vrijdag 18 november 2011

KOLLUM (20): Campusfeestje yn Ljouwert! Mar wa bekroadet him oer it wittenskiplik ûnderwiis yn it Frysk?

Feestje! Hjoed wurdt de University Campus Fryslân (UCF) offysjeel iepene yn de Blokhuispoort, “kom en geniet van prachtige muziek, geweldige workshops en een gratis drankje”. Der binne topacts lykas Lefties Soul Connection, we ha de winner fan 3FM Serious Talent derby en DJ Jan Douwe Kroeske hâldt wer ien fan syn wrâldferneamde 2metersessys.

En der is ek earnst, hjoed. In sympoasium! Presys 200 jier nei’t de universiteit fan Frjentsjer de doarren ta dwaan moast. Der sille wol 200 dielnimmers wêze.

Dat alles om cachet te jaan oan de ôftraap fan de UCF, in “netwerkuniversiteit”, opset troch de Fryske Akademy, Waddenacademie, Wetsus, Tresoar, NHL Hogeschool, Van Hall Larenstein, Stenden Hogeschool, Rijksuniversiteit Groningen, Universiteit Twente, Wageningen Universiteit en Research en TU Delft. “Een innovatieve academische netwerkorganisatie, een Fries initiatief dat gebruik maakt van een dynamisch netwerk van toongaangevende regionale, nationale en internationale partners.” Studinten kinne aansen masters folgje yn ûnder oare wettertechnology, toerisme, leefbaarheid, meartaligens en duorsume enerzjy.

Mar, hee! Feestfierders! Hallo! Fraachje! Hoe komt it mei it wittenskiplik ûnderwiis yn it Frysk? In idee? Anybody?

Lykas bekend – ûnder mear tanksy prof.dr. Goffe Jensma, dy’t okkeries op de NachtRider oan de bel luts – wurdt de selsstannige stúdzje Frysk oan de RU Grins opheven en sil opgean yn in brede stúdzje fan minderheidstalen yn Europa. Exit Frysk dus. Exit de pretinsje dat de twadde Rykstaal serieus nommen wurde kin yn Nederlân. Exit ek de foarstelling as soe it de bestjoerders yn Fryslân wat skele kinne. Want net ien politikus dy’t him hearre litten hat, de ôfrûne moannen, oer it lot fan de stúdzje Frysk yn Grins.

Net ien beweger dy’t der wekker fan leit, blykber. En net in tydskrifteredakteur dy’t it fierder wat bomme kin. Ernst Bruinsma fan de Moanne? O nee, Bruinsma wennet te ticht by de Akademy. Piter Boersma fan ensafh? O nee, Boersma wurket oan de Akademy. Al dy oare redaksjeleden? Fierstente drok mei… ja, wêr mei eins? It raast oan de protters dat net allinnich de Fryske polityk mar ek de Fryske literatuer “syn” stúdzje Frysk mar gewoanwei stjerre lit.

Mar och, elke taal kriget de stipers dy't er ferstjinnet, blykber. Hjoed komt Goffe Jensma yn it Friesch Dagblad oan it wurd. Dat is teminsten noch wát.

1 opmerking:

  1. Abe, do hellest... (ach, ferkeard, sorry) Je haalt me de woorden uit de mond; is voledig uit mijn hart gegrepen!

    BeantwoordenVerwijderen