De tiid dat in bondeltsje gedichten noch foar in bytsje opskuor – contradictio in terminis – soargje koe, liket achter ús te lizzen. No ja, opskuor, yn literêre rûnten dan. It iennichste wat no noch yn literêre rûnten foar in bytsje opskuor soarget, is de ûnnoazelens fan tydskrifteredaksjes. Net dat eartiids dy redaksjes minder ûnnoazel wiene – sjoch bygelyks ris nei Trotwaer midden jierren santich.
Ien fan de redaksjeleden wie doe Willem Abma, dy’t foar syn earste trije dichtbondels (publisearre ûnder de skriuwersnamme Daniël Daen) yn 1973 de Gysbert Japikspriis krige en dy’t him fan de weromstuit yn Trotwaer nochal breed makke. Sa publisearre er yn 1976 yn it tydskrift dêr’t er sels redakteur fan wie, in mânsk besprek fan syn eigen dichtbondel De iken fan Dodona.
Soks soe miskien hjoeddedei in útkomst wêze, no’t der blykber gjin fetsoenlike besprekker mear te finen is en redakteuren fan klearebare earmoede inoars bondels de hichte yn stekke?
Trotwaer midden jierren santich hat de namme fan in deechlik, suver wittenskiplik skôgjend blêd. Trinus Riemersma wie ek redakteur. En Adri van Hijum, mei syn beruchte, want ûnlêsbere, ‘struktueranalyzes’. Hoe wie it dan mooglik dat Willem Abma yn 1976 it meast belachelike poëzijbesprek út de skiednis fan de Fryske literatuerbesprekkerij publisearje mocht yn datselde Trotwaer?
No’t in seleksje út Abma syn poëtysk wurk meikoarten ferskine sil by de nije útjouwerij Wijdemeer fan Louw Dykstra, foarsjoen fan in ensyklopedyske ynlieding fan de hân Abma syn maat Philippus Breuker, is it miskien wol aardich om noch even stil te stean by it stikje ‘De dichter in clown of charlatan’, wêryn’t Abma te set gie oer de twa jier earder (!) ferskynde bondel lyts frysk deadeboek fan Jan Wybenga.
Abma is tsjintwurdich ‘gesprekstherapeut’ (www.willemabma.nl) en ik wit net oft er dat yn 1976 ek al wie, of doe noch yn 'e stúdzjefase siet, mar yn alle gefallen skrille er net tebek foar it “djiptepsychologysk hifkjen fan poëzij”. Wat yn syn gefal delkaam op it delkwatteljen fan “wat yntuïtive feeling”.
De ynhâld fan Wybenga syn “teksten” – Abma koe mar fjouwer werkelike “fersen” yn it bondeltsje fine – wie aardich yn harmony mei de foarm, neffens de poëzijpsychiater: “Men kin in rachel ûnmooglik in bepaalde struktuer mei jaan. Je moatte mar ôfwachtsje hoe’t dy by it skraabjen fan de kiel jin út de mûle flûpt en op strjitte delkwitst. De iene kear lang en giel, dan werris rûn en griis, soms in lytse draak mei op in moaist in stikje stjurre bloed der yn.”
Nee, Abma rûn net heech mei it lyts frysk deadeboek… It wie ien en al skellerij op Fryslân en wat sei soks oer de dichter? It antwurd: de haat fan de dichter tsjin Fryslân wie eins haat tsjin himsels.
“Jan Wybenga, berne 1917, sit yn dy jierren dat âlderdom en âlder wurden ta in obsessy wurde kinne. Hy hat syn eangsten foar ’t âlder wurden. Hy ûntwikkelt in geweldigen agressy tsjin it âlder wurden, it ferfal, fergean, it fersuterjen. De wize dêr’t er syn omjouwing op waarnimt en ynterpretearret is ‘trochflueze’ mei eigen eangsten. Sterker: alles wurdt yn it perspektyf fan dea en ferfal set, it stjert net allinne in natuerlike dea, nee, it moat dea en wurdt ta dea ferflokt.”
Wybenga spile ferskûl yn syn literatuer. Om “syn deadswinsken sa te kamûflearjen dat se oanfurdber lykje”. Om de “selslikwidaasjedriften fan de skriuwer” te ferbergjen. En om’t Abma syn proaza ek 35 jier letter noch altyd fermaaklik is, hjir noch mar in langer sitaat:
“It tema fan de bondel stiet my slim tsjin, en meast ek de wize dêr’t it tema op stal jûn is. De betrutsenheid fan de dichter by de rotsjende en huorkjende Friezen is blykber dochs te grut om de bek te hâlden. Myn earste primitive opstiging wie, moatte wy Friezen ús dit arrogante, lêbige geskel en gerach fan in grinzer flatfries oanlynje litte. Lit him yn syn stellingwerven barste. En dan… nou lit mar, dit boekje is al misledigjend genôch.”
Gelokkich sette Adri van Hijum ús poëzijpsychiater in jier letter op syn nûmer (‘De kritikus in charlatan’, Trotwaer, 1977); itselde jier dat Jan Wybenga de Gysbert Japikspriis krige, syn twadde, foar lyts frysk deadeboek. Mar it nuvere is, Van Hijum brûkt de ferkearde arguminten om Abma syn fet te jaan. Hy jout oan dat dat it “sels foar in beleard psycho-analist net in ienfâldige saak is om nei in soms grut tal sessys fêst te stellen wêr’t de problemen fan in kliïnt weikomme”. Sa besjoen hie Abma in bytsje hoedener wêze moatten mei syn “yntuïtive feeling” rom baan te jaan.
De literêre kearn fan de saak is lykwols, fansels, dat in literêre tekst noait beoardiele wurde kin op syn relaasje mei de werklikheid of de psyche fan de skriuwer. In gedicht docht him oan ús foar as in augurium, in opfongen godsteken. It seit minder oer de god dy’t it joech as oer de ûntfanger (de ‘lêzer’), dy’t it útsprekt.
.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten