Juster, 1 desimber, de lêste hân lein oan myn sechsde dichtbondel, dy’t takom jier twatalich as Ravensulver / Ravenzilver de wrâld yn sil – mar hoe en wat en wêr? Krige fan in goede freon, dy’t noch nei de oersettingen sjocht, in tige by tige berjocht oer de 22 gedichten. Ien lang yntrofers en dêrnei sân ôfdielingen fan hieltyd trije fersen.
Mar oan wa moat ik dat nifelwurk fan wolkeflarden jaan?
Bornmeer lûkt him werom út de Fryske literatuer. De FPB sit der ek net op te wachtsjen. De Afûk en Elikser en Hispel wol ik net hinne. Venus en de KU binne der net mear. En ik ferrek it te beteljen foar de útjefte fan myn eigen wurk. No mar hoopje dat de Contrabas yn Utert entûsjast is.
Mear nijs: ik sil in lêzing fan in healoere hâlde op it Krystkongres fan de Fryske studinten yn Frjentsjer, 28 desimber. Joop Mulder fan Oerol en Aukje de Vries fan de VVD sille ek wat sizze. It ûnderwerp is it belang fan kultuer…
En nóch mear nijs: ik bin dizzer dagen nochal dwaande it fersewurk fan Jan Wybenga te bestudearjen. Dat sil útdraaie op in ynlieding by de samle fersen fan Wybenga, dy't yn 'e maityd publisearre wurde sille troch Frysk & Frij.
No as de bliksem nei Zaandam foar de Sinteklaas. It folgjende berjocht fan de feartfisk sil dus ta jo komme út, it is net oars, Hollân.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten