woensdag 4 januari 2012

Jan Wybenga út Frânsk laach fan Hugenoaten

De dichter Jan Wybenga (1917, Warten – 1994, Grins) wie in soan fan Albert Jan Wybenga (1887-1954) fan Wytmarsum en Jacoba Martha Henriëtte Becude (1891-1956) fan Amsterdam. Se trouden yn Almelo op 17 juny 1915. Albert Jan Wybenga hie op dat stuit it berop fan arsjitekt.

Syn pake en beppe fan heitekant wiene Jan Wybenga (1855-1936) [‘Jan-ien’ yn kj 3 (1972)] fan Wytmarsum en Wikje Snoekstra (1855-1944) fan Wolsum. Oer dizze kant letter miskien mear. Syn pake en beppe fan memmekant wiene Jacobus Martinus Becude (1853-1932) fan Diepenheim en Anna Landhuis (1849-1916) fan Almelo.

Jan Wybenga hat nei alle gedachten it folgjende gedicht oer syn mem skreaun. It is it twadde gedicht yn de bondel Fergetten fersen (1994), dat er sels achteryn de bondel datearret op 1954. It is net ûnmooglik dat it ek twa jier letter skreaun west hawwe kin, yn 1956, doe’t syn mem kaam te ferstjerren:

Ieuwikselbern

As wyld oer glêde flinten hossend gongen
se de ieu yn, skimen by petroaljeljocht.
Troch in god yn tsjuster snipt, hat onfertocht
in frommes as earste fan ’t jier ontfongen.

Dat onder Libra kaam, by ier oktoberljocht,
frij dy’t simmers yn besletten wetter swom:
riisde Kupris ienris kein út it strielend skom,
sy is as blauwe gnoom befrijd út bluodrich focht.

Mar waard in goadinne lyk yn lea en wêzen,
in tsjoenster, dy’t mei har griene hekseëagen
jin laitsjende te twingen wist en te belêzen.

It eskeleaf ferblet. Oktobersinne
strielt wetterklear yn fine, wite reagen,
sinkend nei flinten dy’t har grêfstee binne.

Syn mem stamde út in âld laach fan Frânse Hugenoaten dy’t yn it midden fan de 17e-ieu nei de Nederlannen emigrearren fanwege de ferfolgingen yn katolyk Frankryk. Yn de Europese oriïntaasje fan Jan Wybenga syn wurk kin syn famyljeskiednis in rol spile hawwe. Biografysk ûndersyk soe dat útwize kinne.

Pake Jacobus Martinus Becude wie yn 1877 smid, yn 1903 masinist en yn 1915 opsichter-masinist by de spoarwegen. Hy troude op 26 july 1877 yn Almelo mei Anna Landhuis. Ik koe trije bern fine: Hendrika (ca. 1878), Johan George (ca. 1882) en Jacoba (1891). Jacobus M. is 79 jier wurden.

Hy wie de jongste soan fan Johan Georg Becude (1815-1883) fan Tilburg en Hendrikje Wesseling (1824-?) fan Ommen. Se trouden op 8 juny 1848 yn Hardenberg, dêr’t Johan Georg op dat stuit belêstingkommies wie. Yn 1894 waard er ‘amtner’ neamd. By syn dea yn 1883 ‘kommies mei pinsjoen’.

Johan Georg Becude wie in soan fan Jacobus Martinus Becude (1759-1826) út syn earste houlik. Jacobus troude twa kear: a) mei Maria Petronelle Heeffer [ek: Huffer], mei wa’t er seis bern krige, en b) mei Henderina Geertruida Buddingh, mei wa’t er alve bern krige. By libben wie er ‘Commies bij de In- en Uitgaande Rechten te Winterswijk’. Hy ferstoar op 6 desimber 1826 yn Epe. Ien fan syn soannen, Petrus Becude, wie doe yn Arnhim goudsmid en juwelier.

Jacobus Martinus Becude wie in soan fan Petrus Becude (1698-1778), berne te Moergestel by Tilburch. Syn frou wie Wilhelmina Hendrina van Kelckhoven (1718-1807). It stel hie fjouwer bern. Petrus Becude wie ‘drossaart’ yn Moergestel. Wy sjogge him in pear kear as sadanich optreden.

Yn 1729 wol de stêd tsjin him in proses begjinne. Yn 1730 is er lykwols noch altyd ‘drossaart’ en behannelet er in erfeniskwesty yn syn eigen famylje. Letter dat jier krijt er folmacht fan de prokureur “daar hij deze morgen naar Holland vertrekt”. Yn 1733 is der wat slimmers oan de hân. J.N. Leget, ‘Het tragische levenseinde van Adriaan Jan Somers’ (yn: DBL-26, 1977) sitearret út stikken:

Op 21.12.1733 wordt de drossaart Petrus Becude gewaarschuwd, dat Adriaan Somers zich binnen de vrijheid van Moergestel ophield en 'veele baldadigheeden pleeghde'. Daarom begeeft hij zich met de vorster en twee schepenen des avonds tussen 9 en 10 uren naar het huis waar de weduwe van Jan van Eten woont, om Adriaan Somers te arresteren. De vogel was echter gevlogen. Adriaan werd nog op dezelfde dag aangehouden ten huize van Barent Jan Bucken, waarna hij overgebracht wordt naar het huis van Norbert Baten, een der schepenen. De volgende dag, worden de rotmeesters bijeengeroepen om een order tot inbewaringstelling uit te schrijven.” Syn holle sil ôfhakt wurde.

En noch op 1 juny 1755 is Petrus Becude yn funksje. Op dy dei daacht er immen foar it gerjocht (J.N. Leget, ‘Een familie Van der Pol’, yn: DBL-28, 1979).

Dizze Petrus Becude wie (nei alle gedachten) in soan fan Frans [Francis] Peters Becude (1659-?) fan Zundert. Frans troude op 21 novimber 1694 te Breda op 35-jierrige leeftyd mei de ûngefear 34-jierrige Anna Maria Wijnexbergen. Anne wenne te Breda en is doopt om 1660 hinne.

Frans Peters Becude wie in soan fan Petrus Becude (1621-1690), predikant te Zundert. Hy troude foar 1657, doe net âlder as 37 jier, mei Elisabeth van Driel (ca. 1620-1703) út Steenbergen. Sy waard sa likernôch 83 jier.

Petrus Becude wie in soan fan Francois Becude (1592, Calais – st. nei 1665), predikant te Marck, in doarp by Calais. Hy hie yn 1620 teology studearre yn Sedan. Yn 1622, 1636 en 1640 reizgen hy en syn húshâlding It Kanaal oer om foar de protestanteferfolgingen yn Frankryk beskûl te sykjen by de London-Dutch Church yn Austin Friars, Londen. It argyf fan dy tsjerke: “After the peace of 1648 he requested to serve in Holland, and was placed, in 1649, at Old en Nieuw Gestel”. Hy wie troud mei Jacquemine Verbrugghe fan Calais.

Syn heit hjitte ek Francois en wie ek predikant. Hy waard berne foar 1578 en stoar nei 1641. In oersjoch (site) fan hugenoaten meldt: “Pasteur à Marck (1598-1641)”.

De achternamme ‘Becude’ is neffens it Meertens Ynstitút in ôflieding fan de fûgelnamme ‘becue’ (Aldfrânsk) en ‘becuwe’ (Westflaamsk) en betsjut dan ‘snip’. Sjoch ek de ferwizing dêrnei yn de twadde rigel fan Wybenga's fers 'Ieuwikselbern'! Yn Frânske folkloare treft men de namme ek oan foar in reus mei ien each en in baargenoas, dy’t ek as in groep tefoarskyn komme kin en op kristenen jeit. Yn in fertelling fan Léopold Dardy is ‘la bécude’ de meunsterachtige dochter fan de boaze styfmem fan de heldinne. It motyf is in ferarbeiding fan it Polyphemus-tema út de klassyk-Gryske mytology.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten