[diskusjestik op www.fryslan2018.eu]
Ljouwert, as haadstêd fan Fryslân, wol Europeeske Haadstêd fan Kultuer yn 2018 wurde. De stêd yn syn regionale kontekst stiet oan it begjin fan in lange en spannende reis, dy’t fan singeliere betsjutting wêze kin foar de takomst. It draait om folle méar as kultuer allinne. De ynset is neat minder as in folsleine selsfernijing.
DIT IS WAT WY WOLLE!
Wêr giet Ljouwert / Fryslân 2018 oer?
Europeeske Haadstêd fan Kultuer wurde wolle, wat betsjut dat? Foar ús betsjut it: fol kréative enerzjy en entûsjasme nocht hawwe oan de takomst.
Nocht oan de ûntwikkeling fan Ljouwert, mar ek fan de hiele provinsje Fryslân. Wy wolle út ein sette mei dat aventoer. Fan Ljouwert in oanjeier meitsje op allerhanne mêd: it stimulearjen fan de wurkgelegenheid, it útbouwen fan de kennisekonomy, mar ek it op ’e nij ûntdekken en opfrissen fan de Fryske identiteit, taal en kultuer yn in Europeeske kontekst. Bouwe oan in stêd, in prachtige stêd, dy’t ekonomysk, maatskiplik en kultureel de haadstêd wêze kin fan in grutsk Fryslân.
It is in ambysje dêr’t wy nó mei begjinne moatte. Gjin synisme, blinder. Optimisme! We ha in spannende reis foar ús. Der is konkurrinsje. We dogge om sa mar te sizzen mei oan de Kulturele Olympyske Spelen fan Europa. En jo wurde wier gjin Kulturele Haadstêd troch in festivaltsje hjir en in sympoasiumke dêr te organisearjen. Jo wurde Kulturele Haadstêd as jo in fizy hawwe op jo stêd, jo omjouwing en jo bydrage oan it Europeeske debat. In fisioen, in ideaal. In idee oer hoe’t it wêze kinne soe.
In dream
It Europeeske programma fan Kulturele Haadstêden is neat oars as in poadium dêr’t men lokale en regionale fraachstikken yn in Europeeske kontekst op pleatse kin. De bedoeling is om yn in proses fan artistike yntervinsjes de maatskippij sawol kultureel as sosjaal en ekonomysk te reitsjen. Om werklike feroarings op gong te krijen, dy’t wurkje oer in langere perioade. Je wurde Kulturele Haadstêd as jo in perspektyf hawwe dat net ophâldt yn 2018, mar noch jierren dêrnei trochwurket.
En ast in boadskip hast oan Europa. Wy wolle Ljouwert en Fryslân yn in moderne, ynternasjonale kontekst sjen. Ut de woarteling yn de eigen regio wei sykje nei partners, foarbylden en gelikensen oer de grinzen. Fryslân is ít skoalfoarbyld yn Europa fan in regio dy’t wrakselet mei syn ûntwikkeling. In gebiet boppedat dêr’t in minderheidskultuer altyd in grutte, mar yn moderne tiden hieltyd minder fielbere bydrage oan levere hat. In gebiet dat in ‘new vision of the future’ nedich hat.
Ja, miskien is dat in dream. In dream fan in jongere generaasje Friezen, dy’t net hingjen bliuwe wolle yn nostalgy. De dream fan in ‘glokale’ netwurk-generaasje, dy’t lokaal libbet en globaal tinkt. Dy’t grutsk is op Fryslân, mar ek oertsjûge is fan de needsaak en jou in ympuls. Sadat Ljouwert en Fryslân ek de kommende desennia libbensfetbere, autentike en orizjinele grutheden bliuwe, mei genôch ‘human capital’.
In kultuer op reis
Wy leauwe dat Kulturele Haadstêd 2018 it begjin wêze kin fan in nij selsbetrouwen en bewustwêzen yn dizze provinsje. Wy wolle in ûntjouwing op gong bringe fan kwetsberens nei selsredsumens, of, sa’t Ljouwert it neamt, ‘samenredzaamheid’. Tinke en dwaan út eigen krêft wei. De eigen kearnwearden op ’e nij tsjin it ljocht hâlde: dat is it Fryske antwurd. Komplementêr wêze oan wat ergens oars bart. Ofrekkenje mei it te min oan assertiviteit, oan ambysje dat hjir omwaret. Net langer de ferantwurdlikheid ôfskowe op de grize hierren. De hannen út ’e mouwen, foar eigen rekkening en risiko.
De ûntwikkeling fan mentale mienskippen yn Europa smyt kânsen op foar in nije definysje fan Ljouwert as stêd. Nammentlik as haadstêd fan in minderheidstalige regio. Einlings krijt de Fryske minderheid syn haadstêd: Ljouwert. Ljouwert yn syn Fryske kontekst. Ek de Fryske kultuer sil op reis.
As yllustraasje: Ljouwert wol útgroeie ta in innovative Europeeske ‘Capital of Watertechnology’, wylst yn Fryslân in H2O-generaasje opkommen is dy’t in alvestêdefirus troch de ieren giselet. Dy generaasje siket yn Europeesk ferbân om in relevant perspektyf foar himsels en syn bern. In perspektyf dêr’t er mei oplûke kin tegearre mei oare en ferlykbere Europeeske plattelânsgebieten mei harren lytse stêden.
No is de oere oanbrutsen om te begjinnen oan dat spannende nije haadstik. Meidwaan. Om’t wy ús bern in rike, selsfersekerde en selsfernijende kultuer meijaan wolle. Sadat se aansen grutsk en fol selsbetrouwen de wrâld feroverje kinne sille.
WEROM WOLLE WY DAT?
Ferdom it om te fertutearzjen
Twa spoaren lizze iepen. Of Fryslân past himsels noch fierder oan, op foarwearden dy’t ergens oars betocht binne, oant der úteinlik neat oars fan oer is as in ‘copycat’: in kleur-, siel- en willeleaze oerrin fan Rânestêdtinken. Of dizze provinsje doart it oan en syl in eigen koerts, mei Ljouwert oan it roer.
As tsjinwicht tsjin de aloan slûpende lykskeakeling is it saak om in nei bûten en binnen rjochte stratezjy te folgjen op grûn fan eigen krêft en wearden. In koerts rjochte op it ûntwikkeljen fan selsbetrouwen, basearre op eigen talinten. Dan krekt komt yn de provinsje in beweging op gong. Dan krekt tsjinnet him in sterke ekonomyske, sosjale en kulturele dynamyk oan, droegen troch in nije generaasje Friezen, dy’t in takomst op autentisiteit en orizjinaliteit mooglik meitsje wol. Want it giet om folle méar as kultuer allinne. It fisioen fan 2018 is de nó absolút needsaaklike ympuls foar in plattelânsregio dy’t it kategoarysk ferdomt om noch fierder te fertutearzjen.
As wy der net om tinke, komme we noait wer ôf fan de predikaten “redusearre wingewest”, “perifeare leverânsier fan iten foar de Rânestêd” en “oanbieder fan neo-pittoresk ruraal wengeniet foar de urbane grize weach”. In kultuer hat allinnich takomst as er him fan binnenút fernije doart. En himsels doart bleat te stellen oan ynfloeden fan bûten.
Fryslân en Ljouwert, as spin yn it Fryske reach, bliuwe hieltyd mar wer heakjen yn krimp op de sompige knipklaai, sa liket it bytiden. It is in achterstânsrefleks dy’t ús derfan ôfhâldt en set koerts op ús eigen kearnwearden. Foar’t wy it witte, is dizze prachtige, nuvere en noch altyd woest heimsinnich-oantreklike provinsje ék fermealle yn de suburbane ienheidswoarst dy’t al op safolle plakken yn Europa taret wurdt.
Mar sa hoecht it net gean. Krekt Ljouwert, dat as Fryske haadstêd in wjerspegeling is fan de provinsje, kin en moat dy stap sette. ‘To rethink the city’. As kennissintrum (University Campus Fryslân, wettertechnology, duorsume enerzjy), as tinktenk oer minderheidstalen (Fryske Akademy, Mercator, Tresoar, ‘Lân fan Taal’, Afûk). En as paadwizer fan in alternative mentale rûte foar alle meartalige plattelânsgebieten yn Europa dy’t tsjin deselde problemen oanrinne. Krekt Ljouwert kin it ferskil útmeitsje.
Dêrby is de stêd net los te tinken fan syn regio. Ljouwert en Fryslân binnne sosjaal-ekonomysk sjoen kommunisearende fetten: as it op it plattelân dript, reint it yn de stêd en oarsom. De oanwêzigens fan in grutte, fitale en oantreklike stêd is fan grut belang foar de Fryske ekonomy en kultuer. En oarsom is dat ek sa: Ljouwert hat belang by in krêftich en prachtich plattelân, dêr’t it wenjen goed is, ynrjochte op grûn fan it prinsipe dat stêd en lânskip, mienskip en gebiet, inoar fersterkje moatte en inoar allinnich konkurrinsje oandwaan moatte as it konstruktyf is.
It is in beslút. Nocht oan de takomst hawwe. Wat nedich is, no, binne selsbetrouwen en selsrespekt. Yn ús eigenheid leauwe. Dy doarre bleat te stellen. Dêr giet Ljouwert / Fryslân 2018 oer.
DIT IS DE UTDAGING!
Wurkje oan in ynspirearjende ‘minority metropolis’
Ieuwenlang waard ús regio behearske troch de striid tsjin it wetter, in striid dy’t gearwurking tusken de ûnderskate mienskippen brocht hat. Dêr ken men ús yn it bûtenlân fan. In striid dy’t ek rykdom brocht. Allinnich sa – en fansels mei help fan bûtenôf – koe in ûnopfallende stripe klaailân feroare wurde yn de rêchbonke fan de lânbou yn Nederlân. Nettsjinsteande taalferskillen, religieuze ûnderskieden, karakteristike eigenwizens en kulturele apartichheden koene de bewenners fan dizze wiete lannen inoar blynseach fine yn (meastentiids) lytsskalige foarmen fan gearhing.
It mienskipsgefoel, de eigen taal, selsredsumens en de krêft fan it lytse tinken hawwe de identiteit fan de bewenners mei foarme. Dy fiele noch altyd dat se ûnderdiel binne fan de Fryske mytology en dêr binne se grutsk op, ek as se krityk hawwe op de skaadsiden fan sa’n mienskip. Noch altyd hat it yndividualisme hjir minder der yn omreage as yn in protte oare gebieten yn Europa, mar ek de mentaliteit fan de tsjin-de-stream-yn-roeier is oant de dei fan hjoed in belangryk elemint yn de Fryske kultuer.
Dy Fryske kultuer stiet lykwols de lêste desennia aloan ûnder grutte druk. De ‘glokalisaasje’ (it libjen yn sawol in globale as lokale wrâld) freget om in konfrontaasje mei de eigen identiteit. Ek de feroarings yn de lânbou (en de relatearre yndustry) binne in grutte útdaging foar de befolking fan Fryslân: se binne in oprop ta mentaliteitsferoaring en strukturele transformaasje. In moedige mar ek pragmatyske oanpak is noadich. Ljouwert, de sintrumstêd yn de regio, kin dêr de moter fan wêze.
Ljouwert is it Fryske middelpunt fan ûnderwiis, tsjinsten en fernijingen, primêr rjochte op de ûntwikkeling fan oan wetter relatearre technology en kennis oer lânboutransformaasje en minderheidstalen. Dit feit wurdt ta utering brocht yn kulturele aktiviteiten dy’t in skala fan útinoar rinnende perspektiven en belangen omfetsje en dy’t it yn har hawwe om in nije gefoel fan optimisme yn Fryslân te fieden.
Wetter is de brânje fan dizze fernijing. De stêd praat wettertaal. As senuwknooppunt fan Europeeske wettertechnology sil Ljouwert yn kontakt komme mei mear as 150 bedriuwen en 20 universiteiten en kennisynstellingen út binnen- en bûtenlân. Dat bringt grutte ynvestearringen en nije wurkgelegenheid mei him mei. Wetter as kultuerdrager, as ynfrastruktuer, as boarne fan ynspiraasje: oanjeier fan ynnovaasje.
Sa kin in lytse stêd op it urbanisearre plattelân fan Europa in opwinende fariaasje oan kulturele, ekonomyske, sosjale en edukative aktiviteiten sjen litte. Aktiviteiten boppedat, dy’t de basis wêze kinne foar de takomstige ûntjouwing fan in protte oare, lyksoartige regio’s yn Europa dy’t yn har eigen krêft doare te leauwen. Friezen jouwe net allinnich binnen de eigen provinsjegrinzen foarm oan har mienskipstinken, se sykje ek dêrbûten nei mienskip.
Ljouwert / Fryslân wurdt in ynspirearjende, ûnkonvinsjonele, eigenwize ‘minority metropolis’: de Europeeske Haadstêd fan Kultuer yn 2018.
HOE SILLE WY IT OANPAKKE?
Wy litte jonge Friezen it bidbook meitsje
Do bist Fries ast dy Fries fielst, ast dy belutsen fielst by dizze regio, de minsken dy’t der wenje en it lânskip dêr’t se yn wenje. Mentale Friezen, los fan har komôf, binne minsken dy’t har thúsfiele by dêr’t Fryslân foar stiet. Wy ha dy belutsenens by identiteit, in Europeesk tema. Wy wurkje op basis fan in dield gefoel fan urginsje. Wy sjogge ek it belang fan partisipaasje. Dêrom freegje wy oan de Friezen om mei ús mei te tinken oer de fraach hoe’t wy de útferkiezing ta Kulturele Haadstêd 2018 winne sille. En we hawwe, tinke wy, in goed útstel.
Trouwens: jin thúsfiele yn Fryslân bliuwt net beheind ta de Friezen dy’t hjir wenje en de ‘Friezen om utens’, de emigrearre Friezen. Wol is ús fokus rjochte op it gebiet yn in striel fan sa’n 300 kilometer om Fryslân / Ljouwert hinne, om’t wy ferwachtsje meie dat sa’n 2 oant 5 miljoen besikers fan en dielnimmers oan it Kulturele Haadstêd-programma út dy regio komme sille. Ek dy’t net fysyk yn Fryslân is, kin meidwaan. Dat is nij.
Strategyske spearpunten
De urginsje fan Ljouwert / Fryslân 2018 freget om in antwurd mei in ynhâldlik perspektyf fan op syn minst tsien jier. Dus oant fier nei 2018. Wy ha dit perspektyf omwurke ta twa spearpunten.
De earste is de Fryske takomst mei wetter, net allinne in hightech-tema mei ekonomyske, duorsume en Europeeske diminsjes mar ek in ûnderwerp dat oan de Fryske skiednis klibbet. Wetter is fan ynfloed op in breed skala fan aktiviteiten yn de regio om Ljouwert hinne. Fan lânbou oant toerisme, fan technology oant natoer. Wetter rekket ek direkt oan it oare belangrike inisjatyf yn Ljouwert, de University Campus Fryslân.
It twadde is wat wy neame kinne soene de selsredsume Fryske mienskip. Dat is in kultureel en sosjaal-ekonomysk tema, dat net allinnich rekket oan taal, skiednis en lânskip, mar ek oan maatskiplike ûntjouwingen as krimp, ûnderwiis, digitalisearring, fergrizing, wurkleazens en partisipaasje. Yn de kearn giet it hjir om in op ’e nij definiearjen fan de Fryske wearden yn in takomstige Europeeske kontekst.
Tema’s
Dizze twa boppeneamde spearpunten ha we ynearsten ferdield yn in trijetal tematyske gebieten dy’t wy yn it bidbook fierder útwurkje wolle. Dy gebieten ha we earst sa beneamd:
1/ Wetter & Lân
Oer de relaasje wetter en lân. Yn syn brede kontekst. Dat tema hat raakflakken mei wittenskip, enerzjy, toerisme en agribusiness, mar ek mei lânbou, lânskipsbehear en natoerûntwikkeling. Wat wurket hjir goed, wat kin fuortsterke wurde, hoe kinne wy dat dwaan?
2/ Wy & Ik
Oer it nije ik en wy. Oan ’e iene kant oer it libjen en wurkjen yn in globalisearre wrâld en oan ’e oare kant oer de hechting oan in lokale of regionale mienskip. Hoe wurket dy balâns fan yndividualisme, gearhing en ôfhinklikens?
3/ Utfleane & Stolp
Oer mentaliteit. Nimme wy ússels wol serieus? Binne Friezen net fierstente beskieden? Wat is it effekt fan sokke dimmenens kombinearre mei plichtsbesef op ambysje en talint? Of it hingjen bliuwen ûnder in stolp? Wurket Fryslân ferrykjend of ferearmjend? Hoe stekke sokke prosessen yninoar?
Dat binne om sa mar te sizzen de fokuspunten fan de ûnderskate linzen dy’t de koöperaasjelieders brûke as se nei 2018 en fierder sjogge – en as se dêrnei besykje te omskriuwen wat se sjoen hawwe. De acht formulearre ynfalshoeken binne 1) taal, poëzij, meartaligens; 2) wittenskip, kennis, ûnderwiis; 3) arsjitektuer, byldzjende keunst, lânskip; 4) ritme, muzikaliteit; 5) sport; 6) gearwurking, ynterpersoanlike ûntwikkeling; 7) yntrapersoanlike tema’s lykas spiritualiteit; en 8) natoer, biodiversiteit.
Jonge Friezen oan it wurd
Wa binne de kréative gesichten fan Ljouwert / Fryslân 2018? Dat binne de koöperaasjelieders. Talinten, dy’t mei de takomst dwaande binne. Om dizze ‘gesellen’ hinne sammelje har de meitinkers, mar ek grize en wize hierren, de ‘masters’. Om mei advizen te kommen, om ideeën te skerpslypjen.
De koöperaasjelieders hawwe elk har eigen ynhâldlike dissipline en fakgebiet, mar se wurkje mei syn allen en binne mei-inoar ferbûn. Basisprinsipes binne it dielde gefoel fan urginsje, it mei syn allen oanfielen fan it doel, it belang fan partisipaasje fan sawol keunstners as de bewenners fan Ljouwert, in brede blik op kultuer, in bytiden ûnkonvinsjonele mar altyd transparante wurkwize.
Wy wurkje mei in jongere generaasje, dy’t it foartou nimme wol en dy’t siket nei ferrassingen. Sa ûntstiet in heldere, ynhâldlike koerts wat de takomst fan Ljouwert en Fryslân oanbelanget. Sa ûntsteane enerzjike, frisse ideeën, dy’t ek foar oare, ferlykbere gebieten in Europa nijsgjirrich binne. Sa ûntstiet it singeliere ferhaal yn de goai nei de titel Europeeske Haadstêd fan Kultuer 2018. Om de kâns grutter te meitsjen dat wy der yn 2025 in stik better foarstean as yn 2011. Dogge jo mei?
TA BESLUT
Ljouwert / Fryslân Europeeske Haadstêd fan Kultuer 2018 is:
• in alvestêdegefoel dat troch stêd, lân en Europa lûkt;
• in blik op kultuer yn brede sin: fan ‘mienskip’ oant wetter, fan jonge gesellen oant wize masters, fan keatsen oant duorsumens en banen;
• it werûntdekken, opfrissen en fernijen fan de Fryske kultuer, mei Ljouwert as findelswaaier;
• in kâns om de leefbaarheid yn doarpen en stêden te ferbetterjen: berikberens, betelber wenjen, wurkgelegenheid, foarsjennings, fasiliteiten;
• nedich om te soargjen dat wy der yn 2025 better foarsteane as yn 2011;
• behâld fan de Fryske identiteit ûnder it Europeeske fergrutglês;
• stuolle op kréative enerzjy, grutskens, entûsjasme en nocht hawwe oan de takomst;
• dé kâns foar Ljouwert ‘to rethink the city’, nó en net pas jierren letter;
• it begjin fan in stadige, mar konsistinte, in oanrikte mar autentike, in radikale mar koherinte, feroaring oer in langere tiid; de Fryske kultuer in nije haadstêd jaan.
Wie tekene: Koöperaasje 2018
Jaap Bijma, Bastiaan Blaauw, Jacco de Boer, Sjoerd Bootsma, Harmen van der Hoek, Nynke-Rixt Jukema, Martin Kuipers, Tim Laning, André Looijenga, Sytze Pruiksma, Abe de Vries, Wini Weidenaar e.o.
Hulde, hulde!
BeantwoordenVerwijderenBats deryn en set troch! Mobilisear nó elkenien, no't de sfear bepaald wurdt. Freegje alles en elkenien yn de kreative en innovative sektoren om mei te dwaan en op syn minst adhesy kenber te meitsjen.
dut is 'n stik dêr't de dúdlikens fanôf spat.
BeantwoordenVerwijderenTeugenstanders motte dinkt my nou wel met 'n goed ferhaal komme wêrom at se HL 2018 nag hyltied niet sitten sien. Kom op minsen! Allegaar de skouders d'r ônder!!!
(en al hewwe wij (as) Bildtkers dan ok 'n aigen taal: wij hore OK bij Frieslând. No sa!)