Oait yn ’e neidagen fan ’t restaurant ‘Homearys Fers’
de gloarje preaun fan útwurke bollebloed?
Nee? Ody! In liet.
Priuw ik koriander? Hja hjit fan Leny.
Hja minderet mei 't sâlt.
Har man komt út Drachten. Hast heksametrys
rint se maratons mei de gyros. Sy is,
seit de baas, in flitich wiif. Flitich, mar âld.
Oberfrou, noch in ûzo!
Lêstlyn brân. Fallyt is Grikelân. Leny wint gjin beauty contest,
Athena trimt gjin sixpack. Mar de reade rys, de reade
swietrokige rys en de klokken fan wyt Hylander -
Ik bin Hektor net, mar wy sitte no al sûnder sûflaky.
Taksysjauffeuze posearjend as piraat
seit my goejûn: “Ik bin de
bysliep fan captain Kirk”.
Op en del meunsterjend wolle de eagen
kontakt. Dûbele rige fan tolf
roeiers set de sokken deryn. Tsjinwyn!
Wite Marlboro’s opsmokend batst se
troch de brâning fan ’e stêd
de rôljende weagen fan ’t bûtenfjild yn
foar wat dûbeltsjes, der sit gjin oboal tusken. Stik
sjagryn. Swier parfumearre tsjin ’t bedjer.
Moademodel, oait,
brûkt Chanel. Bringt my nei myn
hotel. Libbensferhaal. Toanielrol. Toverkol.
Mar ho mar,
wy binn’ der al.
Hoi, myn Plyn. Lyts opûnthâld
yn ’e Wâlden. It falt net ta
te libjen yn ’t skaad fan de
Alden! Ik wie hjoed op ’e berch.
Deade boel, neat te rêden.
Leny is ferlern. De stêd
in púnheap ûnder seadden.
Wat oars te dwaan as inoar
te leavjen, Plyn.
No’t it mar kealer
wurdt op ’e klaai en de gloede
fan de opfiske ferhalen al ferwaait
en bestjurret yn fan ús misse setten
de ferbaarnde annalen -
der bliuwt neat fan oer
as droege jiske.
Moarn kom ik thús. Moarn
iepenje ik in nij Gryks restaurant foar ús.
Wy beskûteldoekje it diggelguod
hoeden mei it gouden flues.
En as de harpijen komme, troch de nacht,
fan achter de puntige Kaukasus wei,
en ytlike griffioenen komme mei,
en ek liuwen en slangen út ’e woastyn
snuve en sisse om it hûs,
sadat ús senuwachtige parkyt der sawat yn bliuwt,
dan smite wy in spjirblok mear op it fjoer
en jouwe ús del yn inoars earmen,
Plyn.
Tsjin goeried en flechtsje, tsjin better witten
en fûgelteken yn.
.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten