Earm binn’ de delen fan ’e Donger.
Sljocht en rjocht, hazzelipjend lân.
Tusken Blijerpolder en Lauwersstrân
wurdt de grize patrûlje net jonger.
Sjoch se dêr gean, yn rigen rinnen,
leproazen en melaatsen mankepoatsje
kreas bylâns it nije sneldyksgoatsje
om de race tsjin ’e Dea te winnen.
Hiene kluteklauwer, boer en pimp
gjin minder bittere pil ferwachte
as in lijenswei nei Ljouwert en Dr8en
tsjin soargesyktmen en tsjin krimp?
Nei de bile yn ’e plasse fan Bonifatius
(ear en rom út tiden lang ferlyn)
gie it knyft allike ûnmeilydsum yn
it hert fan genêzer Aisklepius.
Nimmen wurdt yn Dokkum better,
of jo moatte fan hûs út leauwe
en net té lang kopke ûnder bliuwe
yn de wite fiver mei it wûndere wetter.
Al wat dêr wennet nimt de wyk
as it noch flechtsje kin of stroffelje.
Al wat dêr âlder wurdt wol knoffelje
nei better oarden, oer de asfaltdyk.
(www.denachtrider.blogspot.com)
Geen opmerkingen:
Een reactie posten