donderdag 3 april 2014

De wurden en de kleuren 2

Dyn grouwélichste fjoerdraken,
ferskûle yn 'e Unhuere Bosken,
ynienen seach ik se, se fochten
mei tsjoendersfeinten, inkeld
bewapene mei Drakulatosken.

It wie dêr by de grimelgrammel
ûnder de designer’s beammen,
op dy middei yn ’e âlde tiid.
Mem hie lakte jubelteannen, heit
hie syn stjerreskip wosken.

O, ik wit hoe’t it is, as op in dei
it read, grien en blau binne wei.
Elke kleur rôve, as de race-auto
yn ’e fersnelling sjit, en yn ’e sleat
allyk in skiep yn ûnmacht leit.

Fan de grutte minsken learde ik
hoe tin it iis fan ’e jonkheid is,
ek al bist in earsten master op it
kleurpotlead. Tiid teit alles wei,
yn swart, yn griis, by nacht, by dei.



.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten