zaterdag 5 april 2014

De falske Fryske tsjinstelling

Wêrom liket dizze provinsje bytiden in provinsje te wurden fan de skyn? De moaiskyn, de bûtenkant, de fassade, it ferkeappraatsje en it sneinske gesicht? Ik sil dy boude ferûnderstelling oan de hân fan trije punten taljochtsje. Bûter by de fisk. 

Earstens: belied liket bytiden gjin antwurd op de werklikheid te wêzen, mar benammen de kleau te ferbergjen tusken wat der bart en wat eins winsklik is. Foarbyld: it jiskefabryk yn Harns. In dom, fersmoargjend ding dat by de bou al oerstallich wie en dat wilens, lykas al dalik foarsein, rotsoai oanlûkt út it bûtenlân wei. 

Twads: útdroegen stânpunten binne hieltyd faker folslein kontrêr oan fêstleine doelstellingen. Foarbyld: It Fryske Gea, dat it Fryske lânskip beskermje moat, mar dat no foar de bou fan oeral groepkes wynmûnen pleitet, ûnder ferwizing nei in ‘enkête’ ûnder de leden. 

Treds: saneamde oplossingen hawwe gjin effekt op de problemen dêr’t se foar bedoeld wiene, mar pakke wol dúdlik desastreus út foar saken dy’t weardefol binne. Foarbyld: de fjouwerbaans Sintrale As fan ergens nei nergens, op kosten fan in heus Nasjonaal Lânskip. Of nim de ôfskaffing fan de Sutelaksje, mei ynsakjende boekferkeap as gefolch. 

Wat giet der hjir dan sa mis? Der binne guon, dy wolle hawwe, it Fryske probleem is de wrakseling tusken konservearje (‘it Frysk-eigene behâlde’) en modernisearje (‘mei de grutte wrâld mei moatte’). Even yn betrouwen: dat is in falske tsjinstelling. Al sûnt de oarloch wurdt de krite hjir oerspield troch de iene nei de oare modenisearringsweach, ja, Friezen binne kampioen yn modernisearjen. En fan betsjuttingsfol tsjinakseljen fan konservativen ha ik noch noait wat fernommen. Alles moat en sil fuort, wei en om. Salang’t it mar as ‘modern’ en ‘dynamysk’ ferkocht wurde kin. 

De achtergrûn dêrfan is net in wrakseling mei, of ferset tsjin, de moderniteit, mar misbegryp, of gebrek oan besef, fan eigenwearde. It makket dat te uzes gauris ferkearde keuzes makke wurde. Dy moatte dan mei krompraat wer rjochtpraat wurde. Dêrfandinne dy skyn dêr’t ik it saniis oer hie. Dy’t blyn is foar eigen rykdom en kwaliteiten, kin net allinnich gjin rem sette op ‘fernijing’; dy sil benammen net kieze kinne foar it soart fernijing dat wól noadich is. 

Lit ús hoopje dat ‘2018’ net it folgjende probleem wurdt dat as in oplossing bedoeld wie. Selsfernijing, dat wie yn it begjin de ynstek. De resinte fokus op regiomarketing, besyksifers en ynvestearringsoerskotten, it wiist faaier as faai.



.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten