foar gene clark
hasto sjoen de treinen nergens hinne
oer de dykskrún ridend mei it fjoer
fannijs nei ’t testamintsjen fan de sinne
fannijs ûntspoarend sûnder stjoer
hasto sjoen de dûns fan ’t wite wiif
mei in halosirkel om ’e holle
mar it wie mei stikeltried omwuolle
mar it wie it dûnsjen fan in liif
hasto sjoen de boupleats mei it tún
beskade fan iperen ferwulften
it roashûs fernield en oan pún
it roashûs sloopryp yn ’t ravensulver
hasto sjoen dyn dreamen ûnderweis
fleane útdreaun en fleane fierder
ta de nacht út mei dy op reis
ta de nacht út mei har siedder
hasto sjoen hoe’t stjerrebylden skine
oer de blaugersfjilden fan de see
út ’e skulp wei silst in haven fine
út ’e skulp wei fynst in stee
hasto sjoen wa’t de rekken skriuwt
yn ’t drifkjend skom oer de banken
sierskrift fan kralen dat leafde riuwt
sierskrift fan strykljocht en spranken
.
"elfje" foar "seedyksterfeartfisk" Abe de Vries
BeantwoordenVerwijderenwrakseljend
út'e skulpen
sykjend nei havens
fynst op it einbeslút
dysels.
("elfje" is in alverigelich gedichtsje yn in fêste foarm:
1e rigel ien wurd
2e ,, twa wurden
3e ,, trije wurden
4e ,, fjouwer wurden
5e ,, ien wurd
makket mei elkoar alve wurden.)
Tankewol, Bildtfries! In moai elfje!
BeantwoordenVerwijderen