Understeand it stik út 2008 dêr’t ik yn pleite ha foar it ynstânhâlden fan it suteljen mei Fryske boeken. It mocht doe net helpe. De Sutelaksje waard ôfskaft, in jier letter de Stichting It Fryske Boek ek, en noch in jier letter waard de stichting Boeken fan Fryslân oprjochte (desimber 2010) as gearwurkingsorgaan fan Fryske útjouwers. Dy stichting krige 1,9 ton startjild fan de provinsje, mar hat twa jier lang neat dien om’t it neffens de Afûk-direkteur allegear oars moast. Twa koördinatoaren waarden oannommen en der like hurd wer útwurke. Bornmeer hie it al gau besjoen mei BfF, dy kaam gewoan net mear. No't de stichting Tsjil, in inisjatyf fan skriuwers - net fan ynstituten - bekendmakke hat dat se wer sutelje wolle, nei in tige slagge mar troch de stichting BfF negearre proef yn trije doarpen ferline jier, is der panyk útbrutsen by de lêste. Foarsitter Piter Boersma woe begjin dit jier noch in heal miljoen subsydzje ha foar syn stichting, mar dat sit der wierskynlik net (mear) yn, want de provinsje hat terjochte besletten om ék Tsjil te subsidiearjen. En no wol BfF ynienen ék wol sutelje yn gearwurking mei doarpsferieningen...
De Sutelaksje hawwe guon noait entûsjast oer west. Dat freegjen oan de doarren, it is in âldmoadrich slepen en tôgjen. En dan dy kroaden! It is yts fan ó sa lang lyn. In imago-kwestje. Dêrom stekt de provinsje gjin sint yn de Sutelaksje en sil takom jier de lêste kear wêze dat yn seis wike tiid hûndert doarpen it evangeelje fan it Frysk lêzen brocht wurdt troch hast twatûzen frijwilligers. Mar wat is it alternatyf?
Wol wat nuver, oars, dat de provinsje nei bûten ta reklame makket mei syn grutte rykdom oan doarpen, mar binnenskeamers safolle muoite hat mei de sutelkultuer fan de buorrens. It is in praktyk dy’t net los te sjen falt fan de ‘mienskip’, tusken twa heaken ek it tema dit jier fan it Frysk Festival. Wc-papier ferkeapje foar de fuotbalklub, handoeken foar tsjerke en de lotto ophelje foar Doarpsbelang of de keatsferiening. Wêr’t it yn al dy moaie Fryske doarpen op oankomt binne de tûzen-en-ien aktiviteiten fan lytse ferienings en krekt dêrfan soe de Sutelaksje mear gebrûk meitsje kinne.
It taalbefoarderjend risseltaat fan de Sutelaksje is simpel te mjitten en bestiet út it grutte oantal boeken dat jierliks oan de doar ferkocht wurdt, foar it meastepart oan minsken dy’t net gau út harsels om in Frysk boek nei de boekhannel stappe. De Sutelaksje is dêrmei de meast effektive foarm fan taalbefoarderingspolityk dy’t Frysksinnich Fryslân yn ’e rin fan de jierren betinke kinnen hat.
Wol hat de stichting It Fryske Boek, sûnt jier en dei de útfierder fan de Sutelaksje, de lêste jierren muoite om genôch frijwilligers te finen. Minsken binne mear op harsels, ek op de doarpen mei harren mienskipssin. Der moat tsjintwurdich in krystbeam oan foarlêsjûnen en literêre optredens by opset wurde om it publyk it hûs út te krijen. De Sutelaksje koe harsels altyd wol bedrippe, mar dat is net mear sa en as de foartekens net lige, sil It Fryske Boek meikoarten by Tresoar ûnderbrocht wurde en ferliest it syn selsstannige posysje.
Om’t de provinsje de Sutelaksje in oerlibbe fenomeen fynt, en it suteljen tafallich wol de raison d’être is fan It Fryske Boek, sille sawol de stifting as it suteljen sels in yngripende modernisearring ûndergean moatte. Of ferdwine, dat kin ek noch. It hoe en wat is noch net útiten en it is ûnwis hoe’t Deputearre Steaten hjir yn steane. Dêrom is it goed om de wichtichste fraach helder te krijen. Hoefolle ‘berik’ kin in Sutelaksje-nije-styl krije, mei oare wurden: hoefolle hat de provinsje foar dizze taalbefoardering- yn-optima-forma oer?
It soe der net om gean moatte de Sutelaksje te beheinen ta in folle lytser tal plakken dat besutele wurdt. De minimale opsje is sutelje yn in pear gemeenten, mar dan is ek wat de media oanbelanget de attinsjewearde derôf en wurdt it pas werklik de folklore dêr’t it no wolris foar fersliten wurdt.
In better model giet út fan behâld fan berik en it beteljen fan frijwiligers en harren ferienings út de boekferkeap wei. Miskien skrikke de idealisten hjirfan. Sy binne al dy jierren net in sint better wurden fan it oanpriizgjen fan Fryske boeken. Mar ek sy sille begripe dat de wâl it skip keart.
De personiele organisaasje soe foar in part oerhevele wurde kinne nei bygelyks ferienings fan doarpsbelangen, dy’t foar eigen rekken wol sutelje wolle. It Fryske Boek soe dat yn ’e takomst organisearje en begeliede kinne. Miskien soe it ek wat wêze om in part fan de suteltrajekten\ te riden mei (hier)buskes, dêr’t de minsken mei lâns de doarren geane. Politike en finânsjele stipe fan de provinsje is yn alle gefallen ûnmisber en ek útjouwers soene by in fernijde opset belutsen wurde kinne.
Wêrom net in wat positivere ynstek? It suteljen is in wichtige taalympuls foar doarpen en plattelân, it suteljen ôfskaffe soe in ferkeard sinjaal wêze. ‘Hâld mar op mei jim taalmissy, minsken, wy rêde it dochs net op.’ Dat klinkt der yn troch, ek al sil it net sa bedoeld wêze. Oan dat boadskip soe de Sutelaksje net opoffere wurde moatte, dêrfoar is de betsjutting fan dy perioade fan kollektive sutelwiken foar it Frysk lêzen te grut.
LC, 14 oktober 2008
Abe de Vries
Geen opmerkingen:
Een reactie posten