Joe Silent (sjoch myn gedicht ‘High Noon’) wie in cowboy, mar ek in revolverheld fan it grutste kaliber. Oer him binne sa’n 20 spannende westernboeken skreaun troch Ray Hunter. Utjouwer yn de jierren ’60 en ’70 wie Aat van Kersen (‘Alleen Lectuur Van Klasse’) yn Ridderkerk.
As jonge ha ik ferskate fan dy boeken lêzen, mar net ien hat myn trettjin of fjirtjin ferhuzingen oerlibbe. No googele ik juster ris op ‘Joe Silent’, en wat blykt? De rige waard net skreaun troch in Amerikaan, mar troch Abraham Frederik Pastoor (1920-2000), dy’t publisearre ûnder de skûlnammen Fred Dickson en Ray Hunter en ek noch as oersetter F. van de Pas.
Der is net folle oer him op it ynternet te finen. Berne yn Eelde, bernetiid yn Grins, letter nei Amsterdam. Skriuwer en oersetter út it Frânsk, Dútsk, Ingelsk en Russysk. Bekend is ek de rige cowboyboeken fan de Dútser Conrad Kobbe (oer de held Conny Coll) dy’t er oersette. Miskien is it wat foar Dagblad van het Noorden om ris in petret fan Pastoor te meitsjen.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten