Goed nijs foar leafhawwers fan de Fryske dichtkeunst: fan it harkboek Dy’t in hûs fynt op ’e wyn binne in jier nei ferskining noch genôch eksimplaren te krijen!
Al it yn bondels publisearre dichtwurk-oan-no-ta fan Abe de Vries (Gysbert Japicxpriis 2005), fiif poëzijbondels troch de dichter sels ynlêzen, útjûn troch Audiofrysk, is hjir te bestellen.
Rûchwei sa’n 200 gedichten foar mar 16,50, dat is krekt wat mear as 8 sint it gedicht. Dêr kin it net om oergean, wol? En dy’t it boek dellaadt, krijt noch 3,50 koarting ek. Dan binne de gedichten dus noch mar 6,5 sint it stik. It earste samle-fersen-harkboek yn de Fryske literatuer mar leafst. En ynlêzen yn krisistiid, ek dat makket de útjefte Histoarysk. Wês der gau by, want yn 2018 is de foarried op!
Geen opmerkingen:
Een reactie posten