Der binne minsken, it is wier, dy leauwe hielendal net dat it der de-plo-ra-bel foarstiet mei de Frysktalige kultuer, mear yn it bysûnder, mei de Fryske literatuer.
Of se wólle it net leauwe. Yn Ljouwert rinne in protte minsken om dy’t in aardige bûssint fertsjinje oan it Frysk, dat wol sizze, oan de taal. Sjoch mar wat der allegear yn tsjinst is fan Tresoar, de Afûk en de Fryske Akademy. En dêr wurdt grif hurd wurke. Kursussen, Tomkes, Heit-en-Memkes, Mercator, wurdboeken, de ein is der fan wei. De taal, jawis, dy is belangryk. Mar de literatuer likegoed. In taal dy’t syn literatuer fersleaukje lit, giet dûbel sa hurd down the drain.
En dat is presys wat te uzes oan de gong is. Wa, midsmank al it folk op de ynstituten, hâldt him, fetsoenlik betelle en 40 oeren yn ’e wike, dwaande mei de Fryske literatuer? It goede antwurd is: net ien.
Dan krije jo dus it folgjende. In foarbyld. Miskien ha jo wolris fan Jan Wybenga (1917-1994) heard. Koart troch de bocht formulearre wie dat de belangrykste Fryske dichter fan nei 1945. Hat acht bondeltsjes poëzij publisearre fan sok heech nivo, dat “it folk” deroan foarby gie mar de kenners wisten wol better: sa’n dichter komt yn it Frysk net sa faak foarby. No is it al skrinend dat der oer it oeuvre fan dizze dichter net ien (niet één) goed, wiidweidich stik skreaun is. Yn al dy jierren net. Der binne allinnich krantestikjes en in pear ympresjonistyske oansetsjes yn de tydskriften Hjir en Trotwaer.
Fierder is it sa dat der fan Jan Wybenga noch in weareld oan poëzij bestiet dy’t noch altyd (nog altijd) wachtet om ûntdutsen te wurden, sawol Frysk- as Nederlânstalige poëzij. Dy gedichten berêste by Tresoar en binne al jierren op te freegjen. It feit dat der gjin publikaasjes oer te finen binne, slimmer noch, dat dizze poëzij noait nergens mar neamd is, dêr kin ik persoanlik in ferskriklik min sin fan krije. Wierskynlik soe Wybenga sels mar wat glimkje en tinke, ja jonge, mar ik ha it dochs al sein, der bestiet ommers hielendal net soks as in Fryske literatuer. Der bestiet allinnich mar wat pielderij.
Utjouwerij Frysk en Frij is fan doel en jou takom jier de samle fersen fan Jan Wybenga út, lykwols sûnder de nét yn bondels opnommen gedichten. De ynlieding bin ik de lêste tiid mei dwaande. Dêrom wit ik no ál hoefolle prachtige fersen fan him noch ûntdutsen wurde moatte. Sûnder twifel it topstik út dy samling, dat yn alle blomlêzingen fan Fryske poëzij stien hie, as it ea publisearre west hie, is it hjir folgjende, titelleaze fers dêr’t de kearn fan nei alle gedachten datearret út de lette jierren fyftich, de perioade tusken Amoeben (1954) en Barakkekamp (1962). Rikere lyryk ha ik yn it Frysk noch net lêzen. It telt twa ôfdielingen mei yn totaal 12 fersen. Undúdlik is, oft it wol ôf is.
*
I.
1
As de stêd op âlde printen
lei oan de baai har blier
bestean foar de berch syn trinten
rikjen, bêde yn it bochtich strân
syn rôze skulpen en swart wier.
Ungelike moaier as it heech
wrantlich keinwêzen mei ferstân
omfieme har skrutelens it leech.
2
As de wyn it skampen oer raaien
en hoedene rêst yn 'e lisk,
ear’t er de tsjilkblêden skiedt,
wurdt it each it taastend aaien
net sêd, dat har ealens begiet.
In sater syn skeinende klau
op de amjende hûd fan in pjisk -:
in sigen skriuwt rimpels yn ’t blau.
3
De ljurk mei wisse slach
kliuwt út 'e deadlike dau,
oargelet fûl yn it blau
triomf oer beklomme beklach.
Mar ’t sike moark fan 'e nacht
gêst djip yn 'e beam fan syn liet
dy’t yn heechmoedige pracht
oer skrouske fjilden stiet.
4
Frije fûgel, mar fersein
oan de hoalen fan de nacht,
dy’t, de wjukken wurchslein,
’t oerjout, sûnder toan en klacht
en yn myn hân ferblet.
Ferslein tsjin hoopjen yn,
en knevele mei it keat
fan nacht en tsjustere wyn.
5
Profeten sjen, grut stride, stjerre.-
Mar op 'e rostra fan de tiid
wat skurve roppers yn 'e skuorde rok
fan eigenbaat. En klear koe men hearre,
hja hiene raashier op ’e tosken.
Hiene hja krêft noch piid,
wol eigenwaan, gjin kerl of stôk
bern boartsjende mei poasken.
6
Auguren binne like goede
soannen, manlju as all’ oaren.
Doch jout har de ivich froede
winsk nei sin-jaan gjin bekoar en
wurdt it heech augurium
stom-dompige ferbjustering
as blynseach it consortium
de glâns bestoarret fan de lustring.
7
Sitst de fûgelflecht te skôgjen,
skerp, heech yn ’t ornithoskopium –
de teleks rattlet, slaven tôgje
dy skriften oan om fuort te pielen –
dan, as in wyld skosto opium
op 'e skerpe ich fan it lot:
do tinkst te witten, te fielen,
mar do dreamst de dreamen wer fan God.
8
Foar dyn wite moarmerstoepe
wurdt in âld man, dy besibbe,
fusilleard, de kûgels glûpe
as wisse dieven nei syn libben.
De sinne dwêst. Oan skurve triedden
sakket it nachtskerm oer de strjitten
elk wenplak is tenei ferlitten
de skeamele harders bin tin siedde.
II.
1
Glimkje net, myn fûgelskôger.
Hear, it wurd krijt op myn tonge
as fan âlds de klank fan sjongen
en it liet spant wer in bôge
oer de delten fan myn lûd.
Ut de skerte fan de taal
krûpt myn wêzen yn de hûd
fan in moarntiidsnij ferhaal.
2
Sil jûn yn dit hûs de liere
klinke as foar ieuwen yn 'e moarn,
by de geunst fan ’t golle, iere
ljocht. Sil dy langferspijde toan
ek wer oan ús gastmiel klinke
ferrûzje yn ’t stjerljocht park,
of ha dy’t jûne mei ús drinke
gjin ear mear foar sok suver ark.
3
Húnje frij de brike paden
fan it liet, dy’t dwilich, boartlik,
ring ferfalle oan 't tsjuster wâld.
Beam mei fûle frucht beladen,
Skerte, dy’t gefaar ynhâldt –
sprek mar op, dochs nea, hoe koart ek,
wurdst my oermânsk: nimmen slacht
de delslach fan dyn skôgjen acht.
4
Foar fammen hiesto gjin wurd
fan 'e hear. Woest inkeld de kâns
fan it net, de ponge en it swurd.
Do seachst by myn freegjen lâns
yn 't readtúchde skip, it board
mei skylden beset, foersto út
tsjinnest in kening, longrich op bút
hellest priis út fjoer, jiske, moard.
Jan Wybenga siet goed yn de literatuer - sawol de Fryske, de Nederlânske (hy studearre Ned. Mo-A en -B) as de bûtenlânske. Yn syn poëzybesprekken kinst sjen hoe't er syn belêzenheid brûkte om kommentaar te jaan. Dy eleminten fan erudysje kamen werom yn syn eigen gedichten.
BeantwoordenVerwijderenIk heuch my syn krityk op myn bondel 'geeffike pears gers' dy't moai aardich assosjatyf en soms surrealistysk is. Hy koe it pleatse.
Syn primêr wurk hat te krijen mei syn sekundêr wurk - hy wie heel breed.
Ha Josse, ja, de brede belêzenens fan W. is opfallend, sa't it út syn wurk sprekt. Wat ik sels prachtich fyn, is hoe't er syn persoanlike tema's ferbynt mei de taal fan foargongers, en likegoed al eksperimintearjendewei in eigen lûd fynt. Al dy erudysje makket it oars al knap lêstich om syn gedichten benei te kommen.
BeantwoordenVerwijderenGoeie Abe,
BeantwoordenVerwijderenJan Wybenga is it wurdich en krij in adekwate ynlieding op syn wurk. Faaks hat syn famylje noch materiaal, en oars is dêre google om achtergrûnen te finen. Hy hat my wol ferteld dat er deiboeken byhâlde. Ik haw Frysk fan him hân op de kweekskoalle, en dan praten we wol nei ôfrin fan de lessen. Oer...Nederlânske literatuer.
Syn kennis fan de Nederlânske literatuer wie doe al grut, letter waard er learaar Nederlânsk op de kweek yn Grins. Op Koartehimmen mei de skriuwerswykeinen hâlde er soms prachtige referaten oer literatuer, oer poëzy. Hy stie wat bûten quatrebras mei har eksperiminten, hy hie syn eigen eksperiminten.
Wat Wadman op proaza- en essaygebiet wie, wie Wybenga op it mêd fan de poëzy. Se tochten beide yn literatuer, en skreauden tafallich yn it Frysk. Ik ha letter wol tocht dat se Europeesk tochten - breed en net provinsjalistysk. Wadman syn kritiken yn de LC en Wybenga syn poëzybesprekken, ek yn de LC, binne noch aktueel, omdat se net anekdoatysk binne.