zaterdag 26 april 2014

Ut klearebare fernielsucht

In pear dagen lyn wie ik mei in pear freonen wer ris yn de Riedpolder, dat is it lege lân oan wjerskanten fan de Ried, de feart fan Frjentsjer nei Winaam. Op it stik fan it waar wie it in ûnrêstige middei. Boppe Harns reinde it, de wyn wie súdeast, dat faaks soene wy it wol droech hâlde. Mar de see kearde de buien op en de wyn waard deromhinnedraaierich. Hy blies it reinwetter dochs ús kant op. 

Likegoed koene wy even de stân fan saken opnimme. In protte greidefûgels. Ljippen sloegen fûl op mûzebiters. Strânljippen wiene der, ûnderskate soarten einen, en ek giele fûgeltsjes dêr’t ik de namme net mear fan wit. De lêste sinne blonk op de kassen ûnder Seisbierrum en yn de fierte waard it swarte silûet fan de Harnzer haven hieltyd grizer. 

Berjochten yn ’e krante: okkerdeis is wer mear as fjirtich hektare Seisbierrumer grûn ferkocht oan in grienteboer om der kassen op te bouwen. En it jiskefabryk fan Omrin yn Harns – troch Albertina Soepboer en my oait, mei in ferwizing nei Lord of the Rings fan Tolkien, ‘it sliepeleaze kwea’ doopt – hat bekendmakke dat it tenei rotsoai út it bûtenlân ymportearje sil. Om’t de helske, fersmoargjende masine oars net rendearje kin. 

Dêr waard al foar de bou foar warskôge. Mar it wie doe fansels net wier, neffens de direkteuren, de foarljochters en de politisy. En der wie wol mear net wier. Bygelyks it praatsje fan Omrin oer de hichte fan de skoarstien. Dy is mar 44 meter, mar tanksy ‘nije techniken’ dy’t gassen de hichte yn stjitte soene, soe de eigentlike (‘firtuele’) hichte wol mear as 120 meter wurde. Ha, ha, ha. 

It histoaryske boerelân om Winaam hinne, myn bertedoarp, is it ôffierputsje fan Fryslân wurden. Rintmasterskip is hjir – lykas op safolle oare plakken yn de provinsje – in wurd sûnder ynhâld. It is gebiet dêr’t op syn dúdlikst bliken docht dat Fryslân in skynpolityk foar it lânskip oer fiert. De mûle is goed, mar werklik al it oare is om te gûlen. 

Op de weromreis fûnen wy, midden op de moldyk oan de súdkant fan de Ried, net fier fan Getswerdersyl – oait in prachtige slûs yn de Slachtedyk, dêr’t yn de tachtiger jierren út klearebare fernielsucht mar in daam fan makke is – ferskûle yn heech gers en tikselblêd in út in nêst rôve en leechsûgd eine-aai.



.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten