Silsto letter mei my ek prate,
as ik dy myn hert útsis –
of kin it inkeld oer dy gean,
dyn dei, dyn goede freonen,
de wurken dy’t jim bedreaunen –
silst werklik wat weromsizze,
mear as ‘ik begryp it’, ‘wat moai’,
of datst no ienris myn jonge bist –
Silsto sjen kinne wat ik foar dy die,
al is ’t net folle – in gedicht
dat der samar wie, dy helpe
elke kear ast it dreech hiest, elke
dei oan dy tinke, dy de boeken jaan
dy’t ik lies – myn aloan winken,
‘Nimsto my mei, as aansen
begjint de twadde helte?’
Silsto my net stean litte,
as ik omfal, silsto myn bedelte
wêze as it berchop net wol –
silsto werklik witte wat ik woe,
al is ’t net folle – mar altyd mei dy
yn ’e holle, mei jimmer in wurd
fan goeried klear – silsto
dêr tsjinoan kinne?
Silsto iepen wêze foar dines oer –
hoe oars as mines! – en dy net
liede litte troch gewin – of
die ik foar dy winliken te min
en wie ik dy net nei ’t sin,
hie ik ien en al ûnbegryp –
set my dan as ôfjit by de dyk:
in âld man, dy’t him útpraat wit.
.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten