Us heit hat 25, 30 jier lang yn bestjoeren sitten fan ferienings op it doarp. Altyd mar wer neitinke: hoe moat it, hoe heart it, yn bestjoersgearkomsten, yn ledegearkomsten. Wat sizze de regleminten? De statuten? Wat dogge jo wol en wat dogge jo net, as jo in sit hawwe yn in bestjoer?
It Fryske doarp is wat dat oanbelanget in goede demokratyske learskoalle. Jo leare dêr te sjen nei it lykwicht tusken de minsken fan no en de minsken fan doe, tusken de eask en gean mei jins tiid mei en de winsk om it goede fan ‘de tradysje’ ‘heech te hâlden.
Oerbrocht nei it lytse wrâldsje fan Frysk-literêre tydskriften betsjut soks dat ek dêr in stikmannich al of net swart op wyt notearre spulregels besteane dêr’t jo jo oan hâlde moatte, as it heal kin. Ien dêrfan hat te krijen mei de ûnderlinge ferhâlding fan redakteuren. In twadde mei de ferhâlding tusken redakteuren en ‘de bûtenwrâld’ fan skriuwers, dichters en besprekkers.
De earste seit dat it ûnwinsklik is dat de iene redakteur in boek fan de oare redakteur besprekt yn it eigen blêd. Wêrom? Om al yn ’t foar de skyn wei te nimmen dat der oare as suver literêre kritearia in rol spylje kinne soene yn sa’n besprek. Ensafh-haadredakteur Piter Boersma besprekt yn syn eigen blêd (papieren ferzy) de twadde dichtbondel, Tongfal, fan ensafh-redakteur Edwin de Groot. Oft sa’n besprek no posityf of negatyf útfalt, docht net ta de saak. Boersma heart konform dizze regel De Groot gewoan net te besprekken.
De twadde seit dat it ûnwinsklik is dat in boek fan in redakteur besprutsen wurdt troch immen dy’t troch de redakteur sels oandroegen wurdt as ‘fan’ en sels ‘kenner’ fan de redakteur yn kwesty. Wêrom? Om’t fansels elke skriuwer fan in boek dat besprutsen wurde moat, wol graach syn eigen besprekker útkieze wolle soe. Wat soe soks dwaan mei it oansjen fan de literêre krityk? Lykwols wurdt ensafh-redakteur Cornelis van der Wal syn dichtbondel Kristus Pavlov yn it nijste nûmer besprutsen troch dichter en Van der Wal-adept Michel Dijkstra, deselde dy’t in healjier lyn – doe betitele as “de grutste kenner fan it wurk van Van der Wal” – it earste eksimplaar fan Kristus Pavlov yn ûntfangst nimme mocht út hannen fan de dichter.
As de favorite besprekker it Frysk net behearsket, gjin punt. Soks heart blykber net by de funksje-easken. Ensafh set it besprek wol oer yn goed nei te kommen Frysk.
By ensafh slacht de literêre fernijing ûnferbidlik ta. Jo meie dêr fan no ôf jo eigen besprekker útsykje.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten