dinsdag 21 februari 2012

In Minske

Hoe lang bliuwsto noch bang
om geande te meitsjen syn grime?
Foar syn platte hân tsjin dyn
          oare wang?
          Hoe lang?

Hoe lang litst dyn eigen sang
op dyn sjongen noch wachtsje?
Dyn net te ferfrjemdzjen lûd,
            dyn klang.
            Hoe lang?

Wannear komt dyn ynkear
yn de frijheid fan ’t eigen hûs?
Dêrst wêze kinst dy’tst bist,
            sinneklear.
            Wannear?

Wannear seist tsjin dyn hear:
flean op do, lit my gewurde!
Ik bin in Minske, ik wol sa lyts
            net mear?
            Wannear?




.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten