donderdag 16 februari 2012

KOLLUM (28): Oehoe, sorry, it is Frysk en it kostet sinten

Ik fernuverje my der elke kear wer oer, hoe meager, ynhâldsleas en ûnbetsjuttend de kollumskriuwerij is yn literêre blêden as ensafh en de Moanne, mar ek yn sa’n machtich medium as de Leeuwarder Courant. Mei in pear útsûnderingen fansels, mar dêr woe ik it no net oer hawwe.

By ensafh stiet de deastraf op it skriuwen fan in aktuele, niteljende kollum oer kultuer en literatuer yn Fryslân, hoewol de digitale útjefte himsels lokkich priizgje mei en rekkenje nazi-jager Willem Winters ta syn kollumskriuwers.

Nei oanlieding fan de kollums yn de Moanne binne ek (noch) gjin houliken stomprûn, ynstitúsjonele revolúsjes útbrutsen, lêzersaksjes op tou set of deputearren ûntslein.

Oer de Leeuwarder Courant, it blêd dat de kollums skriuwe lit troch eigen redakteuren – resept foar de dea yn de pot –, it blêd dat om gedichten fan dichters freget en dan noch net ienris in ûntfangstbefêstiging stjoere kin as der wat binnenkomt, of ôfberjocht jaan – de mail lei der fansels krekt efkes út – krekt, dat ûnfetsoenlike, arrogante blêd dus, dêr’t de redakteuren fan graach lêbje meie oer oaren mar lilk wurde as se sels in draai om ‘e earen krije – hie al lang de nije winner fan de Rink van der Velde-priis, Ferdinand de Jong, freegje moatten om Trinus op te folgjen. Mar oehoe, sorry, it is Frysk en it kostet sinten.

It is yn sa’n fermidden, leave lêzers, in fermidden fol luchtbelleblazerij en wraaksucht, dat jo eigenste feartfisk swimme moat en op teannen stean gean en hy mei bêst foar eigenwiis fersliten wurde, mar hy soe gewoanwei stommegraach wolle dat der wer ris in ûnôfhinklike, dwerse en stilistysk bejeftige Fryske kollumskriuwer in poadium krige.

As de LC net wol, miskien kin De Jong dan by ensafh te plak, want Willem Winters hat it wilens te drok krigen mei oare beuzichheden/beuzelarijkes/boartlikedinkjes?



.

7 opmerkingen:

  1. Eigenwiis? Mei om my wol hear. Mar ik priuw hjir ek in stik frustraasje en djippe teloarstelling. En dus ek in bytsje werom-lêbjen.

    BeantwoordenVerwijderen
    Reacties
    1. No dan, Anoniem, it sprekwurd seit:"de wierheid is in skerp swurd" en sprekwurden binne meastentiids ek wol anoniem, mar ek wier!

      Verwijderen
    2. Dankewol Old Mac.

      Verwijderen
  2. It soe bêst kinne dat jo gelyk hawwe, Anoniem. Mar om't jo Anoniem binne, sille wy it noait witte...

    BeantwoordenVerwijderen
    Reacties
    1. Ja Abe, dat is wol in bytsje sneu fansels. Dat ik my hjir ferskûlje achter dat flauwe "anoniem" en datsto yn alle iepenheid mei dyn ferhaal komst. De praktyk hat my spitigernôch dizze foarsichtigens oanleard, dêrom dizze kar. Mocht ik dy meikoarten ris moetsje, dan sil ik wol sizze dat ik it wie.

      Verwijderen
  3. Hee, Abe.

    Tafallich ha'k dizze wike in stikje skreaun foar Heit en Mem, nee, net myn âlden, mar it blêd. Sjen oft it dêr troch de ballotaazje komt, dan geane grif alle doarren iepen, haha!

    BeantwoordenVerwijderen
  4. Goed nijs! Fansels, heit en mem bliuwe baas, ek al binne de bern noch sa âld. Se jouwe it goede foarbyld. Dat no sil it grif oanbiedingen reine...

    BeantwoordenVerwijderen