Hjir spielden wy niiskrekt oan út see,
kommend fan in eilân, dat dyn thús is,
dyn earst en lêst, dyn wrâld om út wei
en nei werom, en altyd feilich nêst –
myn oarlochsstrân, myn seemansgrêf –
‘De meeuwen dragen korte broeken,’
seisto, helendal myn soan. Net earder
ha wy sa’n simmerwike tegearre hân.
Mei dy rin ik op 'e romte oer it paad
nei de seedykstertoer – inkeld achterfolge,
do en ik, troch it skaad fan dyn broer –
Ik ferhelje fan de skiednis fan myn lân,
oer plan A, plan B, ik ha it oer dong
en stront, oer boeren dy't ierdappelroaie.
Hoe stoer sjochsto my oan, ast in rak,
útpikt, opkrijst - it lêste fan in mok –
Gjin heechferried ken dit lân. It komt
sa’t it is, it kypt net misbetrouwend
om in hoeke en it hâldt neat gnypsk
achter de hân – it fjild fan heit en soan.
Op ’e deltadyk – wy steane jierren stil –
waait de wyn ús dyn paradysfûgels oan.
.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten