dinsdag 1 april 2014

Moarn yn it Friesch Dagblad: De moderne toer fan Babel

Skaalfergrutting, sintralisaasje, uniformearring, opskealing. It binne de sykten fan de tiid. Oantaasting fan diversiteit slacht oeral ta, sawol yn it bedriuwslibben, de kulturele sektor as it iepenbier bestjoer. De gefolgen binne ûnder mear in opmarsjearjen fan anonimiteit en in massale flecht út de ‘publike saak’. Uteinlik sil de minske werombrocht wurde ta in nûmer, in bedrach en in funksje, dêr’t bewurkingen op tapast wurde. 

Klinkt dat apokalyptysk? Miskien. Mar wy steane derby en sjogge dernei, it is krekt as komt it oer ús hinne as it waar. Dat is dochs wat nuver, want fan mooglike foardelen fan de niisneamde maatskiplike ûntjouwing docht net folle bliken. Foarbylden by de rûs. Gemeenten wurde trije, fjouwer kear sa grut, mar de gemeentlike belêstingen geane omheech ynstee fan omleech. Wylst it tal stimmers sterk tebekrint. Dissiplinearring op de wurkflier briedt jaknikkers út, knipmessend foar managers. Fusearjende bedriuwen – en ek ûnderwiisynstellingen – smoare harsels mei aloan stiigjende overheadkosten. 

Yn de lânbou: boerebedriuwen wurde yndustryen, dy’t it lânskip net te kearen nei de knoppen helpe. Yn it ûnderwiis: doarpsskoallen mei minder as safolle learlingen binne saneamd net mear ‘libbensfetber’, en yn in sucht en in skeet wurdt der wer in hert út wer in mienskip snijd. By de tsjerken: de fúzje fan herfoarme en griffermearde tsjerken hjit Protestantse Kerk Nederland, let op: Kerk, inkeldfâld. 

Der is mei oare wurden in moderne toer fan Babel ûntstien, grûndearre op ‘ekonomyske needsaak’, op inkeld sifermjittich effysjinsytinken en op moadetaal dy’t optilt fan wurden as ‘dynamyk’, ‘beweging’ en ‘synergy’. It geniale fan dy toer is dat er amper sjoen wurdt. It liket krekt as is er der net. Hy stiet net ter diskusje, bedoel ik dêrmei te sizzen. Hy hat leauwigen by de fleet, mar gjin earetsjinst. Hy is fanselssprekkend. 

Wy moatte soargje dat er omfalt. Dat er sljochte wurdt. Dat kinne wy dwaan troch mear gewicht te jaan oan diversiteit as wearde. Yn dat ljocht sjoch ik ek nei de wearde mienskip, dy’t miskien ek as kontrapunt tsjinje kin. En nei identiteit. Foar my giet it dêrby net om in romantysk hingjen oan it ferline, mar om in moderne, aktivistyske maatskiplike betrutsenens, dy’t de minsklike maat as útgongspunt hat. 

Tink noch mar ris oan dit stikje, as aansen de safolste pratende holle foarbykomt dy’t fergrutsje, sintralisearje, uniformearje en opskealje wol. En sis dan: nee, jo Babel moat om.


.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten