As der in retrospektyf skreaun wurde moat dat in sjoernalistyk ûndersyk neamd wurde kin, yn dit gefal in ûndersyk nei de fraach wêrom’t de reis nei 2018 sa út koerts reitsje koe, sjoch it artikel ‘Van visioen tot hoofdpijndossier’ yn de lêste ôflevering fan de Moanne, dan kin de skriuwer op in stuit op syn minst twa paden foar him sjen.
It iene bochtet ta nei in sa folslein mooglik byld fan oarsaken, sûnder dat de steller al foarôf liket te witten hoe en wat, en komt del op in sa realistysk mooglike skildering. It oare sjit rillegau de bosk yn fan de mieninkjes dy’t har yn guon kontreien al foarme hawwe en dy’t allinnich noch mar, foar de foarm, dokumintearre hoege te wurden, dat is: fan in retoryk foarsjoen.
It liket derop dat sjoernalist Richard de Boer net lang stind hat op de kar. Miskien heart er by in moderner slach reporters en tinkt er dat beide paden eins ien en itselde binne. Hoe oars it swartepytsjen te ferklearjen op basis fan twa bange, dus anonime boarnen, in pear byinoar garre sitaten en in tillefoantsje dat blykber net langer as twa tellen duorre hat mei de man dy’t yn it stik lykwols nei foarren komt as de haadskuldige oan it skandaal, de kertiermakker fan Kulturele Haadstêd 2018, Henk Keizer?
En hoe oars it nét-ûndersykjen te ferklearjen fan de amtlike ferantwurdlikheid fan de provinsje Fryslân? Mear yn it bysûnder it funksjonearjen fan ien amtlike ôfdieling. In ôfdieling dy’t net allinnich te krijen hat mei ûnderbesetting mar earst ek neat wist fan it fenomeen fan de Europeeske kulturele haadstêden en de finânsiering fan sokke útwrydske, ambysjeuze ideeën.
Mei oare wurden, neat yn it artikel seit my dat de auteur syn sinnen set hat op in speurtocht troch it folsleine bestjoersproses. Dat hinderet fierder net sa folle. In ferfeelsum spultsje fan op de man spylje kin ek syn nut ha. Mar as oer sa’n blomkoal dan ek noch it reammich remûladesauske fan it ynterlokaal-liberale sjagrijn útjitten wurdt– ‘wat moatte wy eins mei sa’n kulturele haadstêd, it is in optinksel fan de oerheid’ – ja, dan wurdt it in iterij mei lange tosken.
Ut sokke pannen slacht in damp dy’t my en jo grif ek troch de noastergatten giet as in warskôging, nammentlik as in suver moedeleas meitsjend sinjaal dat de bewende prak wer op tafel komt. Wy sjogge oars net as achterom en we sjogge oars net as apen en beren.
Huub Mous sil in kear net nei sûnde en seine frege wurde. De bloggende koördinator b.d. fan Keunstwurk, troetelbear fan liwwadders.nl en maskotte fan alle net-Frysktalige late night betterwitters, mei wat sizze oer it Frysk Festival, it is hinnegien en wy misse it yndie noch elk jier. En der is in heechlearaar út Rotterdam, dy’t sa op it earste gesicht, mar wa bin ik, ûnderstek docht oan de ekonomyske rispinge fan it haadstêdprojekt. Miskien falt it net elkenien op, mar it binne krekt sokke bydragen fan ‘bûtensteanders’, ynklusyf De Boer sels, dy’t it suterige selsbetrouwen fan de Fryske ekonomy en kultuer prebearje noch wer in slach suteriger te krijen.
Spitigernôch leveret de Moanne sa gjin bydrage oan de tema’s dêr’t in protte tinkers, bouwers en skreppers út de kulturele fjilden – dat binne dus net altyd minsken dy’t ferbûn binne of wiene oan ynstitúsjes – wól graach in bydrage oan leverje wolle. De parabel fan de twa paden, dêr’t ik saniis op tsjutte, moat de literatuerleafhawwers yn ’e redaksje dochs bekend foarkomme. It bibelske ferhaal fan it smelle en it brede paad giet miskien wat te fier, mar wat is it ferhaal fan de Moanne sels dan eins? Leit dat yn it ferlingde fan sa’n, mei alle respekt, flutterich “ûndersyk”?
Kom aansen ris del op de gearkomsten fan de entûsjastelingen dy’t op dit stuit oer it bidbook neitinke, itselde bidbook dêr’t Richard de Boer allinnich mar oer melde kin dat it der al wêze moatten hie. Praat ris oer it perspektyf dat oan de oarder is, of wêze kin. Wat soks betsjutte kinne soe foar it kultureel klimaat yn Fryslân, in provinsje dy’t oer alle boegen ta is oan in ympuls. Of foar de skrutelens fan Ljouwert, in stêd dy’t likegoed as it plattelân deromhinne op syk moat nei ideeën, projeksjes, fantasmas. Eigen en net-eigen.
It binne sokke syktochten dy’t kultueren útmeitsje. It paad foarút – en dat jildt ek foar de krityske sjoernalistyk – is in oar paad as it paad werom.
Dag Abe, wat fijn dat je de moeite hebt genomen mijn stuk te lezen en een kritiek te formuleren. Alleen jammer dat je commentaar nergens inhoudelijk op ingaat. Je weerlegt geen enkel feit in mijn stuk. Je vereenzelvigt het project Fryslân2018 met de algehele toekomst van de Friese economie en cultuur. Alsof Fryslân géén toekomst heeft wanneer dit project voortijdig zou stranden. Je zet me neer als een huurling om de Friese troepen te demoraliseren. Iemand die het wankele Friese zelfvertrouwen komt neersabelen met een zeikstuk. Zullen we binnenkort wat afspreken? Lijkt me een goed plan dat kan helpen om wederzijdse misvattingen uit de weg te ruimen. Beste groet, Richard
BeantwoordenVerwijderenHagoeie Richard, jawis, wy moatte inoar in kear moetsje! Ik ha yndie gjin kommentaar op "feiten" (mar wat binne dat krekt?), al op in sa't it liket nochal iensidige seleksje fan feiten yn dyn stik. Boppedat soe it, yn in tiid dat sawol de gemeenteried fan Ljouwert as PS oer KH 2018 kedize, foar de hân lein ha om net allinnich werom te sjen, mar ek de takomst en de kânsen te ûndersykjen. Dat is it boadskip fan myn kollum. Ik praat fansels graach wat ôf. Lit oars mar witte wannearst in kear yn it noarden bist. Myn mail is abedevries@hotmail.com
BeantwoordenVerwijderenMei groetnis!