Reaksje op FaceBook, yn de groep Fryslân en de Fryske taal:
Ik bin bang dat bivakmûtsen op YouTube en 3000 deaden 700 jier lyn net folle helpe om it foech fan de provinsje te fergrutsjen... De iennichste manear om dêr nei ta te wurkjen is safolle mooglik minsken derfan te oertsjûgjen dat wy hjir eat hawwe dat de muoite wurdich is. Op it foarste plak: in taal. Dêr't wy sels fierstente min acht op slaan. Op it twadde plak: de romte. Dy't wy sels folplempe mei ûnrant. En op it tredde plak: in eigenheid, dêr't de finger lykwols net samar even op lein wurde kin. Ik doar de stelling wol oan dat inisjativen lykas it Keppelfeest, de Reis 2018 en aansen wat der noch mear yn it ramt fan KH 2018 barre sil, folle en folle wichtiger binne as "de betinking" oait wêze sil. It hat net folle doel en skop elke kear mar wer tsjin de Nederlânske steat oan. It hat folle mear doel en besykje de Friezen te ferlieden ta... harren sels. Amen.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten