zaterdag 19 april 2014

Fuotbalje




No’t ik, foar ’t keamersrút 
fan de ôfbraakflat, ferdjipping twa, 
yn Zaandam-East 
te dreamen stean,

de lippen net 
om ’t útein fan in sigaret – ferbean, 
want min foar ’t slim teheist’re hert – 
sjoch ik wat ik eartiids die: 

ik draafde hurd, ik skoarde folle, 
lykas dêr op ’t fjild myn jongste soan. 
Hy kapt en tikt en draait, oant 
in oar yn 't potsje lef 
in foet útstekt en hy mei hege 
wanhoopshannen falt en himels brekt. 

Op datselde tragysk stuit
riist der as in spotske helikopter op
in mok foar it balkon,
roppend ,,Do bist top!” 

en ik wit net 
oft it de fûgel is dy’t skreaut 
of myn eigen âlde kop.



.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten