Hjoed wie ik dielnimmer oan ien fan de heechmissen yn de Fryske literatuer: de útrikking fan de Gysbert Japikspriis. Yn in folle Martinitsjerke yn Boalsert krige Durk van der Ploeg de oarkonde út hannen fan deputearre Jannewietske de Vries, nei’t sjueryfoarsitter Willem Verf it sjueryrapport foarlêzen hie en Tresoar-direkteur Bert Looper syn laudatio.
De laureaat spruts, sa’t in grand old man fan in literatuer soks dwaan kin, yn syn tankwurd mylde taal oer it dochs eins skandelike feit dat eardere Gysbert-sjuerys syn wurk foarby rûn wiene. En der wie krêftich oargelspul fan Durk syn soan.
Dochs wie it in dreech oerke, dêr yn Boalsert. Wat is it gefal? It docht bliken dat de Gysbert-sjuery fan dit jier net allinnich in advys oan de provinsje útbrocht hat oer de te bekroanen auteur, mar fuort ek mar oer it literêr prizestelsel. It hat der boppedat in protte fan dat de sjuery de provinsje yn oerweaging jûn hat om de Gysbert Japikspriis tenei te reservearjen foar in oeuvre. De mooglikheid om in inkeld boek yn ’e prizen falle te litten, soe Gysbert-om ûntfytmanne wurde moatte.
De sjuery bepleitet de ynstelling fan in nije, twajierlikse literêre priis foar it bêste proazaboek. Dy nije priis, as dy der komt, sil net in provinsjale priis wêze mar út “it fjild” wei bekostige en ferjûn wurde, sa sei de deputearre yn har taspraak. De nije priis soe folle mear útsjoch jaan op omtinken foar de Fryske literatuer.
In hieleboel fragen klopje ynienen op de doar. Lykas: wêrom moat, by de ynstelling fan in oare literêre priis, de Gysbert beheind wurde ta in oeuvrepriis? Dat komt del op it ûntnimmen oan de takomstige Gysbert-sjuerys fan it rjocht om yn alle frijheid, sûnder rekkening te hâlden mei polityk belang of panikerich prizebelied, advys út te bringen oer de wichtichste, nijsgjirrichste of artistyk meast slagge literêre prestaasje. De iene kear is dat in inkeld boek, de oare kear in hiel oeuvre.
It is de kar fan de sjuery dy’t it bekroande wurk nij omtinken jout, diskusjes losmakket, in plak yn de literatuerskiednis wiist, mei oare wurden: dy frije kar fan de sjuery is op himsels in kultureel belangryk feit. Yn dat ramt is der gjin inkelde reden te betinken om sa yngripend ôf te wiken fan de priistradysje fan de Gysbert, sûnt 1947, as dizze Gysbert-sjuery, hoe ûnbegryplik ek, skynt útsteld te hawwen.
Ien en oar is ek fan belang, om’t de Gysbert in provinsjale priis is: in utering fan wurdearring dy’t út namme fan de Fryske maatskippij en mienskip dien wurdt. De status fan dizze priis yndachtich is it dúdlik dat allinnich al dêrom de nij yn te stellen priis net in ferfanging foar in Gysbert-funksje wêze kin. De Gysbert Japikspriis krije foar in boek, dat is ommers hiel wat oars as in priis foar datselde boek krije fan Tresoar, boekhannel Van der Velde, de bank mei de leechste of heechste hypoteekrinte fan Noardwest-Europa en de Bruna op it stasjon yn Ljouwert.
En men kin jin ek ôffreegje oft in priis dy’t allinnich foar oeuvres útrikt wurde mei, praktysk net delkomme soe op in Gysbert foar âlden fan dagen. Fryske skriuwers dy’t de 70 jier helje, kinne har melde by it loket? Of komme ek tritigers mei trije boeken op de list yn ’e beneaming? Fjouwer boeken? Fiif? Binne dat ek "oeuvres"?
Der is deagewoan gjin goede reden om good old Gysbert te begraven. Neat mis mei de winsk om ien kear yn de twa jier in leuk boekwinkelpublykfeest te hawwen om in goede roman hinne, mei short lists en Facebook- en Twitter-accounts en de hiele sjittinte en wat allegear net. Kin mei faasje omset wurde yn belied. Mar in oare Gysbert, dêr moat earst noch mar ris goed oer neitocht wurde. De heechmis fan hjoed wie dochs gjin rekwiëm?
It idee fan in oeuvre priis is fansels net frjemd, mar sykje dan wol in oare namme, want it hiele oeuvre fan Gysbert-om bestiet ommers ek út mar ien boek! De priis foar it bêste, nijsgjirrichste, literêrste (?!) boek soe dan moai de Gysbert Japicx Priis wêze kinne en de oeuvre priis neame wy nei in skriuwer mei in wat grutter oeuvre. Halbertsma, Postma, Schurer en Vander Velde kin al net mear, Dijkstra soe better foar taalkundich ûndersyk reservearre wurde kinne, Kalma, Brolsma, dat moat mar net........de Trinus Riemersma Oeuvre Priis!!!!!
BeantwoordenVerwijderen