Juster krige ik in mailtsje fan Goaitsen van der Vliet, dy’t tusken noas en lippen troch noch even falle liet dat syn De Oare útjouwerij op ‘e kop ôf 25 jier bestie. Net dat er dêr fierder blommen foar hoegde, mar it wie al sa. Ynienen realisearre ik my dat ik sels no op ‘e kop ôf tsien jier yn ’t Frysk publisearje. Yn jannewaris 2002 pleatste Jan Pieter Janzen silliger myn fersen ‘De wjittering Ried’ en ‘Ierappels’ yn Trotwaer. Jubileum!
Blommen hoech ik ek net, mar op sa’n momint is it al aardich om efkes werom te sjen. Oer fiif dichtbondels, in twatalige seleksje út de earste twa bondels, fjouwer blomlêzingen, in esseebondel, resinsjeskriuwerij, seis jier Fryske bloggerij en de oprjochting fan in literêr tydskrift (Farsk, 2003) hinne.
It Frysk-literêr fjild leit der, earlik sein, in stik flakker en kealer hinne as doe yn 2002. Sjoch allinnich mar nei de nammen fan minsken dy’t har doe ál en no amper mear yn brede sin yn de Fryske literatuer oppenearje, ik neam allinnich mar Tsead Bruinja, Albertina Soepboer, Eric Hoekstra, Elske Schotanus en Eeltsje Hettinga. Foar allegear sil op ien of oare wize teloarstelling in rol spile hawwe.
Sjoch ek nei de tydskriften. Trotwaer wie noch in folslein literêr tydskrift, no is it weiwurden yn de algemiene kultuer fan de Moanne. Kistwurk, it tydskrift fan Eeltsje, dêr’t ik mei Elske en Eric in lyts jier redakteur fan west ha, gie tenûnder. Hjir en Farsk binne fusearre ta ensafh, dat oan no ta net by steat blykt om de sterke punten fan beide foargongers te kombinearjen. Flakker en kealer is dus ek dat tydskriftelânskip wurden.
Sjoch nei de útjouwerijen. Yn de ôfrûne tsien jier binne de Koperative Utjowerij en Venus ferdwûn, Bornmeer, oait de rêchbonke fan de Fryske poëzij, sil net folle mear oan literatuer dwaan, de Friese Pers Boekerij idem dito, de nije Utjouwerij Wijdemeer idem dito.
En wat ha ik sels meimakke yn dy tsien jier skriuwerij? It is op kosten gien fan in houlik en twa banen. Dêr foaroer stiet in protte tekst en in moaie priis. Teloarstelling, bespeurde Teake Oppewal lêstlyn yn myn bryfkerij en bloggerij. Ja, dêr hat er gelyk yn, tink ik. Mar op ien of oare manear ferdom ik it en jou de brui deroan. Der leit in sechsde dichtbondel klear, al wit ik net wêr’t ik dy útjaan moat. En der is in prachtboek op kommendewei, de Samle fersen fan Jan Wybenga, dêr’t ik de ynlieding fan skriuwe mei. Sjoch, soks skuort my wol troch dizze jubileumwinter hinne.
.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten