woensdag 2 april 2014

No te keap foar 10 euro! Op is op!


Yn de oanbieding: Douwe Kiestra, Skielk beart de hjerst (Frysk en Frij, Ljouwert 2005) 220 s.

Sûnder mis ien fan de meast kontroversiële blomlêzingen fan de ôfrûne tsien jier, no foar de spotpriis fan 10 euro yn ’e oanbieding (12,50 ynkl. Ferstjoerkosten). In partij fan tsien boeken – spitigernôch sûnder de cd’s dy’t derby sitte moatten hiene – koe troch in beskermingel rêden wurde út de boedel fan De Slegte yn Ljouwert. Dat: op is op!

Jo oankeap sil ta stipe wêze fan it marzjinale bestean fan in lytse zzp’er yn de Fryske literatuer! Mail jo bestelling en adres nei abedevries@hotmail.com.
  
Ut de parse:

Hoe ferkeard wie de Fryske dichter Douwe H. Kiestra yn ’e oarloch en wat is dêr yn syn wurk fan werom te finen? Dy fraach hat, sûnt Abe de Vries Douwe Kiestra mei syn blomlêzing ‘Skielk beart de hjerst’ op ’e nij yn ’e skynwerpers pleatste, al hiel wat pinnen yn beweging brocht.

Sietse de Vries, LC, 4-1-2006

Hij concludeert dat Kiestra een van de meest overtuigende, integere en inspirerende Friese dichters is. De gedichten zelf zijn daarvan een overtuigend bewijs.

Jelle van der Meulen, NBD, 19-8-2005

De belutsenens fan Abe de Vries by Douwe Hermans Kiestra is grut. De ’nije wurdearring’ dêr’t dizze ’út ’e wei romme’ dichter rjocht op ha soe, hat er ta syn missy makke. De ynlieding is tige persoanlik en hjir en dêr iensidich en polemysk. Nijsgjirrige lêsstof, mar ek in minefjild. De ’lytse oarloch’ om dizze boeredichter is noch net besljochte.

Harmen Wind, de Moanne, maart 2006

Geen opmerkingen:

Een reactie posten