it slachte dat nei de wrâldbrân de fjoeren fan de poëzij besocht oan te pûsten mei it ferachtsume lûd fan syn synisme en eksybisjonisme, dat slachte slacht in skalk each yn de djipgong fan ús generaasje en stoatskeavet smeulend op de râne fan ús djipste bylden om. Experto crede, lânslju, leau de baarch, dy’t al ringe is!
Ja, twigen en lêzers fan dizze âlde stamme, it is mei in grûnsum wurd dat ik oardielje moat. Mar moat yn it ôfgeand wetter de mûle wol net ris spield wurde om in kat in kat neame te kinnen? Want wier: de generaasje fan nei de oarloch, dy’t nei de befrijing in stjonkende modderfloed as âld smoar oer ús griene lânsdouwe jaget, ik kin se net oars neame as ANTY-METAFOARYSK NAASJE, hoe’t it my as Fries ek wearzget mei sa’n fiis wurd nei taalgenoaten te ferwizen.
Lyk as de redakteur fan ien fan ús deiblêden mei rjucht en reden yn it aljemint joech, ha dizze lju gjin inkeld gefoel foar tradysje, gjin krom histoarysk besef. “De waanzin en de traditieloosheid heersen alom,” sa ropt er yn de Rykstaal út. “Wie scheurt ons uit de neten!” As in grutte Fryske kultuerfilosoof mei in syn ynbannigens fereatigjende hertstocht dizze oprop docht, moat de need ús wol heech boppe de kleiende lippen stean!
Mar, freonen, yn dizze hege need is it ús jûn oer te stappen yn it ranke boatsje fan de Fryske dichteresse Welmoed Saberius, wy en ús hert en ús oardiel en hja set ús oer de wetterskieding tusken it hjoed en it ûntydlike. In frouljuslûd dat as goudene boerebûter opriist boppe de feale margarine, dy’t besiket foar master op te slaan.
In lûd dat sprekt of swijt of tagelyk sprekt en swijt. Hurd of sêft: it leit der mar oan hoe fûl it dichtfjoer de klanken sean hat yn it gleone wetter fan har sielesaad.
In grutte keunstenaresse, dy’t winliken net mear hoecht te learen as in ferdjipping fan metafoaren te stâlen op de ûnderbou fan sljuchtwei wurden."
Lês ek de eardere ôfleveringen fan de Wybenga-rige op seedyksterfeartfisk:
‘Lit him yn syn Stellingwerven barste’
Jan Wybenga en Mirjam-Aphrodite, ús grutte Mem
Jan Wybenga út Frânsk laach fan Hugenoaten
Jewiel út de skatkeamer fan Jan Wybenga
In boekegrêf foar Jan Wybenga
Geen opmerkingen:
Een reactie posten