dinsdag 31 januari 2012

Modern sonnet oer 't mantsje en 't stofsûchfamke Jantsje

(Oan J.A. Dèr Mouw en G. Achterberg opdroegen)

As middeis let wekkerslûget
út ’e wintersliep ús mantsje,

allinnich dwerslizzend yn syn
lytsbernich ledikantsje,

tinkt er: In binde! Wat is der
no de deale oan ’t hantsje!

Ik bin ’n grut dichter, mar wêr
is myn ôfwaskhelp Jantsje?

Gaueftich rûke oan ’t âldmannich
stjonkend waskhantsje,

dan fluks in yn ’e kadokrigen
magnetron opwaarme pantsje

bamy ite en online Snits troch stowe
op ’e fyts mei it lekke bantsje,

strûze as in wyld nei it hûs fan
Jantsje, om leave in wantsje

op ’e lea! Want mâl en dwers-
trochalleshinne is ús mantsje!

Sa behyplike lyts, te lyts foar syn
mystyk is ’t keale Fryslantsje

dêr’t opdrachtjouwers him útgnize
en noait net beklantsje,

mar riinsk betelle opdrachten
by betûfte kollega's plantsje.

It belije moat it ûnskuldich
stofsûchfamke Jantsje,

fynt ús beursdichtsjende
(mei ik fange!) ûnferstantsje:

it mantsje!




.

The Trishas - Whistling

maandag 30 januari 2012

Bilkerts


Hendrik Elings en Hein Jaap Hilarides. Promofoto foar cd-presintaasje.
www.flickr.com/photos/abedevries



Hein Jaap Hilarides, tsjerke Sint Jabik. Promofoto foar cd-presintaasje.
www.flickr.com/photos/abedevries

Eksit Friese Pers Boekerij?

As de foartekens klopje, is it meikoarten dien mei de Friese Pers Boekerij anneks Uitgeverij Noordboek, de boekútjouwer fan it kranteconcern NDC mediagroep. As útjouwer bin ik dêr yn maaie 2011 fuortreorganisearre, en it is goed mooglik dat myn trije oerbleaune kollega’s dit jier itselde te wachtsjen stiet.

FPB/Nb hat sûnt maaie presys fjouwer (4) titels útjûn dy’t ik noch net koe, titels dy’t dus net al op kommendewei wiene doe’t ik fuortgie. Trije boeken yn it Drints en ien yn it Frysk: gjin titels om de oarloch mei te winnen. It listje besteande projekten wurdt ôfwurke, de besteande foarried wurdt ferkocht en fierder bart der net safolle.

Fryske literatuer? De iennichste foar my nije titel dy’t FPB/Nb yn in perioade fan hast in jier op ’e merk brocht hat, wie Lúshâlding fan skriuwer, dichter en ensafh-redaksjelid Geart Tigchelaar. Opfallend is ek dat FPB/Nb noch altyd ûnsichtber is op social media as FaceBook en Twitter en dat der oan de webside al in jier neat feroare is.

Sûnt ferline jier heart FPB/Nb net langer by de útjouwerspoat fan it concern NDC/VBK, mar falt streekrjocht ûnder de direksje fan NDC mediagroep. Yn in parseberjocht liet de kommersjeel direkteur fan NDC mediagroep fan doe, Cees Anceaux, witte dat der neat feroarje soe. "Het is puur een organisatorische kwestie."

De eardere switch, ein 2006, fan de Friese Pers bv nei Kok ten Have yn Kampen (ûnderdiel fan VBK, tsjintwurdich yn Utert) hat desastreus útpakt foar FPB/Nb. It hat der no alles fan wei dat ek de direksje fan NDC mediagroep, nettsjinsteande syn eigen eardere berjochten, net fan doel is om FPB/Nb as folweardige útjouwerij fuort te setten.

Tawurke wurdt nei alle gedachten nei in ‘eigen’ boekepoat fan de Leeuwarder Courant, dy’t ommers al inkelde jierren dwaande is om mei syn eigen boeken en boeke-advertinsjes FPB/Nb om sjippe te helpen. Yn sa’n konstellaasje sil der foar Fryske literatuer yn ’e takomst al hielendal gjin plak mear wêze - wat dyselde Leeuwarder Courant fierder woarst wêze sil.


.

zondag 29 januari 2012

Op Hatsum

Noait mear ieltsjes ite by Dronryp,
dêr’t de trein stoppet foar fisk
en ik my yn ’e fette hannen knyp
dat it libben sa ferrukkeluk is.

Op Hatsum noait mear skar sline!
De sinne sakket achter Frjentsjer
en de katten by de bakken fine
in fiskje lekkerder as in hintsje.

Noait dronkener fan flessen griener
as de grutte eagen fan myn leaf,
sjoch ik no: gjin Gewürztraminer
en gjin Riesling mear te keap

om de dei mei fuort te spielen.
Ik mep in mich op ’e ananas dea.
My heakket in bonkje yn ’e kiel en
de trein riidt wer fierder troch it gea.



(www.denachtrider.blogspot.com)

zaterdag 28 januari 2012

Zoe Muth - The Last Bus

KOLLUM (26): Skyndebat ûnder de klokslach fan 2018

‘Een onverholen propagandaoffensief voor het project Culturele Hoofdstad 2018’, sa neamt Jan Folkerts de publikaasje fan it earste stik yn de LC yn twa jier dat posityf wie oer KH 2018.

Folkerts, histoarikus, no noch gemeentesiktaris fan Littenseradiel, yn in earder libben direkteur fan it HCL, soe syn wurden wat minder op effekt foar kar nimme moatte. Is it net earder sa dat de LC oant desimber ferline jier een ‘onverholen propagandaoffensief’ tsjín KH 2018 fierd hat?

Mar goed, elk hat it rjocht om te oerdriuwen en te ferdraaien en dy’t slûget moat him stilhâlde. Stroffelstien foar Folkerts is it stik ‘Friesland op naar Europese toekomst’ fan Bert Looper (LC, 17 desimber 2011). Yn de nije ôflevering fan de Moanne stiet Folkerts syn tsjinstik ‘Valse historische argumenten helpen het project Culturele Hoofdstad 2018 niet’. Histoarikus Folkerts wol gehak meitsje fan histoarikus Looper (direkteur Tresoar). Slagget him dat?

Looper hat in krantestik skreaun oer perioades yn de skiednis fan Fryslân dy’t fan belang wiene foar de identiteitsfoarming fan de Friezen. Hy hat dy perioades keppele oan politike feroarings dy’t yn deselde tiid plakfûnen. It aardige fan syn bydrage wie de draai nei it hjoed ta; op ’e nij, seit Looper, sitte wy yn sa’n identiteitsfoarmjende perioade, yn gong setten troch it Europeeske ienwurdingsproses. Yn dat ramt sjocht er kânsen om fan KH 2018 in súkses te meitsjen.

Folkerts set dêr foaroer it feit dat net allinnich politike faktoaren by sokke streamfersnellingen in rol spilen en dat it belang fan ekonomyske en sosjaal-kulturele ynfloeden net útpoetst wurde moat. It argumint is falide mar hat wat fan in iepen doar. De politike skiedskriuwer fersus de histoarysk-materialist? Dat debat is al lang oereide; om raak te sjitten hie Folkerts oannimlik meitsje moatten dat dy útsûnderlike perioades yn de skiednis fan de Fryske identiteitsfoarming hielendal net bestien hawwe. Of, as der al soks oan de hân wie, dan mei in folslein oare tiidyndieling as dy’t Looper hantearret.

Mar Folkerts kiest foar de oanfal en nuvere kaprioalen. Sa soe de Romantyk as polityk-kulturele streaming yn de 19e-ieu yn alle lannen fan Europa deselde, unifoarme útwurking hân hawwe. Hoe oars is it te begripen dat er foarby giet oan it feit dat sokke prosessen behalve in universele ek in lokale en regionale ynfolling krigen? Dat oeral yn Europa yn de earste helte fan de 19e-ieu oer identiteit neitocht waard, betsjut net dat it tinken oeral itselde wie.

Achter de teoretisearderij hâldt him in ferskil skûl, suggerearret Folkerts, yn wurdearring foar ‘Europa’. Looper sjocht in histoaryske trend, dy’t hjoeddedei plakfynt: ‘In mentale toekomstoriëntatie vindt deze eeuw een duidelijke verschuiving plaats,’ skriuwt er. ‘Friesland wil zich niet meer alleen een plaats geven in de Nederlandse, maar duidelijk ook in de Europese toekomst. Het accent verschuift van nationale staten naar het Europa van de economische en culturele regio’s.’

Folkerts fynt dy trend mar neat, ûnkent foar it gemak it bestean derfan en makket fan Looper in orakel. Tankewol foar it boadskip, mar wêr kin ik no lêze dat dy Europeeske ferskowing nét plakfynt?

Soe Folkerts net nei it sjoernaal sjen? Jawol, mar as er dat tajout kin er net mear út de heup wei sjitte op syn werklike doelwyt, KH 2018 en in kultureel feroaringsproses dêr’t er de measte affiniteit net mei hat.



.

vrijdag 27 januari 2012

'Lit him yn syn Stellingwerven barste'

De tiid dat in bondeltsje gedichten noch foar in bytsje opskuor – contradictio in terminis – soargje koe, liket achter ús te lizzen. No ja, opskuor, yn literêre rûnten dan. It iennichste wat no noch yn literêre rûnten foar in bytsje opskuor soarget, is de ûnnoazelens fan tydskrifteredaksjes. Net dat eartiids dy redaksjes minder ûnnoazel wiene – sjoch bygelyks ris nei Trotwaer midden jierren santich.

Ien fan de redaksjeleden wie doe Willem Abma, dy’t foar syn earste trije dichtbondels (publisearre ûnder de skriuwersnamme Daniël Daen) yn 1973 de Gysbert Japikspriis krige en dy’t him fan de weromstuit yn Trotwaer nochal breed makke. Sa publisearre er yn 1976 yn it tydskrift dêr’t er sels redakteur fan wie, in mânsk besprek fan syn eigen dichtbondel De iken fan Dodona.

Soks soe miskien hjoeddedei in útkomst wêze, no’t der blykber gjin fetsoenlike besprekker mear te finen is en redakteuren fan klearebare earmoede inoars bondels de hichte yn stekke?

Trotwaer midden jierren santich hat de namme fan in deechlik, suver wittenskiplik skôgjend blêd. Trinus Riemersma wie ek redakteur. En Adri van Hijum, mei syn beruchte, want ûnlêsbere, ‘struktueranalyzes’. Hoe wie it dan mooglik dat Willem Abma yn 1976 it meast belachelike poëzijbesprek út de skiednis fan de Fryske literatuerbesprekkerij publisearje mocht yn datselde Trotwaer?

No’t in seleksje út Abma syn poëtysk wurk meikoarten ferskine sil by de nije útjouwerij Wijdemeer fan Louw Dykstra, foarsjoen fan in ensyklopedyske ynlieding fan de hân Abma syn maat Philippus Breuker, is it miskien wol aardich om noch even stil te stean by it stikje ‘De dichter in clown of charlatan’, wêryn’t Abma te set gie oer de twa jier earder (!) ferskynde bondel lyts frysk deadeboek fan Jan Wybenga.

Abma is tsjintwurdich ‘gesprekstherapeut’ (www.willemabma.nl) en ik wit net oft er dat yn 1976 ek al wie, of doe noch yn 'e stúdzjefase siet, mar yn alle gefallen skrille er net tebek foar it “djiptepsychologysk hifkjen fan poëzij”. Wat yn syn gefal delkaam op it delkwatteljen fan “wat yntuïtive feeling”.

De ynhâld fan Wybenga syn “teksten” – Abma koe mar fjouwer werkelike “fersen” yn it bondeltsje fine – wie aardich yn harmony mei de foarm, neffens de poëzijpsychiater: “Men kin in rachel ûnmooglik in bepaalde struktuer mei jaan. Je moatte mar ôfwachtsje hoe’t dy by it skraabjen fan de kiel jin út de mûle flûpt en op strjitte delkwitst. De iene kear lang en giel, dan werris rûn en griis, soms in lytse draak mei op in moaist in stikje stjurre bloed der yn.”

Nee, Abma rûn net heech mei it lyts frysk deadeboek… It wie ien en al skellerij op Fryslân en wat sei soks oer de dichter? It antwurd: de haat fan de dichter tsjin Fryslân wie eins haat tsjin himsels.

“Jan Wybenga, berne 1917, sit yn dy jierren dat âlderdom en âlder wurden ta in obsessy wurde kinne. Hy hat syn eangsten foar ’t âlder wurden. Hy ûntwikkelt in geweldigen agressy tsjin it âlder wurden, it ferfal, fergean, it fersuterjen. De wize dêr’t er syn omjouwing op waarnimt en ynterpretearret is ‘trochflueze’ mei eigen eangsten. Sterker: alles wurdt yn it perspektyf fan dea en ferfal set, it stjert net allinne in natuerlike dea, nee, it moat dea en wurdt ta dea ferflokt.”

Wybenga spile ferskûl yn syn literatuer. Om “syn deadswinsken sa te kamûflearjen dat se oanfurdber lykje”. Om de “selslikwidaasjedriften fan de skriuwer” te ferbergjen. En om’t Abma syn proaza ek 35 jier letter noch altyd fermaaklik is, hjir noch mar in langer sitaat:

“It tema fan de bondel stiet my slim tsjin, en meast ek de wize dêr’t it tema op stal jûn is. De betrutsenheid fan de dichter by de rotsjende en huorkjende Friezen is blykber dochs te grut om de bek te hâlden. Myn earste primitive opstiging wie, moatte wy Friezen ús dit arrogante, lêbige geskel en gerach fan in grinzer flatfries oanlynje litte. Lit him yn syn stellingwerven barste. En dan… nou lit mar, dit boekje is al misledigjend genôch.”

Gelokkich sette Adri van Hijum ús poëzijpsychiater in jier letter op syn nûmer (‘De kritikus in charlatan’, Trotwaer, 1977); itselde jier dat Jan Wybenga de Gysbert Japikspriis krige, syn twadde, foar lyts frysk deadeboek. Mar it nuvere is, Van Hijum brûkt de ferkearde arguminten om Abma syn fet te jaan. Hy jout oan dat dat it “sels foar in beleard psycho-analist net in ienfâldige saak is om nei in soms grut tal sessys fêst te stellen wêr’t de problemen fan in kliïnt weikomme”. Sa besjoen hie Abma in bytsje hoedener wêze moatten mei syn “yntuïtive feeling” rom baan te jaan.

De literêre kearn fan de saak is lykwols, fansels, dat in literêre tekst noait beoardiele wurde kin op syn relaasje mei de werklikheid of de psyche fan de skriuwer. In gedicht docht him oan ús foar as in augurium, in opfongen godsteken. It seit minder oer de god dy’t it joech as oer de ûntfanger (de ‘lêzer’), dy’t it útsprekt.



.

woensdag 25 januari 2012

Tim, Lucent Danstheater, Den Haag


Tim iepene ôfrûne sneon solo it evenemint Switch '12 fan it Nederlands Dans Theater yn De Haach. Mei de opbringsten fan Switch '12 hopet it Jeugdcultuurfonds in ôfdieling yn de Hôfstêd iepenje te kinnen. Hy spile twa dielen fan Telemann, Fantasia Nr. 9. Publyk: hast 1000 minsken.

Luuk op pentjak silat

dinsdag 24 januari 2012

Joe Silent wie in cowboy út Grins

Joe Silent (sjoch myn gedicht ‘High Noon’) wie in cowboy, mar ek in revolverheld fan it grutste kaliber. Oer him binne sa’n 20 spannende westernboeken skreaun troch Ray Hunter. Utjouwer yn de jierren ’60 en ’70 wie Aat van Kersen (‘Alleen Lectuur Van Klasse’) yn Ridderkerk.

As jonge ha ik ferskate fan dy boeken lêzen, mar net ien hat myn trettjin of fjirtjin ferhuzingen oerlibbe. No googele ik juster ris op ‘Joe Silent’, en wat blykt? De rige waard net skreaun troch in Amerikaan, mar troch Abraham Frederik Pastoor (1920-2000), dy’t publisearre ûnder de skûlnammen Fred Dickson en Ray Hunter en ek noch as oersetter F. van de Pas.

Der is net folle oer him op it ynternet te finen. Berne yn Eelde, bernetiid yn Grins, letter nei Amsterdam. Skriuwer en oersetter út it Frânsk, Dútsk, Ingelsk en Russysk. Bekend is ek de rige cowboyboeken fan de Dútser Conrad Kobbe (oer de held Conny Coll) dy’t er oersette. Miskien is it wat foar Dagblad van het Noorden om ris in petret fan Pastoor te meitsjen.

zaterdag 21 januari 2012

Lijenswei

Earm binn’ de delen fan ’e Donger.
Sljocht en rjocht, hazzelipjend lân.
Tusken Blijerpolder en Lauwersstrân
wurdt de grize patrûlje net jonger.

Sjoch se dêr gean, yn rigen rinnen,
leproazen en melaatsen mankepoatsje
kreas bylâns it nije sneldyksgoatsje
om de race tsjin ’e Dea te winnen.

Hiene kluteklauwer, boer en pimp
gjin minder bittere pil ferwachte
as in lijenswei nei Ljouwert en Dr8en
tsjin soargesyktmen en tsjin krimp?

Nei de bile yn ’e plasse fan Bonifatius
(ear en rom út tiden lang ferlyn)
gie it knyft allike ûnmeilydsum yn
it hert fan genêzer Aisklepius.

Nimmen wurdt yn Dokkum better,
of jo moatte fan hûs út leauwe
en net té lang kopke ûnder bliuwe
yn de wite fiver mei it wûndere wetter.

Al wat dêr wennet nimt de wyk
as it noch flechtsje kin of stroffelje.
Al wat dêr âlder wurdt wol knoffelje
nei better oarden, oer de asfaltdyk.



(www.denachtrider.blogspot.com)

woensdag 18 januari 2012

Jan Wybenga en Mirjam-Aphrodite, ús grutte Mem

Nei de mobilisaasje yn 1939 en in earste militêre oplieding, wierskynlik yn Assen, waard korporaal Jan Wybenga legere yn Lisse. Fan syn wederwaardigheden dêr komme wy net folle oan ’e weet, mar al wat.

Op it foarste plak binne notysjes oer dy tiid bewarre bleaun ûnder de titel ‘Mobilisatiedagboek 1939’ (Wybenga skreau foar en yn de oarloch noch meastentiids yn it Hollânsk; it typoskript by Tresoar hat lykwols ek in pear siden yn it Frysk). De tekst is benammen nijsgjirrich om’t er wat sjen lit fan de romantyske en doe al fierhinne ek op de Gryske mytology oriïntearre tinkwrâld fan de 22-jierrige kwekeling út Wolvegea.

Ien ding hâldt my oerein. Ek yn dit ôfhandich blombolledoarp krij ik hast alle dagen ien of mear ferskiningen fan Har, Mirjam-Aphrodite, ús grutte Mem. De grûn hjirre, sânich mei frijwat kalk, dêr’t sunich spul as hyasinten op groeie wol, sil Har ta manifestaasje stipelearje. Dysto yn bluisterich onferstân de tsjinst opsein hast, Mirjam-Aphrodite, ús grutte Mem, makket Har alle dagen wer iepenbier oan my. Se ferskynt my as de ierappelskylster har noedzjende skurte, de boekferkeapster mei de kante lea of as de blombolle-baronesse dy’t de lange billen oer it lear fan in autostuoltsje sljurkje lit.”

Oan wa’t it skriuwen rjochte wie, is net bekend. “Us grutte Mem”, dy’t korporaal Wybenga hjir seit te ferearjen, is in kombinaasje fan de bekende Grykse goadinne fan de leafde, Aphrodite, en in op de bibelske profetesse Mirjam weromgeande oergoadinne. Dúdlik is dat Wybenga har behalve as “mem” ek as goadinne fan de erotyk besjocht. Mirjam-Aphrodite is foar him net samar in dichterlik byld, in poëtysk optinksel; yn in twadde passaazje jout er har in teologyske achtergrûn, úteinlik weromgripend op it bibelske ferhaal (Num. 12:10) dat God Mirjam melaatsk makke en Mozes útferkarde as syn profeet:

Wat in gelok, dat Sy yn de earste ieuwen al út it trijebûn set is. Oars hie Se krekt as de beide oaren no út de tiid west. Hoe djip is de hillige geast, dy’t Har it rjochtlik plak ontset hat, net sonken; dy’t him hjoeddedei allinnich noch oppenearret yn de folgers fan healwize diktators. Sy allinne moat de boel geande hâlde en krijt meast spot en hún. Dêrom bin ik der wiis mei, dat Sy safolle omtinken jout oan it wolwêzen fan in domme, slûge korporaal, dy’t nachts, smoarch en ongedien, as in baarch omwraamt yn it strie op in betonnen flier.”

It is my net helder wêr’t Wybenga’s belangstelling foar Mirjam weikaam; miskien út lektuer fan gedichten of opstellen fan de Ingelse dichter en mytolooch Robert Graves. Hoe’t dat ek wêze mei, ta Har ûnderskate ferskiningsfoarmen yn Lisse soe ek ‘de freule’ hearre kinne dy’t wy tsjinkomme yn in (net publisearre) sonnet fan Jan Wybenga út 1939:

De freule op het balkon

De glazen deuren naar het lichtbesneeuwd balkon
staan open op de tuin, een glanzend aquarel
met een te felle lucht. Zij duizelt van de zon.
Dan dalen al, van voor en achter haar, met schel

gekrijt de meeuwen naar de zwarte vijvervloer,
alert al vóór het strooien. – ‘t Oopnen van de deur
moet het signaal zijn, denkt ze, als de zilverkleur
en ’t zwart van lijf en wiek neerflitsen naar ‘t voer.

Op ’t verwarrend dwarrelen neerziend, nu de mand
leeg is, voelt zij huiverend de vrieskou stijgen
haar benen langs omhoog: een roekeloze hand.

De ijle vrieslucht doet haar duizelig hijgen.
Zij voelt zich door een overheerser aangerand
en sluit de deuren. Maar buiten blijft het dreigen.

Dizze ‘freule’ kin fansels beswierlik lykskeakele wurde mei de “blombolle-baronesse” út it ‘Mobilisatiedagboek 1939’, al wie it allinnich mar om’t in freule gjin baronesse is. Mar de erotyske sfear komt oerien. Jierren letter hearre wy noch in oar wjerlûd, diskear wol publisearre, yn in gedicht út lyts frysk deadeboek (1974) dat mooglik weromgiet op syn tiid ûnder tsjinst:

By dei en nacht in stive
soldaat paraat foar it hûs fan ’e widdo.
Tsien stappen hinne tsien stappen werom.

’t Jewiel yn har ljisken is militair geheim.
Mar de dief oer skutten glûpend komt it
achterom benei.

As beide fersen op in biografyske anekdoate berêste, dan is it fansels nijsgjirrich en besykje út te finen om hokfoar ‘freule’ en ‘widdo’ it hjir gean kinne soe. It leit foar de hân om dan te tinken oan de bewenners fan it kastiel Keukenhof, yn 1939 eigendom fan Jan Carel Elias greve van Lynden (1912-2003) en syn frou Anna Cecilia van de Poll (1915). Yn dat jier waarden Nederlânse ofsieren ynkwartierd op it kastiel en moast der dus ek wachtrûn wurde. De greve syn mem, grevinne Aurelia Elisabeth van Limburg Stirum (1875-1949), Vrouwe van Noordwijkerhout, widdo fan Jan Maurits Dideric greve van Lynden sûnt 1930, wenne doe ek op Keukenhof. Aurelia Elisabeth wie in sterke frou, dy’t yn ’e oarloch yn it ferset siet. In útjefte fan de Stichting Haarlemmermeers 5 mei Comité meldt oer har:

Een van de koeriersters was overigens ook de 70-jarige (!) gravin van Lynden, geb. Van Limburg Stirum. Met een pony en ponykar heeft zij wapens en springstoffen richting Haarlem vervoerd. De gravin was uit haar kasteel Keukenhof geplaatst, omdat daar Duitsers werden gedetacheerd.”

Gjin "blombolle-baronesse" dus, mar in 'blombolle-grevinne'? ‘De freule op het balkon’ is dêrmei lykwols noch net thúsbrocht. Anna Cecilia van de Poll wie yn 1939 al fjouwer jier troud en wie dus gjin freule. Faaks soe it gean kinne om ien fan de dochters fan Arnoud Hendrik baron van Hardenbroek van Ammerstol (1875-1947), dy’t in sânstienfabryk hie tusken Lisse en Hillegom. Der is lykwols it probleem dat dizze húshâlding destiids yn Heemstede wenne, net yn Lisse. De baron soe nei de oarloch feroardiele wurde as kollaborateur, mar syn dochters Mechteld Cornelia (1918-2000) en Aleid Ingeborg (1921-1945) bedarren yn it ferset.

By in ynfal troch de Dútsers op harren skûladres yn Utert koe Mechteld ûntsnappe. Inge net. Sy stoar yn 1945 yn it konsintraasjekamp Ravensbrück.



.

woensdag 11 januari 2012

K-Rûte en yts mei kultuer

K-Rûte, in programma oer kultuer fan Omrop Fryslân, hie de lêste kear in prachtich item oer Galery Koopmans fan Anje Wester yn Earnewâld. En ek in wat lichtere bydrage oer Kulturele Haadstêd 2018, de Omrop stekt syn ljocht op by gekke minsken mei gekke plannen.

Want, seit Dieuwke Kroes, “der is noch gjin konkreet plan nei twa jier fan tarieding”. Bûter by de fisk. Huub Mous fynt it ek net goed: “Wat moet daar gebeuren. Want dat mis ik zo vaak, in al die discussies.”

Anneke Douma: yts mei in liet dat Friezen om utens meiïnoar meitsje, “oeral wei opnimme, mei Fryske artysten rûnom.”

Steven de Jong: yts mei syn eigen filmskript oer Grutte Pier.

Gryt van Duinen: yts mei de seis- of sânhûndert leechsteande tsjerken yn ‘e provinsje. “Net ynhâldlik, mar dat dêr yts mei kin. Dêr soest yts mei betinke kinne.”

Huub Mous: de elf steden. “Daar kun je niet om heen. Wat zou ik nou leuk vinden, laten we nou 3018 in je geest nemen, dat je elf toparchitecten uit de hele wereld een visioen laat tekenen hoe die wereld er dan uit ziet.”

Yvonne Bleize: “Wat gaan we dan doen! Moet je eens kijken wat voor mooi programma we nu al bedacht hebben.”



.

dinsdag 10 januari 2012

Uzo-Tetralogy

Oait yn ’e neidagen fan ’t restaurant ‘Homearys Fers’
de gloarje preaun fan útwurke bollebloed?
Nee? Ody! In liet.

Priuw ik koriander? Hja hjit fan Leny.
Hja minderet mei 't sâlt.
Har man komt út Drachten. Hast heksametrys
rint se maratons mei de gyros. Sy is,
seit de baas, in flitich wiif. Flitich, mar âld.
Oberfrou, noch in ûzo!

Lêstlyn brân. Fallyt is Grikelân. Leny wint gjin beauty contest,
Athena trimt gjin sixpack. Mar de reade rys, de reade
swietrokige rys en de klokken fan wyt Hylander -

Ik bin Hektor net, mar wy sitte no al sûnder sûflaky.


Taksysjauffeuze posearjend as piraat
seit my goejûn: “Ik bin de
bysliep fan captain Kirk”.

Op en del meunsterjend wolle de eagen
kontakt. Dûbele rige fan tolf
roeiers set de sokken deryn. Tsjinwyn!
Wite Marlboro’s opsmokend batst se
troch de brâning fan ’e stêd
de rôljende weagen fan ’t bûtenfjild yn
foar wat dûbeltsjes, der sit gjin oboal tusken. Stik
sjagryn. Swier parfumearre tsjin ’t bedjer.
Moademodel, oait,
brûkt Chanel. Bringt my nei myn
hotel. Libbensferhaal. Toanielrol. Toverkol.

Mar ho mar,
wy binn’ der al.


Hoi, myn Plyn. Lyts opûnthâld
yn ’e Wâlden. It falt net ta
te libjen yn ’t skaad fan de
Alden! Ik wie hjoed op ’e berch.
Deade boel, neat te rêden.
Leny is ferlern. De stêd
in púnheap ûnder seadden.
Wat oars te dwaan as inoar
te leavjen, Plyn.
                              No’t it mar kealer
wurdt op ’e klaai en de gloede
fan de opfiske ferhalen al ferwaait
en bestjurret yn fan ús misse setten
de ferbaarnde annalen -
der bliuwt neat fan oer
as droege jiske.


Moarn kom ik thús. Moarn
iepenje ik in nij Gryks restaurant foar ús.
Wy beskûteldoekje it diggelguod
hoeden mei it gouden flues.

En as de harpijen komme, troch de nacht,
fan achter de puntige Kaukasus wei,
en ytlike griffioenen komme mei,
en ek liuwen en slangen út ’e woastyn
snuve en sisse om it hûs,
sadat ús senuwachtige parkyt der sawat yn bliuwt,

dan smite wy in spjirblok mear op it fjoer
en jouwe ús del yn inoars earmen,
Plyn.
Tsjin goeried en flechtsje, tsjin better witten
en fûgelteken yn.




.

47

’k Ha in moai hânsum wrâldboltsje krigen
fan myn jongste soan. Oseanen
swart. Kontininten
griis-metallyk. ’k Wiisde oan
wêr’t ik sylde yn ’e
mankelike wyn,
as Fries en as Gryk:

oer de Grutte, oer de Atlantise,
oer de Swarte, Giele, Reade,
om de trijehoeke hinne en
kop yn it iis. ’k Wiisde oan
de goeden, de gleonen dy’t
lang by Kirke ferkearden
as Fries, as Gryk.

En dy’t moarden om in frou
en altyd yn tou wiene
mei myte, muzyk. ’k Wiisde oan
it eilân fan Afrodite,
mar ek fan ynkear it strân
dêr’t ik fûn, wûn en wer ferlear
as Fries, as Gryk.

Underoan de bol
it Deaderyk. ’k Wiisde oan
(stofkes yn beide eagen)
wêr’t de sinne it grutseil skroeit
fan ’e weagen en weisakket yn it lân.
De lêste lyryk is foar
Fries en Gryk gelyk.

“Papa,” sei de wiisnoas fan de klas,
“de blokker heeft ook wel een kompas.”



.

zondag 8 januari 2012

Kariatide foar in sânplaat op 'e rin

Ast wer op it wyt boppedek sitst fan dyn
opkalefatere skip, op sa’n maitydsdei
yn in skulp fan eartiids ûnderweis
nei in nij lân, in taflecht miskien,
slacht it seeljocht dy foar even blyn.

Ynienen sjochst de ein fan ’e reis,
it lege perk, dêr’t gysten de wyn
mei twa-tsjes keatst út nêsten faai
foar floeden en ’t tripkjend mûzeskaai
op de stripe sân nammens: it Gryn.

Lân dêr’t gjin timpelskoalle mear stiet
foar it grinsferkear mei de goadin.
Wie it krimpend lusthôf har te min?
En do draachst de wurden fan dyn liet,
it al âlde, dêr’t de sâlte see oan friet:

“Kytera seach ik – mar ’t wie in fersin.
Alle weagen moanjend nei it Fliet
joech har Sinte Lusia in nij begjin
as kariatide foar in sânplaat op ’e rin:
it Gryn, dat sûnder help nei gichem giet.”



.

woensdag 4 januari 2012

Jan Wybenga út Frânsk laach fan Hugenoaten

De dichter Jan Wybenga (1917, Warten – 1994, Grins) wie in soan fan Albert Jan Wybenga (1887-1954) fan Wytmarsum en Jacoba Martha Henriëtte Becude (1891-1956) fan Amsterdam. Se trouden yn Almelo op 17 juny 1915. Albert Jan Wybenga hie op dat stuit it berop fan arsjitekt.

Syn pake en beppe fan heitekant wiene Jan Wybenga (1855-1936) [‘Jan-ien’ yn kj 3 (1972)] fan Wytmarsum en Wikje Snoekstra (1855-1944) fan Wolsum. Oer dizze kant letter miskien mear. Syn pake en beppe fan memmekant wiene Jacobus Martinus Becude (1853-1932) fan Diepenheim en Anna Landhuis (1849-1916) fan Almelo.

Jan Wybenga hat nei alle gedachten it folgjende gedicht oer syn mem skreaun. It is it twadde gedicht yn de bondel Fergetten fersen (1994), dat er sels achteryn de bondel datearret op 1954. It is net ûnmooglik dat it ek twa jier letter skreaun west hawwe kin, yn 1956, doe’t syn mem kaam te ferstjerren:

Ieuwikselbern

As wyld oer glêde flinten hossend gongen
se de ieu yn, skimen by petroaljeljocht.
Troch in god yn tsjuster snipt, hat onfertocht
in frommes as earste fan ’t jier ontfongen.

Dat onder Libra kaam, by ier oktoberljocht,
frij dy’t simmers yn besletten wetter swom:
riisde Kupris ienris kein út it strielend skom,
sy is as blauwe gnoom befrijd út bluodrich focht.

Mar waard in goadinne lyk yn lea en wêzen,
in tsjoenster, dy’t mei har griene hekseëagen
jin laitsjende te twingen wist en te belêzen.

It eskeleaf ferblet. Oktobersinne
strielt wetterklear yn fine, wite reagen,
sinkend nei flinten dy’t har grêfstee binne.

Syn mem stamde út in âld laach fan Frânse Hugenoaten dy’t yn it midden fan de 17e-ieu nei de Nederlannen emigrearren fanwege de ferfolgingen yn katolyk Frankryk. Yn de Europese oriïntaasje fan Jan Wybenga syn wurk kin syn famyljeskiednis in rol spile hawwe. Biografysk ûndersyk soe dat útwize kinne.

Pake Jacobus Martinus Becude wie yn 1877 smid, yn 1903 masinist en yn 1915 opsichter-masinist by de spoarwegen. Hy troude op 26 july 1877 yn Almelo mei Anna Landhuis. Ik koe trije bern fine: Hendrika (ca. 1878), Johan George (ca. 1882) en Jacoba (1891). Jacobus M. is 79 jier wurden.

Hy wie de jongste soan fan Johan Georg Becude (1815-1883) fan Tilburg en Hendrikje Wesseling (1824-?) fan Ommen. Se trouden op 8 juny 1848 yn Hardenberg, dêr’t Johan Georg op dat stuit belêstingkommies wie. Yn 1894 waard er ‘amtner’ neamd. By syn dea yn 1883 ‘kommies mei pinsjoen’.

Johan Georg Becude wie in soan fan Jacobus Martinus Becude (1759-1826) út syn earste houlik. Jacobus troude twa kear: a) mei Maria Petronelle Heeffer [ek: Huffer], mei wa’t er seis bern krige, en b) mei Henderina Geertruida Buddingh, mei wa’t er alve bern krige. By libben wie er ‘Commies bij de In- en Uitgaande Rechten te Winterswijk’. Hy ferstoar op 6 desimber 1826 yn Epe. Ien fan syn soannen, Petrus Becude, wie doe yn Arnhim goudsmid en juwelier.

Jacobus Martinus Becude wie in soan fan Petrus Becude (1698-1778), berne te Moergestel by Tilburch. Syn frou wie Wilhelmina Hendrina van Kelckhoven (1718-1807). It stel hie fjouwer bern. Petrus Becude wie ‘drossaart’ yn Moergestel. Wy sjogge him in pear kear as sadanich optreden.

Yn 1729 wol de stêd tsjin him in proses begjinne. Yn 1730 is er lykwols noch altyd ‘drossaart’ en behannelet er in erfeniskwesty yn syn eigen famylje. Letter dat jier krijt er folmacht fan de prokureur “daar hij deze morgen naar Holland vertrekt”. Yn 1733 is der wat slimmers oan de hân. J.N. Leget, ‘Het tragische levenseinde van Adriaan Jan Somers’ (yn: DBL-26, 1977) sitearret út stikken:

Op 21.12.1733 wordt de drossaart Petrus Becude gewaarschuwd, dat Adriaan Somers zich binnen de vrijheid van Moergestel ophield en 'veele baldadigheeden pleeghde'. Daarom begeeft hij zich met de vorster en twee schepenen des avonds tussen 9 en 10 uren naar het huis waar de weduwe van Jan van Eten woont, om Adriaan Somers te arresteren. De vogel was echter gevlogen. Adriaan werd nog op dezelfde dag aangehouden ten huize van Barent Jan Bucken, waarna hij overgebracht wordt naar het huis van Norbert Baten, een der schepenen. De volgende dag, worden de rotmeesters bijeengeroepen om een order tot inbewaringstelling uit te schrijven.” Syn holle sil ôfhakt wurde.

En noch op 1 juny 1755 is Petrus Becude yn funksje. Op dy dei daacht er immen foar it gerjocht (J.N. Leget, ‘Een familie Van der Pol’, yn: DBL-28, 1979).

Dizze Petrus Becude wie (nei alle gedachten) in soan fan Frans [Francis] Peters Becude (1659-?) fan Zundert. Frans troude op 21 novimber 1694 te Breda op 35-jierrige leeftyd mei de ûngefear 34-jierrige Anna Maria Wijnexbergen. Anne wenne te Breda en is doopt om 1660 hinne.

Frans Peters Becude wie in soan fan Petrus Becude (1621-1690), predikant te Zundert. Hy troude foar 1657, doe net âlder as 37 jier, mei Elisabeth van Driel (ca. 1620-1703) út Steenbergen. Sy waard sa likernôch 83 jier.

Petrus Becude wie in soan fan Francois Becude (1592, Calais – st. nei 1665), predikant te Marck, in doarp by Calais. Hy hie yn 1620 teology studearre yn Sedan. Yn 1622, 1636 en 1640 reizgen hy en syn húshâlding It Kanaal oer om foar de protestanteferfolgingen yn Frankryk beskûl te sykjen by de London-Dutch Church yn Austin Friars, Londen. It argyf fan dy tsjerke: “After the peace of 1648 he requested to serve in Holland, and was placed, in 1649, at Old en Nieuw Gestel”. Hy wie troud mei Jacquemine Verbrugghe fan Calais.

Syn heit hjitte ek Francois en wie ek predikant. Hy waard berne foar 1578 en stoar nei 1641. In oersjoch (site) fan hugenoaten meldt: “Pasteur à Marck (1598-1641)”.

De achternamme ‘Becude’ is neffens it Meertens Ynstitút in ôflieding fan de fûgelnamme ‘becue’ (Aldfrânsk) en ‘becuwe’ (Westflaamsk) en betsjut dan ‘snip’. Sjoch ek de ferwizing dêrnei yn de twadde rigel fan Wybenga's fers 'Ieuwikselbern'! Yn Frânske folkloare treft men de namme ek oan foar in reus mei ien each en in baargenoas, dy’t ek as in groep tefoarskyn komme kin en op kristenen jeit. Yn in fertelling fan Léopold Dardy is ‘la bécude’ de meunsterachtige dochter fan de boaze styfmem fan de heldinne. It motyf is in ferarbeiding fan it Polyphemus-tema út de klassyk-Gryske mytology.

zondag 1 januari 2012

F.L.e.S.


F.L.e.S. foar elkmis dy’t my ta syn freon of fijân rekkenet yn 2012, it jier dat de Maya’s de folsleine kladderadatsj yn de Fryske literatuer ferwachtsje, wat dus grif útkomme sil. Underskreaune hat it bliid boadskip dat er hjoed om 01.30 oere te Zaandam de lêste hân lein hat oan de earste ferzy fan syn ynlieding by de dus noch te ferskinen Samle fersen fan Jan Wybenga, fjoerwurk en knallerij en krûtdampen oeral, op itselde stuit dat it skoandere plan yn him delgie om in apart essee te skriuwen, mar leafst, net oer Startrek of brânoffers foar goaden tichtby of fierôf, mar oer de hear W. yn de stêd B., ’42-’45. Fierder gjin nijs, myn trouwe feartfiskleafsten. De kop derfoar.