maandag 30 januari 2012

Eksit Friese Pers Boekerij?

As de foartekens klopje, is it meikoarten dien mei de Friese Pers Boekerij anneks Uitgeverij Noordboek, de boekútjouwer fan it kranteconcern NDC mediagroep. As útjouwer bin ik dêr yn maaie 2011 fuortreorganisearre, en it is goed mooglik dat myn trije oerbleaune kollega’s dit jier itselde te wachtsjen stiet.

FPB/Nb hat sûnt maaie presys fjouwer (4) titels útjûn dy’t ik noch net koe, titels dy’t dus net al op kommendewei wiene doe’t ik fuortgie. Trije boeken yn it Drints en ien yn it Frysk: gjin titels om de oarloch mei te winnen. It listje besteande projekten wurdt ôfwurke, de besteande foarried wurdt ferkocht en fierder bart der net safolle.

Fryske literatuer? De iennichste foar my nije titel dy’t FPB/Nb yn in perioade fan hast in jier op ’e merk brocht hat, wie Lúshâlding fan skriuwer, dichter en ensafh-redaksjelid Geart Tigchelaar. Opfallend is ek dat FPB/Nb noch altyd ûnsichtber is op social media as FaceBook en Twitter en dat der oan de webside al in jier neat feroare is.

Sûnt ferline jier heart FPB/Nb net langer by de útjouwerspoat fan it concern NDC/VBK, mar falt streekrjocht ûnder de direksje fan NDC mediagroep. Yn in parseberjocht liet de kommersjeel direkteur fan NDC mediagroep fan doe, Cees Anceaux, witte dat der neat feroarje soe. "Het is puur een organisatorische kwestie."

De eardere switch, ein 2006, fan de Friese Pers bv nei Kok ten Have yn Kampen (ûnderdiel fan VBK, tsjintwurdich yn Utert) hat desastreus útpakt foar FPB/Nb. It hat der no alles fan wei dat ek de direksje fan NDC mediagroep, nettsjinsteande syn eigen eardere berjochten, net fan doel is om FPB/Nb as folweardige útjouwerij fuort te setten.

Tawurke wurdt nei alle gedachten nei in ‘eigen’ boekepoat fan de Leeuwarder Courant, dy’t ommers al inkelde jierren dwaande is om mei syn eigen boeken en boeke-advertinsjes FPB/Nb om sjippe te helpen. Yn sa’n konstellaasje sil der foar Fryske literatuer yn ’e takomst al hielendal gjin plak mear wêze - wat dyselde Leeuwarder Courant fierder woarst wêze sil.


.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten