dinsdag 10 januari 2012

47

’k Ha in moai hânsum wrâldboltsje krigen
fan myn jongste soan. Oseanen
swart. Kontininten
griis-metallyk. ’k Wiisde oan
wêr’t ik sylde yn ’e
mankelike wyn,
as Fries en as Gryk:

oer de Grutte, oer de Atlantise,
oer de Swarte, Giele, Reade,
om de trijehoeke hinne en
kop yn it iis. ’k Wiisde oan
de goeden, de gleonen dy’t
lang by Kirke ferkearden
as Fries, as Gryk.

En dy’t moarden om in frou
en altyd yn tou wiene
mei myte, muzyk. ’k Wiisde oan
it eilân fan Afrodite,
mar ek fan ynkear it strân
dêr’t ik fûn, wûn en wer ferlear
as Fries, as Gryk.

Underoan de bol
it Deaderyk. ’k Wiisde oan
(stofkes yn beide eagen)
wêr’t de sinne it grutseil skroeit
fan ’e weagen en weisakket yn it lân.
De lêste lyryk is foar
Fries en Gryk gelyk.

“Papa,” sei de wiisnoas fan de klas,
“de blokker heeft ook wel een kompas.”



.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten