Nei de mobilisaasje yn 1939 en in earste militêre oplieding, wierskynlik yn Assen, waard korporaal Jan Wybenga legere yn Lisse. Fan syn wederwaardigheden dêr komme wy net folle oan ’e weet, mar al wat.
Op it foarste plak binne notysjes oer dy tiid bewarre bleaun ûnder de titel ‘Mobilisatiedagboek 1939’ (Wybenga skreau foar en yn de oarloch noch meastentiids yn it Hollânsk; it typoskript by Tresoar hat lykwols ek in pear siden yn it Frysk). De tekst is benammen nijsgjirrich om’t er wat sjen lit fan de romantyske en doe al fierhinne ek op de Gryske mytology oriïntearre tinkwrâld fan de 22-jierrige kwekeling út Wolvegea.
“Ien ding hâldt my oerein. Ek yn dit ôfhandich blombolledoarp krij ik hast alle dagen ien of mear ferskiningen fan Har, Mirjam-Aphrodite, ús grutte Mem. De grûn hjirre, sânich mei frijwat kalk, dêr’t sunich spul as hyasinten op groeie wol, sil Har ta manifestaasje stipelearje. Dysto yn bluisterich onferstân de tsjinst opsein hast, Mirjam-Aphrodite, ús grutte Mem, makket Har alle dagen wer iepenbier oan my. Se ferskynt my as de ierappelskylster har noedzjende skurte, de boekferkeapster mei de kante lea of as de blombolle-baronesse dy’t de lange billen oer it lear fan in autostuoltsje sljurkje lit.”
Oan wa’t it skriuwen rjochte wie, is net bekend. “Us grutte Mem”, dy’t korporaal Wybenga hjir seit te ferearjen, is in kombinaasje fan de bekende Grykse goadinne fan de leafde, Aphrodite, en in op de bibelske profetesse Mirjam weromgeande oergoadinne. Dúdlik is dat Wybenga har behalve as “mem” ek as goadinne fan de erotyk besjocht. Mirjam-Aphrodite is foar him net samar in dichterlik byld, in poëtysk optinksel; yn in twadde passaazje jout er har in teologyske achtergrûn, úteinlik weromgripend op it bibelske ferhaal (Num. 12:10) dat God Mirjam melaatsk makke en Mozes útferkarde as syn profeet:
“Wat in gelok, dat Sy yn de earste ieuwen al út it trijebûn set is. Oars hie Se krekt as de beide oaren no út de tiid west. Hoe djip is de hillige geast, dy’t Har it rjochtlik plak ontset hat, net sonken; dy’t him hjoeddedei allinnich noch oppenearret yn de folgers fan healwize diktators. Sy allinne moat de boel geande hâlde en krijt meast spot en hún. Dêrom bin ik der wiis mei, dat Sy safolle omtinken jout oan it wolwêzen fan in domme, slûge korporaal, dy’t nachts, smoarch en ongedien, as in baarch omwraamt yn it strie op in betonnen flier.”
It is my net helder wêr’t Wybenga’s belangstelling foar Mirjam weikaam; miskien út lektuer fan gedichten of opstellen fan de Ingelse dichter en mytolooch Robert Graves. Hoe’t dat ek wêze mei, ta Har ûnderskate ferskiningsfoarmen yn Lisse soe ek ‘de freule’ hearre kinne dy’t wy tsjinkomme yn in (net publisearre) sonnet fan Jan Wybenga út 1939:
De freule op het balkon
De glazen deuren naar het lichtbesneeuwd balkon
staan open op de tuin, een glanzend aquarel
met een te felle lucht. Zij duizelt van de zon.
Dan dalen al, van voor en achter haar, met schel
gekrijt de meeuwen naar de zwarte vijvervloer,
alert al vóór het strooien. – ‘t Oopnen van de deur
moet het signaal zijn, denkt ze, als de zilverkleur
en ’t zwart van lijf en wiek neerflitsen naar ‘t voer.
Op ’t verwarrend dwarrelen neerziend, nu de mand
leeg is, voelt zij huiverend de vrieskou stijgen
haar benen langs omhoog: een roekeloze hand.
De ijle vrieslucht doet haar duizelig hijgen.
Zij voelt zich door een overheerser aangerand
en sluit de deuren. Maar buiten blijft het dreigen.
Dizze ‘freule’ kin fansels beswierlik lykskeakele wurde mei de “blombolle-baronesse” út it ‘Mobilisatiedagboek 1939’, al wie it allinnich mar om’t in freule gjin baronesse is. Mar de erotyske sfear komt oerien. Jierren letter hearre wy noch in oar wjerlûd, diskear wol publisearre, yn in gedicht út lyts frysk deadeboek (1974) dat mooglik weromgiet op syn tiid ûnder tsjinst:
By dei en nacht in stive
soldaat paraat foar it hûs fan ’e widdo.
Tsien stappen hinne tsien stappen werom.
’t Jewiel yn har ljisken is militair geheim.
Mar de dief oer skutten glûpend komt it
achterom benei.
As beide fersen op in biografyske anekdoate berêste, dan is it fansels nijsgjirrich en besykje út te finen om hokfoar ‘freule’ en ‘widdo’ it hjir gean kinne soe. It leit foar de hân om dan te tinken oan de bewenners fan it kastiel Keukenhof, yn 1939 eigendom fan Jan Carel Elias greve van Lynden (1912-2003) en syn frou Anna Cecilia van de Poll (1915). Yn dat jier waarden Nederlânse ofsieren ynkwartierd op it kastiel en moast der dus ek wachtrûn wurde. De greve syn mem, grevinne Aurelia Elisabeth van Limburg Stirum (1875-1949), Vrouwe van Noordwijkerhout, widdo fan Jan Maurits Dideric greve van Lynden sûnt 1930, wenne doe ek op Keukenhof. Aurelia Elisabeth wie in sterke frou, dy’t yn ’e oarloch yn it ferset siet. In útjefte fan de Stichting Haarlemmermeers 5 mei Comité meldt oer har:
“Een van de koeriersters was overigens ook de 70-jarige (!) gravin van Lynden, geb. Van Limburg Stirum. Met een pony en ponykar heeft zij wapens en springstoffen richting Haarlem vervoerd. De gravin was uit haar kasteel Keukenhof geplaatst, omdat daar Duitsers werden gedetacheerd.”
Gjin "blombolle-baronesse" dus, mar in 'blombolle-grevinne'? ‘De freule op het balkon’ is dêrmei lykwols noch net thúsbrocht. Anna Cecilia van de Poll wie yn 1939 al fjouwer jier troud en wie dus gjin freule. Faaks soe it gean kinne om ien fan de dochters fan Arnoud Hendrik baron van Hardenbroek van Ammerstol (1875-1947), dy’t in sânstienfabryk hie tusken Lisse en Hillegom. Der is lykwols it probleem dat dizze húshâlding destiids yn Heemstede wenne, net yn Lisse. De baron soe nei de oarloch feroardiele wurde as kollaborateur, mar syn dochters Mechteld Cornelia (1918-2000) en Aleid Ingeborg (1921-1945) bedarren yn it ferset.
By in ynfal troch de Dútsers op harren skûladres yn Utert koe Mechteld ûntsnappe. Inge net. Sy stoar yn 1945 yn it konsintraasjekamp Ravensbrück.
.
It soe hjir de Freule fan Wommels wêze kinne - Jan Wybenga hat dêre tocht ik oan in skoalle stien. Mar dat wie wol folle letter.In Freule dy't gouden klokjes beskikber stelde spruts ta de ferbylding.
BeantwoordenVerwijderenhee Josse, jawis, ik ha oait ek in klokje fan de Freule krigen, no ja, dy wie der doe al net mear. Mar yndie, Jan stie pas yn 'e jierren fyftich yn Wommels foar de klas; it fers is út 1939. Hy wie al wat dwers ûnder tsjinst. Sa is der ek in rapportsje fan in feroardieling in jier earder, om't er op wacht stien hie mei in Frânske bivakmuts op 'e holle...
BeantwoordenVerwijderen