Seedyksterfeartfisk is hjoed foar it earst sûnt de take-off yn desimber ferline jier troch de magyske grins fan 2800 pageviews yn ’e moanne hinne batst. Dat binne rûchwei 94 pageviews deis.
It faakst oanklikt wurde de kollums. De beide Gysbert-kollums fan 8 en 9 novimber op 1 en 3, en mei stip op 2 it ferhaal fan de Moanne dat it ferhaal fan it jier net is.
Fierder is ek dúdlik, blykt út ûndersyk, dat de reklame op de feartfisk foar it Friesch Dagblad fertuten docht. Sjoch mar nei de oplagesifers.
Minder moai is de wat ôfwachtsjende resepsje fan de muzyk op de feartfisk. Faaks is alt.country net it populêrst ûnder de Friezen en moat der foar de gruttere oanklikoantallen oerskeakele wurde op house of hoe hjit soks. Of op Anneke Douma. Spitich, mar dat dogge wy moai net.
Achte faartfis,
BeantwoordenVerwijderendos mar even 'n klaine reaksy. Ik kin my heel wel fine in jou keus fan de mezyk. Dat, ik sou sêge: mar mooi soa deurgaan!
Tankewol, Bildtfries! En tips binne fansels altyd wolkom!
BeantwoordenVerwijderen