zondag 29 januari 2012

Op Hatsum

Noait mear ieltsjes ite by Dronryp,
dêr’t de trein stoppet foar fisk
en ik my yn ’e fette hannen knyp
dat it libben sa ferrukkeluk is.

Op Hatsum noait mear skar sline!
De sinne sakket achter Frjentsjer
en de katten by de bakken fine
in fiskje lekkerder as in hintsje.

Noait dronkener fan flessen griener
as de grutte eagen fan myn leaf,
sjoch ik no: gjin Gewürztraminer
en gjin Riesling mear te keap

om de dei mei fuort te spielen.
Ik mep in mich op ’e ananas dea.
My heakket in bonkje yn ’e kiel en
de trein riidt wer fierder troch it gea.



(www.denachtrider.blogspot.com)

Geen opmerkingen:

Een reactie posten